Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search














Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
Alle Tet wie in tsjoenster. Dy koe har yn in pod foroarje, seinen se. Wie der in bern bitsjoend, dan gongen se mei in fleske mei pisse fan 't bern nei Wopke fan Kûkherne ta. Dan joech Wopke in drankje mei. En dan sei er: "Tink der om, hear, op heilwei komt der in swarte kat by dy, dy springt dan by dy op en dy wol 't fleske stikken meitsje." Dat is hjir...
Harkema
Wie der in bern bitsjoend yn 'e Harkema, dan gongen se wol us nei de duvelbander. Dat wie greate Wopke fan Kûkherne.
Hy joech se in drankje mei foar 't bern. Mar hy sei: Underweis foaral tige op 't drankje passe, hwant oars rekkest it kwyt. Dan gebeurde 't wol, dat de boom ûnder 't fleske weisakke. Krekt as wie hy der ûnder wei snien.
Harkema
Wie der ien bitsjoend, dan founen [se] faek in krâns yn 't holkessen. Dy krâns moesten se forbrânne. As se dat dien hienen, dan kom de tsjoenster net wer.
Sy gongen meastal foar it bern nei de duvelbander ta. Dat wie yndertiid Wopke fan Kûkherne. Dy joech in drankje mei en joech oanwizings foar it bitsjoende bern.
Harkema
Klaes Schievink hie in bern, dat rekke bitsjoend. Doe gong er mei de boerewein nei de duvelbander ta. Doe't hy dêr kom, sei de duvelbander: "Ik wyt wol krekt hwat der by dy oan 'e hân is. Hjir hast in flesfol drank mei. Mar pas op, der komt earst in ding oan, dy springt by dy op 'e wein en dy hat it op 'e flesse bigrepen. Lit dat ding de flesse net brekke...
Harkema
Heit syn heit mat as jonkje bitsjoend west ha. 't Bern seach der raer út. Doe gong syn heit nei Kûkherne ta, nei de duvelbander. Wopke sei: "Ja, jonge, dû bist krekt op 'e tiid. Even letter, en dan hie 't jonkje wei west." "Hwat mankeart it bern dan?" frege Pake. "Dat siz ik net," antwurde Wopke, "mar ik sil dy in drank klear meitsje. Mar dû mast oppasse....
Harkema
Wy sieten jouns byelkoar. Praetten oer spûken, skynsels. It wie soms in hynder mei de kop oer de hikke. Of oer âlde minsken. Allegearre tsjoensters. Der wie wer ien bitsjoend. Dan nei in duvelbanner. Dan kryg je in flesse mei guod mei. It boadskip der by: "Goed oppasse. De flesse oan de kant hâlde. Foaral oan de katten tinke." As je net goed oppasten, dan...
Boelenslaan
As der in bern siik wier, gong de heit of de mem faek nei F.H. om in drankje. Hja krigen dan altyd de boadskip mei: "Tink der om, it drankje stiif yn de bûse hâlde. Hâld de hân der mar goed op. Ik bin bang, dat jo der net mei thús komme. Giet it goed, dan it bern mar gou hwat jaen en it fleske efter slot.
Harkema