Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Wylde lantearnen woarden hjir yn 'e Harkema faek sjoen. Dat wienen de foarboaden fan 'e lettere fytsen en auto's, wurdt der gauris sein.
Us mem en dy ha in berntsje forlern, dat is forbrând. 't Wie op in tongersdei-to-joun. De wyks fan tofoaren kom heit op in joun thús. Doe tocht er: hwat hjir is to dwaen, wyt ik net.
't Wienen allegearre minsken en fytsen. - Mar der wie neat.
In wike letter hiene jy deselde sitewaesje. Mar doe wie 't echt. Heit sei: Ik wist hwat der gebeure soe.
Der wie in jonge dy makke in fytstocht troch Nederlân. Sa kaem er yn Limburch, mar dêr koed er op in joun gjin plak mear krije yn in hotel. Doe kaem er by de nonnen. Hy frege of er dêr sliepe koe. Doe sei de moeder-overste, dat koe wol, mar yn 'e nacht om trije ûre moesten alle nonnen neaken op it appèl stean. "Dan mastû fansiden wêze," sei se, "hwant dan...
Harkema
Twa ûnnoazelen rieden togearre op in tandem. Ûnderweis krigen se hevige rúzje. Dy't achter siet sei tsjin 'e foarste: ik wol net langer mei dy fytse. Dat hy sette it achterste stjûr fan 'e tandem op it plak dêr't it achterste sadel siet en it sadel sette er op 't plak dêr't it stjûr siet. Doe gongen se wer sitten en dêr fytsten se wer hinne mei de rêgen...
Myn Pake en mem seagen hjir yn 'e Harkema yndertiid yn 'e Smoarhoeke ljochtsjes oankommen, dy draeiden om 'e hoeke de slingerpaedtsjes del. 't Wienen wylde lantearnen.
Letter rieden de fytsen dêr lâns mei jouns de ljochten op.
Dy lampen fan ' e fytsen ha sy doe fan tofoaren sjoen.
Wy seagen froeger wol gauris wylde lantearnen. Dy ljochten tsjutten op 'e lettere auto- en fytsljochten.
Jan Hepkes wie op syn manier in hiel sterke man. "Ik ha 't mar leafst yn 'e wyn op 'e fyts," placht er to sizzen, "dan ha 'k hwat stevichheit tsjin 't boarst oan." Hy koe ek omrake bêst meane, biwearde er. Op in kear, sei er wie 'k ek oan 't meanen, doe tocht ik: ik mat ek ris harje. Ik sykje en sykje om 't harspit. Hwat wie der gebeurd? Ik hie de kop fan...
Wy ha froeger faek wylde lantearnen sjoen. Dat wienen ljochtsjes bûtendoar. "Sjoch, mem, in wylde lantearne", seinen wy dan. Dy wylde lantearnen, dat wie de tjirmerije fan de fytsen en autoën.
As Jan Hepkes der oan kom, dan bigong de fyts in bytsje to skodzjen. Dêr woe de fyts syn blidens mei bitoane. Jan Hepkes brûkte ek wolris in slokje. Hy moest us in kear swinke by de spoarrails yn Hurdegaryp. Doe kom der krekt in Harley Davids oanriden en dy snapte him. Dy smiet him oer de wereld. Dêr lei Jan. De keardel dy't it die naeide gau út. De...
It gebeurde oan diz kant Ljouwert. Der ried in man op 'e fyts by 't wetter lâns. 't Wie yn 'e winter en der lei iis. Doe hearde de man in stim: De tijd is verschenen, de man is er niet. De man seach om him hinne, mar der wie neat to sjen. Doe kom der yn 'e fierte ien oanriden op redens. Dy man rekke dêr yn in wek en fordronk op it plak, dêr't dy stim...
Wy ha faek fleanende lantearnen oer de heide sjoen. Dat woarden letter de fytsen en de brommers.
Harkema
Us mem seach fier fan to foaren de fytslampen op 'e wei. Mem seach dy ljochtsjes kommen en gean.
Sy wienen samar foarby. Dat wienen letter de fytsen.
Harkema
Froeger seagen se faek ljochten troch de loft fleanen. Doe 't er letter fytsen kamen mei lantearnen der oan, seine de minsken: "Dy ljochten fan froeger is fêst foartsjirmerij west."
Harkema