Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
10 datasets found
Dutch Keywords: fiets Organizations: Meertens Institute Place of Narration: Boelenslaan
Myn dochter krige har earste poppe. Doe krige se buikvliesontsteking. Ik wie deabinaud dat ik har misse moest. Ik gong de Loane del, op 'e fyts. Der siet in great gat yn 'e strjitwei. Dat seach ik net, sa bot wie 'k mei myn gedachten by myn dochter. Ik ried der troch hinne. Ik krige in skok. Doe sei 'k: "Och God, help my nou. Soe myn fanke nou...
Op in kear wie 'k mei myn maet to murdzjen. Wy wienen op 'e weromreis, op 'e Bopperein fan it Wytfean. Wy rieden op 'e fyts de bocht om, even foarby Jonge Jan. Ik hie de binnenbocht en fornom neat. Mar myn maet, dy't de bûtenbocht hie, woarde samar fan 'e wei nom. Hy woarde oan kant set, op 'e harsens yn 'e sleat. Letter doarst er dêr noait wer lâns by...
De wylde lantearnen, dy't wy froeger seagen, dat wienen de foarboaden fan 'e ljochten fan 'e lettere fytsen en auto's.
Wylde lantearnen sweefden oer de lannen. Letter wienen dat de fytsen mei de carbid-lampen.
Sy seinen wol dat de wylde lantearnen de lettere lampen fan auto's en fytsen wienen. Men sjocht se nou noait mear.
Op in kear wie ús heit to jounpraten nei Wipk-moai en Sibrich-moai. Dy wennen oan 'e betonwei, njonken dokter. Heit hie Knjillis-om ek meinom. Doe't it let woarde, sei heit: "Wy matte ek mar us wer nei hûs ta." Doe't heit en Knjillis-om op 'e betonwei stienen, seagen se allebeide de kant nei 't kleaster út. "Hwat komt dêr oan?" sei de iene tsjin 'e oare....
Ik hie forkearing mei in faem yn 'e Harkema. Op in kear kom ik by har wei om in ûre of ien, twa hinne. 't Wie by de Krúswei. Ik soe nei hûs ta. Ik sei tsjin myn faem: "Sjoch, dêr brânt ljocht. Dêr stiet in lantearne. Hwat dat bitsjut, wyt ik net." Ik gong op stap en hja gong yn 'e hûs. Doe't ik tichter by 't ljocht kom, sette ik de fyts yn 'e daem en roan...
Wylde lantearnen wienen hjir froeger in soad. It wienen de foarboaden fan fytsen en bussen.
Doe't de wei troch de Boelensloane noch net forhurde wie, stie myn frou us by myn broer achter op 'e fyts op 'e tré. Har broer fytste der njonken mei myn suster achterop. By de Kobus' Poel, yn 'e buert fan P. Atsma seagen har broer en myn suster ynienen in houn sa great as in keal mei eagen as thépantsjes. "Sjoch ris," seinen se, "sa'n grouwe houn." Mar...
De wylde lantearnen fan froeger, dat wienen letter de fytsen. Wy seagen froeger de wylde lantearnen de sânpaden delstouwen kommen.