Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Icelandic Keywords
There are no Icelandic Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
There are no Narrator Gender that match this search















Leaflet | © OpenStreetMap contributors, Points © 2019 LINZ
Jierren lyn gebeurde it dat ús heit en dy, as se jouns op bêd leinen, altyd hwat hearden dat se net thús bringe koenen. It hie in soad fan motorgeronk, mar sy koenen har net bigripe dat it dat wêze koe, hwant der wienen dêr gjin moters. Alle jounen wie dat lûd der wer. Doe kochten myn broer en ik elk in frachtauto. Wy kommen der op in joun mei delsetten....
Beppe hie in winkeltsje yn 'e Smoarhoeke fan 'e Harkema. Dêr kom altyd in koopman by har, dy joech har noait de hiele hân by 't bigroetsjen, mar altyd twa fingers. Dat wie in frijmitseler. 't Wie in koopman út Grins. In frijmitseler kin noait wer by syn binde wei. Docht er it al, dan meitsje se him dea. Om 'e sawn jier mat der in frijmitseler stjerre. It...
Oan 'e Nije Wei yn 'e Harkema, tichte by 't hûs fan Fokke en Syts wie froeger in âld dykje. Us mem en âlde Wyts kamen dêr togearre ris by nacht lâns. Doe seagen se twa neakene berntsjes, dy gongen oer de dyk. Mem hat it faek forteld. "Wy wienen sa bang," sei mem, "dat wy doarsten der hast net nei to sjen." Doe't dy twa berntsjes oer de dyk wienen, sei...
Der hat hjir yn 'e Harkema in man west, dat wie in sekere Schievink. Dy roan us mei ien op.
Doomny en mefrou roannen der achteroan.
Doomny sei tsjin har: "Hwa't dêr njonken dy man rint, wyt ik net." Doe sei Schievink: "O, dat is de duvel, dy't njonken my is."
Doe is de duvel yn 'e wâl flein.
Der wienen op in kear twa murdejagers yn 'e Bosk. De iene wie myn omke Piter (= P. Alma). 't Wie yn 'e nacht. De hounen wienen ynienen deabinaud. Sa kommen se by de murdejagers. Doe seagen dy twa neakene berntsjes sweven.
Hearke wie ek stille plysje. Doe wienen der op in kear twa man yn Droegeham, dy hienen rûzje togearre.
Hja hienen elkoar topakken en fechten om 't leven. Doe krige Hearke de beiden beet en luts se útelkoar krekt as se in harmoanika iepen lûke en sa die er se ek wer nei elkoar ta. Hy sei: "Fechtsje nou mar."
Mar doe hienen se har bikomst.
Ik haw ris to murdzjen west mei Gerke Alma. Wy hienen elk in houn by ús. Doe wie 't ynienen noait liker as fleach der in keppel skiep it lân del. Ik en Gerke mienden beide dat it skiep wienen. Mar dat koe net. 't Wie achter Surhuzum en dêr hienen jy gjin skiep. De hounen kommen mei alle barstengeweld by ús en sy krûpten achter ús mei de sturt tusken de...
Achter 'Spimeta' yn 'e Bosk seach ús mem op in joun twa famkes mei skelkjes foar en huodtsjes op. Dy spûken dêr om.
Yn 'e Rottefalle wennen twa bruorren Kloosterman. 't Wie famylje fan dyselden fan 't Bouwekleaster. Dy makken elke dei in lange kuijer en dan hienen se elk in stok yn 'e hân. De iene wie lyts, mar sa ûnbidige sterk, dat hy koe in houten skytskoffel fol dong útstekke yn ien hân.
Ik wie froeger in bulte by Ale Westra (= Aeltsje Schievink-Westra B65-14, 15, 16, 164) Dy har mem, âlde Ot dat wie in tsjoenster (Ale sèls giet der trouwens èk foar en har dochter èk). De minsken koenen har net bigripe hoe't ús mem it fortroude, dat ik kammeraetske wie mei Ale. Mar ús mem sei: "Der kin har noait hwat oerkomme, hwant sy hat in dûbelde...
Piter Alma wie op in nacht mei Albert to murdejeijen. Ynienen bigong de houn to spoekgûlen. Hja gongen der op ôf. Hja tochten net oars as dikke wite Castor fan Nikolaes Postma hie har hountsje to pakken. Mar dat wie 't gefal net. Hja seagen in berntsje yn in wite doek, dat sweefde. It berntsje seach har oan. It gong oerside foar harren lâns, skean de...
Harkema
Noch net sa mâlle lang lyn traktearre in âld wiif in jonge op pankoeken. Doe't er thús kom, bigong de jonge to koarjen. Dat wie syn gelok. It wienen allegearre slangehûden dy't der út kommen. It gebeurde yn 'e Harkema. Twa fan syn susters woarden doe sa lulk op it âld wiif, dat hja roannen nei har ta en seinen: "Nou silstû, âlde duvel, stjerre!" Mar it...
Doe't myn wiif noch in bern wie gong Sweitse Kim mei krânsen bilans, dy't er út in fearren bêd helle hie. Dêr slepte syn bern op, dat hie bitsjoend west. It wienen twa krânsen. Hienen der trije west, dan hie it bern it net oerlibbe.