Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Alde Sibe Gealtsje Sibe fortelde: Ik ha mei de duvel oan 't fechtsjen west. Dat wie op in joun. Doe hie 'k mei 't wiif to biklaeijen west.
De duvel wie in beamke.
Bokke Noordman kom ris op in kear dronken thús. 't Wie yn 'e nacht nei tolven. Hy sei: "Tussen twaalven en enen is alles op de benen."
Doe't er dat sein hie hie 't ynienen njonken him troch de beammen hinne sûze en dat wie sa bleaun oan syn hûs ta.
Hy hie deabinaud west, hwant de kweade hie him dat lapt.
Yn 'e tiid dat plysje Bekkema hjir noch stie kom ik ris op in nacht let thús. 't Wie ljochtmoanne-waer.
Doe't ik omtrint thús wie, sprong der in geit oer fjouwer triedden hinne. Ik tocht dat it ús geit wie.
Doe't ik yn 'e hûs kom wie ús eigen geit dêr. 't Hie dus in fremde geit west. (de duvel)
Dy't him oan 'e duvel forkocht, hie noait wer forlet fan sinten. Dyselde moest in swarte kat fange en dêr mei nei 't tsjerkhôf ta gean. Dan moest er trije kear mei dy kat om 't tsjerkhôf hinne rinne. En dan moest er roppe: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" De trêdde kear kom der fansels ien by him. Dat wie de duvel. Dy joech er de kat oer en dêr...
Harkema
Frijmitselers ha in forboun mei de duvel. Sy matte der nachts faek op út. Der lekt neat fan út hwat se om hâns ha.
Harkema
As der by ús froeger ûnforwacht in grouwe, swarte spin achter 't bihang weikom, die heit de hannen gear. "Dea houwe," sei er dan tsjin ús, "dat is de duvel!" Sels doarst er it net to dwaen. Heit hie in dikke stok, dêr tichele er ús wolris mei ôf. "Hjir hast de stok, jonge", sei er dan tsjin my. Ik mocht de spin net heal yn 'e hannen nimme. Ik moest him...
Der stiet in soldaet op wacht mei syn gewear. Dêr komt de duvel oan. Dy seit tsjin 'e soldaet: "Hwat hastû dêr in lange pipe." Doe sei er: "Mei 'k dêr ris út smoke?" "Jawol," sei de soldaet, "mar dan mat ik him earst even stopje. Ik mat der even tabak yn dwaen." Doe joech er de duvel de loop fan 't gewear yn 'e mûle nei't hy der krúd yn dien hie en doe...
Sytse Jager fan 'e Harkema (út 'e Smoarhoeke) wie ek in raren. Dy spotte oeral mei. Mar spotters krije spotterslean, sizze se dan. Op in kear stie er by 't jongfolk, doe moest er even út 'e broek. Doe't er dêr achter 'e dyk siet, is er boven oer de beammen fan 'e dyk hinne smiten woarn. Hy raesde hiel bot: "O Heare, Heare, ik sil 't noait wer dwaen!" 't...
Willem Pyk (= Ophuis) hie in houn. Dy spûkgûlde soms. Dan sei Jits, syn wiif: "Der giet wer ien dea." Har buorman sei, as de houn spûkgûlde: "Dêr sjocht er de duvel, wer, Jits."
Harkema
Yn Hurdegaryp wie in greate hekke, dy stie altyd iepen.
Dienen se him ticht, dat joech neat. Hy gong altyd fansels wer iepen. Dat sil de duvel wol dien ha.
Doe't ik ûnder tsjinst wie, lieten se dêr wolris in flesse drank komme. Se stjûrden skoppenboer fuort en it earste stealtsje drank út 'e flesse lieten se der út rinne.
Harkema
Mike Ruerd (= R. v.d. Veen) wie de raerste fan 'e Harkema.
Hy wraksele wit hoe faek mei de duvel.
Harkema
Myn wiif soe in lytsen ha. Ik moest de froedfrou ophelje fan Surhústerfean. It wie yn 'e nacht. Doe seach ik by 't tsjerkhôf in keardel stean. Ik seach wol dat dat net doogde. Ik sei navend, mar hy sei neat werom. Doe't ik der op 'e weromreis mei de froedfrou lâns kom, stie er dêr noch. De froedfrou seach it ek. Wy ornearren dat it de kweade wie. De...
Harkema
Der wie in âld man, dy wie sa earm, dat hy hie frijwol neat to iten. Dan gong er hinne en hong in leech ammerke oan 'e kant fan 'e dakgoate. Dêr tichteby wienen arbeiders oan it wurk, dy hienen dat sjoen. Sy tochten: wy dogge dêr hwat iten foar him yn. Doe kommen der broadtsjes en boltsjes en alsamear yn. De âld man siet wylst by de kachel to bidden om...
Hindrik Holthuis wie in forwoest man, dy sûpte om 't leven.
Op in kear woarde hy sa bot troch de duvel smiten, dat hy wie kreupel. Doe is er bikeard.
Harkema
Der hat hjir yn 'e Harkema in man west, dat wie in sekere Schievink. Dy roan us mei ien op.
Doomny en mefrou roannen der achteroan.
Doomny sei tsjin har: "Hwa't dêr njonken dy man rint, wyt ik net." Doe sei Schievink: "O, dat is de duvel, dy't njonken my is."
Doe is de duvel yn 'e wâl flein.
Frijmitselers hienen in wikseldaelder. Dy wikseldaelder wie fan 'e duvel ôfkomstich.
Myn omke Piter wie ris op in kear to hôfkesjongen (=apelstellen) op 't Bouwekleaster. Der wienen kameraden by him en sy hienen ek in pear hounen by har. Doe gong omke Piter nei in parrebeam ta by in boer yn 't hôf. Mar doe wie dy parrebeam samar út himsels bigong to skodzjen, sûnder dat ien der oan kom, en de parren foelen der allegear ôf. Dat wie it wurk...
Alde Edzer Sint hie in wikseldaelder. Dy hie er krige fan 'e duvel op in nacht. Hy wie mei in swarte kat yn in sek om 't tsjerkhôf hinne roan en doe hied er sein:
"Duivel, wil je mijn kat ook kopen?
De kat wordt mij ontnomen en ik krijg een daalder."
Harkema
