Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Der wie in kat dy siet yn 'e keamer. Doe wienen dêr ek in pear jonges, dy dienen dy kat bensine yn 'e sturt en dat stutsen se yn 'e brân.
Dy kat raze. Hy fljocht by de gerdinen op, alhiel oan 'e souder ta.
Mar doe foel er ynienen - klets! - nei ûnderen ta.
Hoe kom dat sa?
Trochdat de bensine op wie.
Der stie in hoanne boven op in rak mei linnenguod en dy kraeide:
Ik ben koning
over deze woning.
De hin siet yn it rak, dy kom gau nei bûten ta. Hy stuts syn kop nei de hoanne ta en sei:
Ja, als ik niet thuis ben,
zegt moeder hen.
Yn 'e tiid dat plysje Bekkema hjir noch stie kom ik ris op in nacht let thús. 't Wie ljochtmoanne-waer.
Doe't ik omtrint thús wie, sprong der in geit oer fjouwer triedden hinne. Ik tocht dat it ús geit wie.
Doe't ik yn 'e hûs kom wie ús eigen geit dêr. 't Hie dus in fremde geit west. (de duvel)
As der sawn eksters op 'e foarstrjitte binne, komt der in deaden.
Binne se op 'e achterstrjitte dan komt der in feest.
Ik kom de Wide Pet del, doe skattere der in ekster.
Ik sei: O heden, der is hwat thús.
Ik kom thús, doe wie ús geitsje dea.
Harkema
Dy en dy moat net nei 't fé ta, hwant dan komt it net goed, seinen se froeger. Dêr bidoelden se guon mei, dy hienen de kweade hân. Sokken makken it fé siik.
Sterke Hearke wie arbeider op 't Bouwe-kleaster by Bindert Japiks. Hja wienen ris oan 't dongladen. Twa hynders moesten in weinfol dong út it skerngat lûke. Mar de hynders koenen gjin skrip krije. Doe die Hearke de hynders foar de wein wei. Hy krige it tiksel beet en luts allinne it hiele foer ûnder ta 't skerngat út. Doe die hy de hynders der wer foar en...
Harkema
As der by ús froeger ûnforwacht in grouwe, swarte spin achter 't bihang weikom, die heit de hannen gear. "Dea houwe," sei er dan tsjin ús, "dat is de duvel!" Sels doarst er it net to dwaen. Heit hie in dikke stok, dêr tichele er ús wolris mei ôf. "Hjir hast de stok, jonge", sei er dan tsjin my. Ik mocht de spin net heal yn 'e hannen nimme. Ik moest him...
In pleachbeest is in grouwe houn, dy't de minsken thús bringt.
As se de doar iepen dogge, is er ynienen fuort.
De minsken binne der bang foar.
Harkema
Ek ris in kear doe koenen de twa hynders de dong net út it skerngat wei krije. Sy koenen gjin skrip krije.
Hearke die de hynders foar de wein wei en sloech de hannen om 't tiksel hinne. Sa luts er de dong út it skerngat wei en brocht de wein op 'e wei.
Harkema
Yn 'e Parken yn Grinzer Pein forkocht Bouwe Helbich hinnen oan in man. 't Wienen bêste piken. De man die se yn in hok. De oare moarns doe soe dy man de piken iten jaen. Doe hienen se allegear de koppen achterstofoar op 'e hals en sy leefden as harten. De man gong fuort nei Bouwe ta. "Hoe kin dat?" sei de man, "ik bin deabinaud." "Jo hoeve net binaud to...
Willem Pyk (= Ophuis) hie in houn. Dy spûkgûlde soms. Dan sei Jits, syn wiif: "Der giet wer ien dea." Har buorman sei, as de houn spûkgûlde: "Dêr sjocht er de duvel, wer, Jits."
Harkema
Greate Egbert fan 'e Harkema hat my ris forteld: "Ik hie bargen yn 't hok. Doe kom Hindrik Pyk (= H. Ophuis) der by. Dat wie in tsjoenster. Dy gong mei de hân oer de bargen hinne. In dei letter wienen de bargen dea. Ik ha se de hounen foarsmiten, mar dy woenen der net fan frette." Syn eigen jonges wienen bang foar him. Hy hie twa soannen: Piter en Willem....
Op in kear wienen se by Bindert Japiks oan 't dongmennen.
It wie tige glystrich by 't skerngat en de beide hynders koenen gjin skrip krije, doe't se foar de wein mei dong stienen. 't Wie in dik weinfol. Doe spande Hearke de dieren út en luts de wein allinne ta 't skerngat út.
Us mem har heit hat mei Sterke Hearke arbeide by Bindert Japiks op it Bomkleaster. Hy wie frijhwat oan 'e luije kant, sei pake. As hy de keallen boarne moest, die er de amers oan 't jok, wylst er se bêst sà drage koe.
Froeger seinen se: as jo op in kikkert traepje, dan bigjint it to tongerjen.
Ymke de Jong wie yn Ljouwert ûnder tsjinst. Doe krige er straf. Sy wienen doe noch net yn 'e kaserne, mar yn 'e âlde Kânslerije. Dêr stie op mei greate letters: Hier temt men leeuwen en beren. Op in nacht briek Ymke der út. De slotten hied er samar los. Hy kom bûten en skreau ûnder dy wurden: Maar Ymke de Jong niet.
Tsjoensters koenen har yn in kat foroarje. Dy katten hâldden soms in forgadering. Dan wienen se oan 't psalmsjongen.
Harkema
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Dat die Alle Tet ek. Op in kear doe hie se dat ek wer dien. Doe joegen se dy kat in klets. Dat koenen se de oare moarns oan har hân sjen. Tet hat forskate bern bitsjoend. Dan hienen se krânsen yn 'e kessens. Dy krânsen moesten se opbrânne. De lju dienen duveldrek ûnder 'e drompels en sy makken krusen foar de doar,...
Harkema
Hjir hat in biruchte tsjoenster wenne. 't Wie Tet, de frou fan Alle Wagenaar. Myn buorman Willem van Doezum en Auke Schievink soenen togearre op in joun to murdefangen. Doe't sy oan Alle Wagenaar ta wienen seagen sy dêr in swarte kat. Dy kat kom by har. Sy koenen dy kat net kwyt wurde. Doe tochten se: "Wy sille him deaslaen!" Mar dat koenen se net. De kat...
Harkema