Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
29
Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
30 datasets found
Dutch Keywords: duivel Place of Narration: Drachten
Der wie in skuonmakker, dy hie yn 'e kroech sitten to swearen. Hy joech nergens om, hy wie foar de duvel net bang, biwearde er. Doe seinen syn beide maten, dy't by him sieten, tsjin elkoar: "Dêr matte wy in grap fan bileve." Doe sei de iene tsjin 'e skuonmakker: "Nou is 't net bêst, jonge. Nou is Wibe, de âld frijgesel samar ynienen stoarn. En wy fine it...
Mem har âlden wennen yn 'e herberch Het witte paerd to Eastemar op 'e hoeke fan 'e Snakkerbuorren. De murdehoeke, sa woarde dy herberch neamd, omdat ús heit, Japik Hoeksma syn bynamme wie Japik Murd. Op in joun, doe gong 't der bot oan wei yn 'e herberch. Mem wie doe noch in famke, hja siet by de tafel. It jongfolk wie sa roerich dat it wie net moai mear....
Frijmitselders ha altyd wol sinten om hannen. Dy ha in forboun mei de duvel sluten. Om 'e safolle jier mat der ien fordwine. Der wurdt om lotte hwa't dat wêze sil.
To Eastemar oan 'e Swarte wei mat it gebeurd wêze dat Jan Hinses smiten woarn is. Jan Hinses wie in drankman. Hy mat doe sa hartstikke dronken west ha, dat de duvel him opnom en him oer de dyk hinne smiet. Hy kom yn 't lân fan Sibe de Jong tolânne. Sûnt hat er net wer sûpt.
In wikseldaelder kriget men fan 'e duvel. It is in jildstuk dat altyd wer by de eigner weromkomt.
Mem fortelde: Bearne Ael wenne yn Sumarreheide. It wie kleare earremoed by Bearn en Ael. Op in kear soe Ael nei Sumar ta. Sy roan de Pasterije-lannen del. Doe tocht se: Nou woe 'k wol, dat ik in dikke beurs mei jild foun. Doe't [se] by 't trêdde stik lân kom, lei dêr in beurs mei jild foar har. En doe tocht se: Ja, mar dit komt net klear. Dit is fan 'e...
Ik lei op in nacht op 'e souder njonken myn frou op bêd. Doe fielde ik dat der in fremde hân oer myn tekkens hinne gong. Ik wie klear wekker. Ik taestte nei dy hân. Doe wie dat in hiele lange kâlde hân mei lange neils. Ik tocht: dat kin noait de hân fan myn frou wêze en doe fielde ik ûnder 'e tekkens nei har hannen. Dy wienen beide lekker waerm. Fan hwa...
Hepke Wynstra fan 'e Rottefalle wie ris in kear oan 't gropjen by de Skeanpaden lâns. Doe kom doomny der oan. Dy sei: "Wat zijn dat mooie stukjes en hoe krijg je die zo gelijk?" "Mei duvels gewelt, doomny", sei Hepke.
Alle frijmetselers ha in forboun mei de duvel. De frijmitselerij is sokssahwat as in geheim genoatskip. Om 'e sawn jier mat ien fan 'e leden dea. Deselde dy syn lot it oanwiist, mat him deameitsje. Dat matte jo bislist dwaen, dat is jou plicht. Dogge jo it net, dan wurde jo sels deamakke. Yn Swolle wenne in fiskerman. Dy hie in soan, dy siet us op in kear...
Lytse Ritske fan 'e Houtigehage fortelde: 'k Wie op in joun der op út. Doe hearde ik, dat der ien njonken my delsloffen kom. Ik seach opside en doe woarde ik in gedaente gewaer mei in hynstepoat. Doe woarde ik bang. Ik bigong fan binaudens to praten hwant ik wist fansels donderse goed hwa't ik njonken myn hie. Hy hie hwat ûnder 'e earm; ik koe net sjen...
Der wienen trije doomny's, dy kommen faek byinoar. Op in kear wienen se oan 't kaertspyljen. Sy praetten ûnder inoar ôf, sy soenen der net by flokke. Sy setten hyltyd in sint yn. Op 't lêst wie 't in dikke pot. De iene doomny hie in moaije kaert.. "Bliksem," sei er, "duivel, ik neem de hele pot." "Dat doarstû snein-to-moarn net op 'e preekstoel to...
De duvel foroaret him soms yn in ekster. As ien hwat úthelle hat en hy komt thús, dan kin 't gebeure, dat der nachts in ekster op it hûs sit to skatterjen. Dat is dan de duvel.
Sahwat in hûndertfyftich jier lyn wenne der yn Assen in faem, dy hie forkearing. Sy moest bifalle fan dy feint. De minsken seinen dat it gjin goed spul wie en sy fortelden it oan 'e burgemeester. Doe gong dy burgemeester nei de faem ta. Hy sei tsjin har: "Hoe bistû yn forwachting kom?" "Dat mei ik net sizze", sei de faem. "Né? Hwerom net?" frege de...
Yn Tolbert wenne in persoan, dy hiet fan Wykstra. As dy oan 'e buorrel wie, wist er fan gjin ophâlden. Dêryn wied er krekt lyk as ik. Wy sieten wol us togearre yn 'e kroech. Op in kear trof ik him wer. Ik sei: "Even nei de kroech net?" Hy sei: "Né, ik drink gjin sterke drank mear. Ik drink allinne mar bier." Ik sei: "Hoe nou." Hy sei: "Dat sil 'k dy...
Greate Jelle (Bekkema, in 'broer'* fan har) fortelde, hy kom us in kear fan in feestje. Doe't er by âlde Wopke lâns kom, gong it der dêr wol sa bot oan wei, achter hûs. Doe't er thús kaem by mem en dy wie dêr krekt itselde lawaei op it hiem. En dòch wie der neat to sjen. Dat hat de duvel west mei syn maten. Jelle is een zoon van haar zuster, een...
Heit en Lútsen Finkelsma dy gongen nei Beets ta to baggeljen. 't Wienen hurde mannen allebeide, en sy wienen foar de duvel net bang. Sy slepten yn in keet. Lútsen moest der nachts út. Hy koe dan net yn 'e keet bliuwe, hy dreau yn 't swit. Dan sieten se him achternei. Dat wie de duvel. Dy jage him fan 'e iene trisk nei de oare (de trisk, dêr dienen se de...
Ien hat my ris forteld: Nou ha 'k hwat bileefd, sei er. Ik bin fannacht mei de duvel reizge. Der wie ien njonken my. 't Hie mear fan in gedaente as fan in keardel. Ik waerd binaud. Hy hie ien hynstepoat en ien gewoane poat. Hy sei mei in raer lûd: "Hwa tochten jo as ik wie?" Fan kleare binaudens sei ik: "Jo koenen de duvel wol wêze." "Ja," sei er, "dat...
Guon dy't swetsten en swearden woarden wolris troch de duvel smiten.
Yn in boereskuorre wienen froeger altyd houten pinnen troch 't groubynt hinne, op 'e plakken, dêr't de stile der troch sit. Dy pinnen stykje dêr in tûme trije bûten. Doe't ik us oan in âld timmerman yn Boarnburgum frege, hwerom dat sa wie, sei er: "Hantsje mat hâldfêst ha."(Hantsje is de duvel)
Yn 'e buert fan 'e Saiterplaets spoeke de duvel fan Earnewâld. Dy sweefde samar oer de Krúswetters hinne. Dat gebeurde op jountiid. Dan wienen de minsken dêr deabinaud.
33