Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
4 datasets found
Dutch Keywords: dorst Place of Narration: Harkema
Bonifatius wie ris yn 'e buert fan Dokkum. Hy ried dêr op in hynder. Dat dier krige toarst. Doe kommen se op in plak, dêr bigong it hynder mei de foarste poaten to klauwen. En doe brûsde it wetter út 'e groun, samar. Dêr siet in welle. Doe hat dat hynder dêr fan dronken. Letter is op dat plak de Bonifatius-put kom.
Der wie in man, dy siet yn it lân to melken. Doe kom der in frou oan. 't Wie waerm waer en dy frou hie och sa'n toarst. Hja tocht: "Hie 'k mar hwat to drinken." Doe't se dy man dêr sitten seach to melken, frege se: "Ha jo ek hwat molke foar my?" "Né," sei de man, "ik kin de molke oars wol brûke, dêr krije jo gjin fan." Doe hearde dy man sizzen: "Geef die...
Der wie in man dy hie toarst. Hy trof in frou, dy siet krekt to melken. "Mei 'k hwat molke ha?" frege er. "Né", sei de frou. Doe draeide de koe de kop om en sei: "Jawol, jow dy man molke." Doe woarde dy frou kjel en joech him molke.
Alde Rykele Myt wenne op 'e Skieding. Dy gong foar in tsjoenster troch. Jan Kobus fan Surhústerfean woe soks net leauwe. Simmers helle er turf fan Compagnonsfjild. Doe gong er us in kear nei har ta. "Se sizze, dû bist in tsjoenster", sei er. "Mar ik leau it net." Hy wie botte toarstich en krige in pear bakjes kofje fan Myt. Doe sette er op hûs yn. Mar hy...
4