Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Icelandic Keywords

There are no Icelandic Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender

There are no Narrator Gender that match this search

close
6 datasets found
Dutch Keywords: beest Place of Narration: Harkema
Der wie in kat dy siet yn 'e keamer. Doe wienen dêr ek in pear jonges, dy dienen dy kat bensine yn 'e sturt en dat stutsen se yn 'e brân. Dy kat raze. Hy fljocht by de gerdinen op, alhiel oan 'e souder ta. Mar doe foel er ynienen - klets! - nei ûnderen ta. Hoe kom dat sa? Trochdat de bensine op wie.
Dy en dy moat net nei 't fé ta, hwant dan komt it net goed, seinen se froeger. Dêr bidoelden se guon mei, dy hienen de kweade hân. Sokken makken it fé siik.
Fan 'e sawn dochters is ien in nachtmerje.
Yn 'e Liuwepoel yn 'e Harkema sit in munster. Soms roert it him, dan is it wetter yn biweging. Op in jountiid hat dat mûnster by de widdou van der Ploeg yn 'e hûs west. It gong op 'e stoel sitten. It minske wenne deun by de stoel [poel?]. Hja is it hast bistoarn fan bangens en hat der in hartkwael fan oer hâlden. Fier fan to foaren gong it gerucht troch...
As men in wikseldaelder ha wol, dan mat men mei in kat yn 'e sek nei in krúswei ta of nei in tsjerkhôf. Dêr ûntmoetet men dan wol hwat (de duvel). Men freget: "Wie koopt er mijn haas voor een daalder?" (Hwant sjoch, men mat de duvel altyd to grazen ha) Dy oare nimt de kat mei de sek oan en jo krije in wikseldaelder der foar yn 't plak. Dy meije jo noait...
Woenen se froeger in meniste tsjerke bouwe, dan gongen se hinne en jij in stik of fiif kij it lân yn. Dêr't de earste koe lizzen gong, dêr moest de tsjerke boud wurde. Op it plak, dêr't de koe lei moest de preekstoel komme to stean. Ek al wie 't oan 'e kant fan in sleat, dan woarde dy sleat ticht makke.
6