Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search












Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
Oan 'e Noarder Dwarsfeart wenne âlde Wytse Kosak. Dy fortelde ris in kear wylst er op in pealtsje siet: Ik wie in kear oan 't kuijerjen. Doe roan der my in dier op 'e side. 't Wie in great dier en 't wie bûnt. Ik koe 't net to plak bringe. Mar 'k hie fuort yn 'e gaten dat it in pleachbeest wie. Ik hie in stikje roggenbrea by my, dat helle ik út 'e bûse en...
Drachten
Der wienen ek guon dy ha by 't Blauhûs in beest sjoen, great en swart en dat rattele mei kettings.
De doomny fan Boarnburgum en Koartehimmen (ds. van Es) hâldde der kninen op nei, mar der woarden altomets guon fan stellen. Doe't doomny op in snein-to-moarn ris wer op 'e preekstoel stie, nei't se him dy wyks wèr kninen ûntstellen hienen, sei er: Boeren en burgers van Boornbergum en Kortehemmen, ik zeg niet, dat ge dieven zijt, maar ik raak al mijn...
Ergens op in plak founen se alris in beest, dat allegearre bulten makke en alles ûnderstoboppe helle. 't Wie in mol, mar net in minske yn dat plak dy't sa'n beest ea sjoen hie. Allegear wienen se warber om it beest to fangen, mar dat retten se net op. Op 't lêst wie der in âld wyfke, dat fangde him. Doe sei se tsjin dy mol: "'k Sil dy de swierste straf...
Guon minsken hienen macht oer it fé. Sokken koenen jin in dier forkeapje, sa mak as in hountsje. Letter wie 't in ûndier.
Dat gebeurde wolris mei in hynder. Sokke minsken koenen mear as in oar.
Bearn van der Woude fortelde: Ik wie us in kear by Hindrik Pikelhearring (= van der Molen). Doe sei Hindrik tsjin my: "Bearn, ik ha noch in bigje. Dat wie krekt hwat foar dy. Wolst it keapje?" Ik sei: "Ik ha gjin sinten." "Hoechst der ek net folle foar to jaen", sei Hindrik, hy is goedkeep. Ik sei: "Ik mat him earst mar ris sjen." Doe wy der hinne. 't Wie...