Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search















Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
In wikseldaelder rekke noait op. Mar jy moesten him noait hielendal út jaen.
Dy't in wikseldaelder ha woe gong mei in swarte kat om 't tsjerkhôf hinne. Dat died er trije kear. En dan rôp er: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?"
De trêdde kear wie der ien, dy nom de kat en hy krige der in wikseldaelder foar yn 't plak.
Harkema
Alde Edzer Sint hie in wikseldaelder. Dy hie er krige fan 'e duvel op in nacht. Hy wie mei in swarte kat yn in sek om 't tsjerkhôf hinne roan en doe hied er sein:
"Duivel, wil je mijn kat ook kopen?
De kat wordt mij ontnomen en ik krijg een daalder."
Harkema
Jan Hepkes fan Surhústerfean koe 't altyd moai sizze. Japik Laverman wenne ek op 't Fean. Dy hie buorkerije. Op in simmer doe siet Japik Laverman yn 'e haeijnge. Doe kom er by Jan Hepkes of dy him ek yn 't hea helpe koe. 't Wie prachtich waer. Jan gong mei him. Doe't er Japik de hiele dei holpen hie frege Japik: "Hwat mast nou fan my ha?" Jan Hepkes sei:...
Ien dy't in wikseldaelder ha woe, moest in swarte kat oantuge. Mei dy swarte kat moest er trije kear om 'e tsjerke hinne rinne. Elke kear moest er troch de tsjerkedoar roppe: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?"
De trêdde kear woarde dan de doar op in kier dien en de wikseldaelder woarde him foar de kat jown.
Woe men in wikseldaelder ha, dan moest men trije kear mei in swarte kat yn in sek om it tsjerkhôf hinne rinne. Alle trije kearen moest men sizze: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?"
De trêdde kear woarde de kat jin ôfnaem en krige men der in wikseldaelder foar. Mar dan wie men oan 'e dûvel forkocht.
Edzer Sint, seinen se, hie 'n wikseldaelder.
Harkema
Wol men in wikseldaelder ha, dan mat men trije kearen mei in swarte kat yn in sek om it tsjerkhôf hinne rinne en trije kear sizze: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" Dan krijt dyselde de wikseldaelder.
As men in wikseldaelder ha wol, dan mat men mei in kat yn 'e sek nei in krúswei ta of nei in tsjerkhôf. Dêr ûntmoetet men dan wol hwat (de duvel). Men freget: "Wie koopt er mijn haas voor een daalder?" (Hwant sjoch, men mat de duvel altyd to grazen ha) Dy oare nimt de kat mei de sek oan en jo krije in wikseldaelder der foar yn 't plak. Dy meije jo noait...
Harkema