Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search












Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
Yn Drachtster Kompenije wenne in man dy hie in siik hynder. It dier wie der slim oan ta. Doe gong dy man mei 't wetter fan 't hynder nei de duvelbander ta. Dat wie Hinse Jehannes de Boer fan 't Swartfean. Hinse joech him in drank mei, dêr moest er fral goed op passe en dêr it hynder fuort fan ynjaen, hwant der wie haest by. Dy man gong der mei op hûs ta,...
Drachten
To Houtigehage wenne in tsjoenster, dy hie altyd in swarte doek om 'e kop. Dat hienen de tsjoensters meastal. As dy tsjoenster froeger de Dwarsfeart delkaem makken wy as bern gau in kring op it paed en dêr leinen wy in duit middenyn. Dan koe se net fierder komme, wie 't sizzen altyd. Under 'e drompel leinen se duveldrek. As in bern bitsjoend wie hie 't...
Hearke hie ris nei Grins ta matten. Underweis to Visvliet hienen guon beammen kapt. Dy beammen moesten op 'e wein laden wurde, mar de trije man dy't dêr oer gear wienen, koenen dat net rêdde. Hearke sei: "Ik sil jim wol even helpe." Hy tilde mei gemak de beammen ien foar ien op 'e wein. Doe wienen dy trije mannen nei de herberch gong om in slokje. Se...
As der to Boelensloane in bern bitsjoend wie gongen se nei Frânse Hinke ta yn 'e Rottefalle. Dat wie in duvelbanster. Sy nommen in stikje klean fan it bern mei, meastal it mûtske.
Hinke joech de lju in drankje mei, ek wol us in pod.
De pod moesten se de berntsjes yn 'e klean binaeije.
gaf ze die mee? Had ze padden in voorraad?
Drachten
As ien nei in duvelbanner ta west hie en hy krige in fleske mei guod mei, dan sei dy duvelbanner altyd: "Draech it drankje oan 'e rjochter kant, hwant oan 'e linker kant rekket it fleske stikken."
Drachten