Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
10 datasets found
Dutch Keywords: brug Place of Narration: Harkema
Yn Kampen hie de burgemeester in moaije kanarje. Op in kear, doe't de faem de kouwe skjin makke fleach de kanarje ta de doar út, dy't krekt iepen gong. Doe't de burgemeester dat gewaer woarde sei er: "Gau de flapbrêge omheech!" Dan koenen se de kanarje keare, tocht er. Mar de kanarje fleach oer de flapbrêge hinne en de burgemeester hat it dierke net wer...
Hindrik Holthuis en Rindert Alma, doe't dat noch feinten wienen, woenen se de lju ris bang meitsje. Mar sy wisten neat fan elkoar ôf; 't wie allegear tafal. Hindrik die in lekken om en Rindert die ek in wyt lekken om. Fan 't Bouwekleaster rint der in paed skean de lânnen troch nei Readskuorre. Dêr wie in houtsje, dêr moesten de minsken oer. Hindrik wie...
Mike Ruerd (= R.v.d. Veen) wie timmerman. Dat wie in earste raren. Dy is ek smiten woarn op in joun. Doe hie er timmere op it Bouwekleaster. It gebeurde by in houtsje op 'e Skoltepaden.
Mike Ruerd (= R. v.d. Veen) wie timmerman. 't Wie in rûch man. Op in joun kom er fan 't wurk werom. Hy soe wer nei de Harkema ta en roan de Skeltepaden lâns. It bakje mei timmerark hied er oer 't skouder. Doe kom der him in wite juffer opside. Ruerd sei, hja moest by him weigean, hwant hy woe net mei har huorkje. Doe hie dy wite juffer him pakt en oer de...
By de brêge fan Readskuorre ha de minsken ris in stem heard dy't út 'e feart weikom: "De tijd is verstreken, en de man is der niet." Fuort dêrnei is Japik Schorsje dêr fordronken yn 'e kolk.
Op 'e Feanster brêge hat us ien in stim heard út 'e feart wei, dy't rôp: "De tijd is verschenen, de man is der niet."
Der wie us ien, dy wie frijhwat gebrekkich. Hy koe allinne mar mei in stok rinne. Doe moest er oer in bartsje. Ruerd wie der ek. Dy sei tsjin him: "De stok delsmite!" Doe sei dy gebrekkige: "Dan kin ik net gean!" "Dû smytst dy stok del!" sei Ruerd. "Dû kinst wol stappe, siz ik dy." Doe hie dy man de stok delsmiten en wie sûnder stok oer it bartsje roan.
Doe't Hindrik Holthuis noch feint wie, wie 't in los man. Op in kear kom er fan 'e Ham. Hy hie in buorrel op en dan stie er nergens foar. Tseard van Dekken wie doe stille plysje. Tseard en Mekke Anne seinen doe tsjin elkoar: "Wy wolle Hindrik us goed binaud ha." Sy gongen oer de Skeanpaden fan de Ham nei Hamsherne. Dêr seagen se dat se in wyt lekken...
Fan in jonge dy't noait bang wie. Der wenne ergens in boer, dy hie in lytsfeint en in greatfeint. Dy lytsfeint stie foar neat, hy wie nergens bang foar. De greatfeint en de boer koenen har dat net bigripe. Hja sprutsen togearre ôf, de greatfeint soe in wyt lekken omdwaen en by jountiid op in bartsje stean gean. De lytsfeint woarde der op útstjûrd om in...
Jan Hepkes woarde ek wol neamd Jan de Liger. In kloftsje jongfolk stie us in kear op 'e Feike-draei to Surhústerfean. It gong der om hwa't it bêste lige koe. Dat woun Jan Hepkes fansels. Hy fortelde: "Ik stie hjir us to fiskjen by de Feanster haven. Doe fangde ik in grouwe snoek. Mar ik koe him der net útkrije. De snoek skuorde en ik skuorde. Mar de snoek...
10