Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
In man wie mei syn jonge op in joun ûnderweis. 't Wie in bytsje mistich. Doe seagen se hwat wyts hinne en wer gean. 't Wie in skiep, dat siet oan 't tou en dat draeide om in pealtsje hinne. De man wie spûkachtich en fortroude it net. Hy sei tsjin syn soan: "Giet it of sweeft it?" "It sweeft, heit", sei er. "Set dan sok", sei de heit, en dêr draefden se...
Foar de nacht moest men in eintsje flaechs om 'e brake hinne wuolje, oars gong it yn 'e nacht op in braekjen.
De tsjerne moest fêstset wurde, oars gong it op in tsjernjen. It spinwiele krektsa.
De kopkes en pantsjes moesten yn elkoar set wurde, oars stienen se de oare moarns yn 'e kast.
Surhuisterveen
Froeger seinen se altyd: as jo sa út 'e toffels stappe en jo gean op bêd, dan komme der werkgeesten en dy stappe yn jou toffels om.
Dan bigjint it spinnewiel to draeijen en al soksoarte dingen mear. Né, de toffels moesten mei de hakken tsjin 't bedsket oan stean, dan krige men ek gjin lêst fan 'e nachtmerjes.
Surhuisterveen
Der lei ergens in grouwe stien. Dêr stienen letters op en doe't se dy stien skjinmakken lêsden se de wurden: Als gij mij ziet van onderen dan zult ge u verwonderen. De minsken wienen o sa nijsgirrich en woenen graech witte, hwat dat wêze koe. Mar it wie sa'n grouwe stien, dat der moest in hiele keppel folk oan to pas komme om him om to krijen. Mei great...
