Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Myn frou har mem wenne as faem by in boer yn Wjelsryp (dicht bij Franeker). Doe gebeurde it op in kear dat se gjin bûter meitsje koenen. Doe gongen se nei Greate Wopke, de duvelbander ta. Wopke sei: "Jimme matte in tsiis ûnder 'e parse wei krije en dy yn in hantsjettel mei wetter dwaen. As it wetter siedt, dan komt de dieder wol. De faem siet achter de...
Sumar
Alde Piter Kloosterman fan Garyp kom us by heit en dy to jounpraten. Doe fortelde hy, it berntsje fan syn buorlju hie tige siik west. Sy tochten, it bern kin wol ris bitsjoend wêze en doe toarnden se it kessen iepen. Doe kom dêr in krâns út. Doe wienen dy lju by âlde Piter kom, as dy even foar it bern nei de duvelbanner ta woe. Dat koe Piter fansels min...
Sumar
Piter Poes, de bikinde duvelbander fan Sumarreheide hat himsels ophong oan in bjirkebeam.
Sumar
Piter Poes kaem út 'e kusten fan Liphuzen. Dêr wie er wol hwat bikind. Op in kear wie er dêr hinne. Doe't er wer nei Sumarreheide ta soe trof er twa advokaten. Dy soenen út to riden nei Garyp ta. It wienen Lubbert en Olfert. Piter Poes koe se wol. It wienen greate stjonkerts. Se rûpelen it gewoane folk út. It wienen hiele minnen. Piter frege of er mei...
Piter Poes, de duvelbander fan Sumarreheide, hat de beide adfokaten Lubbert en Olfert út 'e Sweach weihelle mei in wein en doe hat er se nei in stik lân brocht by de Krúswetters, dat de namme Advocatelân krige. Dy advokaten spûkje dêr noch altiten om. Mei de klomp makke Piter Poes in sirkel yn 't lân en spriek de ban oer de beide mannen út. Hja koenen...
Sumar
Piter Poes wie in lyts mantsje. Hy wie duvelbanner. Ik ha him net mear kend, mar ik ha faek oer him fortellen heard. Hy wie duvelbander. As der ien bitsjoend wie, waerd Piter Poes der by helle. Sa wie der op in kear yn Burgumerheide in jonge bitsjoend. Dy jonge wie tige siik. Piter Poes waerd ûntbean en dy dêrhinne op 'e hounekarre, dêr't er 2, 3 hounen...
Sumar
Piter Poes wie duvelbander en wenne op Sumarreheide. Op in kear moest er nei in frou ta fanwege tsjoenderij. Hja wienen drok oan 't praten, doe sei de frou: "Ik mat even nei de panne mei sûpenbrij, oars siedt dy oer."
Piter Poes sei: "Wachtsje, 'k sil wol even mei."
Doe stie de brij in hiel ein boppe de panne, en dochs sea se net oer.
Sumar
Tsjoensters koenen har yn katten foroarje. Dan fleagen se by de glêzen op. As se rekke woarden mei in stok dan hie de tsjoenster de oare deis plakken oan har. Om 'e safolle jier moest de tsjoenster ien deatsjoene, oars gong se sels dea. Wie der in krâns yn 't kessen dan reizgen se nei greate Wopke ta. Dan krigen se in drank mei. Underweis sprong der hwat...
Sumar
Iemke de Jong hat Tseard van Dekken us stean litten op Hamster merke. Tseard wie in raren. Hy is wol us smiten woarn troch de kweade.
I. De duivel 1. Zijn U verhalen bekend over mensen, die de duivel gezien hebben of omgang met hem hebben gehad (met hem gedanst hebben, met hem kaart hebben gespeeld), of kent U andere verhalen, waarin de duivel een rol speelt? Gelieve elk verhaal te noteren op een afzonderlijk blad papier en in elk verhaal duidelijk aan te duiden hoe de duivel...
De Abbekaten 'It Abbekatelân leit by de Spoeketsiene. Wy koenen it lân oars net as De Abbekaten. Yndertiid binne der twa abbekaten fan Olterterp, Beetstersweach helle. Lubbert hiet de iene, dat sei ús mem altyd. Lubbert en Olfert hjitten se. Dy twa abbekaten spoeken nci har dea dêr by Olterterp om en de minsken hienen der tige lêst fan, foaral yn 'e...
Fan tsjoenderij kin ik net folle fortelle. Hjir moatte foarhinne wol tsjoensters west ha. As de minsken der lêst fan hienen, gongen sy nei P.P. ta. Dy joech dan bygelyks to rieden: Liz hwat duveldrek ûnder de drompel. Dan komt der gjin tsjoenster yn 'e hûs.
Myn wiif komt fan Quatrebras, oan 'e Grinzer Strjitwei. Flak by har wie in winkeltsje. Dat wie fan in pear âlde minsken. Dy koenen ek tsjoene. Myn wiif wie in faem fan njoggentjen jier. Sy kaem ek wol yn dat winkeltsje. Dan hienen hja jouns altyd in pear katten om 'e hûs. Se fleagen tsjin de doaren op. Doe is it fanke har heit nei Gr. Wopke, in...
Sumar
Op 'e Tike wie in jonge bitsjoend. Se hellen Piter Poes der by. Dy makke mei de lodde in goatsje om it strjitsje hinne by de foardoar. Doe die er dêr hwat yn 'e groun, dat er mei modder bistoppe.
Piter Poes wie de duvelbander fan Sumarreheide. As jonges rôpen wy him achternei: Piter Poes mei de hannen yn 'e boes, it himd op 'e teannen, dêr komt Piter Poes oanfleanen. Ik wie us mei in stik of hwat oare jonges op 'e Pasterijelânnen yn Sumarreheide. Ien fan myn maten sei sa: "Men sjocht Piter Poes tsjintwurdich noait." Hy hie 't net sein, of dêr stie...
