Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Tsjoensters wienen hjir fansels yn Aldegea froeger ek. Mar ik ha der noait net safolle praet oer heard. As der in bern bitsjoend wie, gongen se nei de duvelbanner. Dat wie Piter Poes fan Sumarreheide. Dy joech dan ried. De kessens waerden iepenmakke en dêr kamen krânsen út, dy't dan forbrând wurde moesten.
Oudega
It Rammelân leit oan 'e súdkant fan 't Krúswetter. Dy namme is sa ûntstien: Der wienen twa spoeken yn Olterterp of de Sweach, dat hienen by har libben advokaten west. De duvelbander Piter Poes hat se dêr wei helle op in wein. Mar it ried o sa swier, hwant dy beide advokaten sprongen fan 'e wein en hâldden him tsjin. Sy hâldden de speaken fan 'e fjilden...
Oudega
Antsje duvelbanster, dy't al earder neamd is (yn B25-24) wenne to Warten.
Oudega
Us mem hat foar har trouwen by in boer wenne, dêr't de keallen altyd dea gongen. Doe gong dy boer nei Antsje Duvelbander ta. Dy frege him of der ek jonges by him yn 'e hûs wienen. "Ja," sei de boer, "wol trije." "Dan matte dy jonges mar us in joun of hwat oppasse. Hwant der sil in dikke kat foar de koegleskes lâns rinne. Dy kat matte se de poaten brekke....
By Oetse en Rins woe it net tsjernje. Se koenen gjin bûter meitsje, de saek wie bitsjoend. Doe gongen se nei Piter Poes ta, de duvelbander fan Sumarreheide. Jan, de feint tocht: "dêr wol 'k by wêze. Ik wol sjen, hwat er docht." Mar op 't lêst fleach er fan klearebare binaudens yn 'e hûs, hwant de koeglêzen wienen der samar fansels útspat.
Oudega
Hjir waerden wol mear as ien fortocht fan tsjoenderij.
It barde wol, dat in tsjerne net woe. Dan hellen hja in fleske guod fan de duvelbanner en dan wie it wer klear.
Oudega
Hwat ik nou fortel gebeurde mear as 100 jier lyn. Us pake wie skippersfeint. By de skipper rekke in bern bitsjoend. Hwer't se leinen, wit ik net. Pake woardde der op útstjûrd om nei in duvelbander ta. It wie gâns in ein rinnen, dat hy wie wit hoe lang ûnderweis. Hy krige guod fan 'e duvelbander mei. Dat moest yn it tsjuster stean. En de duvelbander sei...
