Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Alde Karste Lamke wie hjir in bekende tsjoenster. Hja fleach op in biezemstôk troch de loft. Alde Libbe Griet en Theunis Seely wienen ek tsjoensters. Wie der hjir ien bitsjoend dan gongen se faek nei in duvelbanner. Dat wienen almeast Ulke duvelbanner fan 't Wyldpaed en greate Wopke fan Kûkherne. As se duveldrek leinen ûnder 'e drompel fan 'e keet koe de...
Twijzelerheide
Fan 'e tsjoensters mat der om de sawn jier ien dea. Der hat my us in tsjoenster topakken hawn. Ik moest bifalle, ik krige in pop, dat wie in jonkje. Doe sei mem: "Nou hoop ik net dat Tsjallings Gjetsje hjir hjoed komt." (Tsjallings Gjetsje wie in tsjoenster). Dêr hie mem it net op bigrepen. En fordomd, om goed healwei fiven komt se der yn. Sy krijt fuort...
Myn jongere suster Kobe werkte by Jehannes en Tryn. Hja hienen in jonkje en dat waerd siik. It bern bigong to tjirmjen. Hja wennen yn 'e Falom. Tsjin bêdgongerstiid bigong it bern altyd fan pine to razen. Mem sei tsjin Kobe: "Dû mast tsjin Jehannes sizze: 'It bern is bitsjoend.' Jehannes mat duveldrek yn 't widzke dwaen en ek yn 'e naden fan 't bêdsket....
Tsjoensters tsjoene krânsen yn de kessens fan deselden dy't se bitsjoene. Sa'n krâns sit fan alles yn fan hwat se deis by de ein ha. As der trije foltoaid binne, dan binne de minsken kapoerus. Binne se noch net foltoaid, dan mat men dy krânsen opbrânne. Dan makket de hekse in rare reis. Jeltsje en Lutske fan 'e Houtigehage hienen poppen, dy't se sels...
Twijzelerheide
As wy froeger oan it tsjernjen wierne en it woe net, dan tocht min, dat de tsjerne bitsjoend wier. Wy leine dan in daelder ûnder yn de tsjerne.
Dit hat heit ús faek forteld. Syn âldste dochter hie in lyts famke. It bern gûlde altyd. Heit waerd op in kear sa lulk. Hy goaide it bern yn 'e widze. Der moast it dan mar útraze. Mem makke it bêdtsje op. Sy tocht, hwat is dat kjessen hurd. Dêr kin it bern sa net op lizze. Doe sei heit: "Dat kjessen meist wol ris neisjen." Der kamen trije krânsen út. It...
20 Oktober waerd ús jonkje geboren. Mem sei: "Nou hoopje ik net, dat Gjetsje hjir hjoed komt. Dy fortrou ik net." Mar hwat woe it gefal? Healwei fiven waerd it bern geboren en efkes letter wie it minske der al. En hja naem it bern op 'e skoat. Ik sei, dat ik it bern by my op bêd ha moast. Ik krige it bern en lei it oan 't boarst. Mar it woe net drinke. En...
