Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
11 datasets found
Dutch Keywords: dicht Place of Narration: Harkema
To Hurdegaryp stie in slot. As se de hekke fan 't hiem ticht dienen gong dy altyd fansels wer iepen.
De tsjoensters tsjoenden krânsen yn 'e fearrene kessens. Dy woarden der úthelle en opbrând. Wylst moesten de slotsgatten ticht makke wêze, want in tsjoenster koe oaral troch komme. En hja mocht der net by wêze.
Yn Hurdegaryp is in slot, dat wyt ik wol to stean. Der is in hekke by dat slot, dy kinne se noait ticht hâlde. Se ha dy hekke wol sa goed forsegele mei dikke slotten en kettings, mar 't joech neat. Altyd gong er wer iepen.
As in doar net ticht bliuwe wol, dan is der op sa'n plak ien formoarde woarn. Dat hat ús mem wolris forteld.
Ik ha der ús mem wolris oer heard, dat der wolris in gat yn 'e hûs is, dat se noait ticht hâlde kinne. Dat giet altyd wer iepen. Dan hâldt dêr hwat ta dat mei spûkerije yn forbân stiet.
Ik ha skippersfeint west. Op in nacht leinen wy mei in fracht biten op Dokkumer Nijesilen. Ik lei foar yn 'e durk to sliepen. It lûkje wie ticht. Ik woarde yn 'e nacht wekker, doe stie 't lûkje iepen. Doe kom der in hiele greate, fleizige hân, dy pakte myn beide polsen byelkoar beet. It fielde net hurd, it wie in sachte hân. Dy hân tilt my der út. Ik...
By dokter Bontekoe yn Hurdegaryp stienen altyd de hekken iepen. As men se ticht die, de jouns fan tofoaren, stienen se de oare moarns iepen.
To Hurdegaryp oan 'e rykswei stie in hekke, dy wie altyd iepen. As se him jouns ticht dienen, stie er de oare moarns wer iepen.
Mem har muoike Lys dy hie in dochter, dy wie bitsjoend. Sy gongen nei in duvelbander ta en krigen guod. Der kaem altyd in kat by muoike en dy. Sy makken it hinnegat en alles goed ticht, mar it joech neat, dy kat kaem der altyd yn. Dy kat, dat wie de tsjoenster, sei de duvelbander. Doe't it fanke fan it guod fan 'e duvelbander ynnaem, bigong se to koarjen....
Tichte by Ljouwert oan 'e strietwei stiet in hek, dat noait ticht sit. Dêr spûkje twa neakene berntsjes om, dy dogge dat.
Oan 'e ein fan 'e Lange Loane, dy't froeger oan 'e Lauwerssé ta gong, stie ien hûs. Oeds Kûper hie dêr in stik lân lizzen. Dêr wienen fjouwer wringen. By dy fjouwer wringen kaem jouns altiten in âld wyfke it lân delstappen. As der ien troch moest, stienen de hekken alle fjouwer iepen. Mar it fé, dat dêr roan, kom net ta 't lân út. Dat wie it wûnderlike...
11