Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search
Jierren lyn gebeurde it dat ús heit en dy, as se jouns op bêd leinen, altyd hwat hearden dat se net thús bringe koenen. It hie in soad fan motorgeronk, mar sy koenen har net bigripe dat it dat wêze koe, hwant der wienen dêr gjin moters. Alle jounen wie dat lûd der wer. Doe kochten myn broer en ik elk in frachtauto. Wy kommen der op in joun mei delsetten....
Wylde lantearnen woarden hjir yn 'e Harkema faek sjoen. Dat wienen de foarboaden fan 'e lettere fytsen en auto's, wurdt der gauris sein.
Oebele Wagenaar wie feint by Albert Land yn 'e Harkema. Letter wenne er op 't Wytfean en wie 't de greatste útdrager fan Fryslân. Oebele sei, doe't er noch by Albert Land wie: "Hjir komt in spoar- of tramlijn, hwant ik hear it alle nachten wol." Letter is de betonwei der kom, mei alle auto's en frachtauto's, in drok forkear. Mar gjin trein of tram. Dy...
Wy seagen froeger wol gauris wylde lantearnen. Dy ljochten tsjutten op 'e lettere auto- en fytsljochten.
Alde Tsjerke Iebel seach de dingen foarút. Sy sei: "Dêr ride weinen sûnder hynders der foar en der boldert fan alles yn 'e loft om en dat fljocht krekt as de fûgels. Dat ha de auto's en de fleantugen west.