Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
't Wie yn 'e winter en wol hast 100 jier lyn tink. It frear bot en it jongfolk wie der allegear op redens op út. Oan 'e Mûzegroppewei by Rottefalle wenne in widner: Sytse Batema, mei soan en dochter. Dy soan wie der op út gong to riden. De dochter woe ek graech ride, mar dat woe de heit net lije. Hja moest thús bliuwe. Hoe't it fierder gong is wyt net...
Oan 'e Mûzegroppe, ûnder Rottefalle is froeger ris in moard gebeurd. 't Wie Sytse Bates, dy hie syn dochter de hals útsnien en doe hat er himsels ek noch fan kant makke.
De bloedplakken woenen letter noait wer út 'e muorre en de flier wei.
Harkema
Der wie in boer, dy hie trije dochters. Dy hienen alle trije gedoente mei ien en deselde feint, dy hiet fan Gerrit. Op in kear wie hy dêr wer. De boer tocht, dit kin sa noait goed komme. Ien fan 'e trije dochters kin him mar ha. Dat hy rôp syn trije dochters by him yn in keamer apart en doe sei er: "Sa kin it net langer mei jimme: Alle trije mei deselde...
To Hurdegaryp hat in hekke west, dy stie nachts altiten iepen. Dêr hat yn dat slot dat der by stiet earen in hiel foarname hear wenne. Dy syn dochter hie forkearing mei in earme feint. Dy feint mocht se net ha. Mar hja bleau altyd op him wachtsjen. Elke nacht hie se de hekke iepen, krekt sa lang oant hja stoarn is. Oan 'e dea ta hat se op dy feint wachte....
In nachtmerje, sizze se, is ien fan sawn dochters. Sy komt ta 't slotsgat yn 'e hûs.
Docht men in krús foar de drompel, dan kin se der net yn komme. Dan hat se gjin macht. Guon dienen ek wol duveldrek ûnder 'e drompel. Dat dienen se ek om tsjoensters to kearen.
Harkema
Der wienen us in doomny en in âlderling. Op in kear moesten dy beiden togearre nei in forgadering ta. It wie in hiel ein fuort en sy gongen der to foet hinne, omdat dat it fordelichste wie. Underweis slepten se net yn herbergen, mar by partekulieren. Op in joun kloppen se wer ris by minsken oan om ûnderdak. De man kom foar. Doe't er 't boadskip hearde,...
Ik wie ris mei in man of trije yn Ljouwert by in wiersizter. Dat wie yn 1944. Hja sei tsjin my: "Jou frou is yn forwachting." Dat wie sa. "'t Wurdt in dochter", sei se. Dat is ék útkom. "Der sil jo earstdeis ek hwat ûntstellen wurde", sei se. Dat kom ek út, der woarden my bonkaerten ûntstellen. "De dieder wennet flak by jo", sei se, en dat kloppe ek. Wy...
Harkema
Oan 'e Mûzegroppewei hat Sytse Batema syn dochter formoarde. De bloedplakken woenen letter noait út 'e muorre wei.
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje. Sy komt troch 't kaeisgat yn 'e hûs. Men mat de toffels achterstofoar foar 't bêdsket sette, dan kin men se keare, wurdt der sein.
In nachtmerje is altyd in frommes, noait in man.
Ik wie noch yn 'e hûs en 'k lei op bêd. Doe hearde ik de nachtmerje oankommen. Hy kom troch 't kaeisgat. Ik hearde him dúdlik stappen. Doe sprong er op bêd en hy gong oer myn fuotten hinne. Op 't lêst doe hied er my al. Hy hat faek by my west. Sy sizze wol dat de nachtmerje ien fan sawn dochters is. Der wurdt wol sein dat men de klompen forkeard foar de...
In nachtmerje is ien fan sawn op elkoarfolgjende dochters. In nachtmerje komt troch 't slotsgat.
Men mat de klompen ûnrjocht tsjin elkoar oan sette, se wolle wol ha dat se dan net komt.
Harkema
Rixt wie in dochter fan sterke Hearke. Hja wie boerefaem en hast like sterk as har heit. Ik wie yndertiid molkrider. Op in kear, doe't ik de folle bussen op 'e wein sette soe, stie Rixt der by.
"Hwer wolst se ha, jonge?" frege se my. En hja sette de bussen mei de tûmen samar op 'e wein op 'e plakken dy't ik oanwiisde.
Harkema
Ik wie froeger in bulte by Ale Westra (= Aeltsje Schievink-Westra B65-14, 15, 16, 164) Dy har mem, âlde Ot dat wie in tsjoenster (Ale sèls giet der trouwens èk foar en har dochter èk). De minsken koenen har net bigripe hoe't ús mem it fortroude, dat ik kammeraetske wie mei Ale. Mar ús mem sei: "Der kin har noait hwat oerkomme, hwant sy hat in dûbelde...
Oan 'e Mûzegroppewei hat in heit (Batema) syn dochter fan sechstjin jier al us formoarde. De bloedplakken wienen net fan 'e muorre to krijen. As se der bihang oerhinne plakten, kom it bloed dêr wer troch.
Ien fan Roel Bakkers jonges, Peters, hat forkearing hawn mei Harmke fan Knjillis Hut. Mar doe ha se Peters forteld, dat Harmke wie ien fan sawn dochters (letter binne der noch trije by kom), doe hat Peters de forkearing útmakke. Hy woe 't net riskeare om mei in nachtmerje to trouwen.
Janne Met wenne op Readskuorre. Hja hat in dochter hawn, dy hiet fan Frouk. Dat bern woarde ôfgryslike min bihandele. Sy iet by de bargen krekt as de Verloren Zoon. Hja is dan ek stoarn. Mar doe't se goed en wol dea wie, stie se op in joun samar by de tafel. Dat is faker as ienkear gebeurd.
Mem har muoike Lys dy hie in dochter, dy wie bitsjoend. Sy gongen nei in duvelbander ta en krigen guod. Der kaem altyd in kat by muoike en dy. Sy makken it hinnegat en alles goed ticht, mar it joech neat, dy kat kaem der altyd yn. Dy kat, dat wie de tsjoenster, sei de duvelbander. Doe't it fanke fan it guod fan 'e duvelbander ynnaem, bigong se to koarjen....
Op in nacht koe ik net sliepe, sa bot gong it op in timmerjen. Ik gong der ôf en makke myn dochter wekker. Ik sei: "Mast ris hearre fanke, sa giet it op in timmerjen. Der komt grif in nij hûs achter op 'e tún." Mar myn dochter hearde der neat fan. Mar koarte tiid dêrnei woarde der in nij hûs op 'e tún delset.
Arjens Sjouk (Sjoukje Bonnema van der Tuin) sjocht ek alles foarút. Hja hat de hiele bigraffenis fan har eigen dochter fantofoaren waernom. Har Bearnom snútte him ûnderweis. En dat gebeurde ek krekt sa.
Harkema
