Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
39 datasets found
Dutch Keywords: man Place of Narration: Ureterp
Ik haw us fortellen heard oer in sterke Ynse. Hy wie oan 't ploegjen. Der kom in man, dy frege him: "Kenne jo my fortelle, hwer't Ynse wennet?" Ynse hie de ploege optild en der mei wiisd en sein: "Dêr wennet er." Ik haw dit yn Oerterp heard. Ynse mat yn Bakkefean wenne ha.
nl.verhalenbank.23801
Yn 'e Harkema of yn dy buert wennen in pear âlde minsken. Dy hienen it tige krap. Sy wennen yn in âld keet. Sy gongen noait ergens hinne. Doe klommen der al us guon boven op it tek. Dy rôpen troch de skoarstien hinne: "Zijt gij daar?" De minsken dy't ienfâldich wienen, tochten: Dat is ús leaven Hear. Sy seinen: "Ja Heare." Doe liet it jongfolk in heal...
nl.verhalenbank.23848
Yn Bakkefean wenne in man dat wie Menkema, dy seach froeger altyd lykstaesjes. Hy gong dan oan kant om sa'n lykstaesje passeare to litten.
nl.verhalenbank.21040
Tichte by de Godloas Singel hat in boer wenne. Hy hie ris hwat forkocht en dêr hied er gâns jild foar bard. Dat jild hied er yn in blau sekje op 'e rêch. 't Wie tsjuster doe't er weromkom. Der wienen twa mannen, dy wisten fan dat jild. Dy roannen him tomjitte om him to biroven. Doe't de boer fornom dat der hwat oankom, gong er gau ûnder in omkeard skouke...
nl.verhalenbank.25541
Op it Godloas Tolhûs hat froeger in man wenne, dy neamden se Germ Godloas. Dat kom omdat er sa forskriklik flokte en die. Germ Godloas wie frij hwat siik. Der sieten twa man op in nacht by him to wekjen. Doe gongen dy beide mannen der even út. Doe't se der wer yn kommen, doe hie Germ Godloas yn 'e hoeke fan 'e keamer stien, mei de nekke omdraeid. Dat hie...
nl.verhalenbank.25542
Tichte by Wytgaerd, oan 'e oare kant it spoar stiet in boereplaets: It Barrahûs. Dêr komt us op in joun in soldaet mei in hynder. Dy woe dêr dy nachts graech ynkertiering ha. De boer liet him der yn en sette it hynder op stâl. In skoft letter kom dêr dyselde jouns in nachtskoaijer oan 'e doar. Dy woe dêr graech sliepe. Hy kom èk yn 'e hûs. Doe't de...
nl.verhalenbank.24264
Hjir hat in man bitsjoend west, dat wie in soan fan Sytse Hanne. Mar hoe't dat gien is wit ik net.
nl.verhalenbank.30538
Wy ha ris mei ús trijen op 'e fyts nei Hinke Kaert west. Dy wenne op Nijebrêge. Ik en myn broer en Jan. Myn broer wie de âldste, dy kom it earst oan 'e beurt. "Hwat binne jo ûngelokkich", sei se tsjin him. "Ja?" sei myn broer. "Ja," sei se, "jou frou falt der soms samar hinne." Dat kloppe. Doe kom ik oan 'e beurt. Ik sei út 'e gek: "'t Sil my binije hwat...
nl.verhalenbank.23381
Yn 'e Himrik stie in woanwein, dêr wenne in man yn, dy wie mei de helm geboaren. Alle nachten moest hy der ôf en nei 't tsjerkhôf ta. Der waerd dan op 'e wein kloppe en dan sei er 'ja'. Op in kear kom der in lykstaesje lâns by nacht. Dy koe net passeare. Hy moast mei de wein fan 't sté. Dat die er dyselde nachts. De oare deis forstoar der ien. 't wie...
nl.verhalenbank.21019
Op in moarntiid sieten ik en Kobe, myn frou, in kopke thé to drinken, doe hearde ik ien op 'e wei roppen. De lêste wurden dy't sein woarden, wienen: "Kobe, hè?" Doe't ik op 'e wei seach wie der net ien to sjen. In healûre letter miskien hong Kobe in pear wiete dinkjes op 'e line. Dan kom ús buorfrou ta de doar út. Sy sei tsjin myn frou: "It droeget wer...
nl.verhalenbank.25531
Op 'e Sweach by it Godloas Tolhek wie 't lang net plús. Dêr spoeke it. Dat wie in gefaerlik plak. Dêr is in lokomotyf mei tram omfallen. Dêr binne ek twa lju dy't dronken wienen, op 'e rails lizzen gong. Sy binne troch de tram oerriden. Dêr is in plak, dat is hielendal swart.
nl.verhalenbank.21030
Der wie in man, dy moest mei in sekfol sulverjild fan Feanwâlden nei Rinsumageast ta. Dat jild moest er dêr op 't gemeentehûs bringe. Dy man roun de Godloas Singel del, dy rint nei De Geast ta. Doe't er al in moai ein roun hie, seach er twa keardels. Dy wienen noch lang net oan him ta en hy hâldde him hwat forburgen oan 'e kant. Dy twa koenen him wolris...
nl.verhalenbank.30539
Der wenne in postrinder yn Oerterp, dy koe mear as gewoan. Dy sette in stok tusken 'e skonken en dy stok koed er samar nei in oar ta rinne litte. Hy koe in oar ek samar stean litte. Mar hy hie der bot fan to lijen, as er soks die.
nl.verhalenbank.23396
Jurjen Keuning wie in hiel apart man. Doe't er in skoft dea west hie, seinen se: "Jurjen is ek werom. Hy is werom kom as in protter."
nl.verhalenbank.23382
Op in middei wie hjir in frou to praten. Myn frou en hja wienen drok oan 't petear, doe hearde ik ien by de achterdoar roppen fan 'follik!' Ik sei: "Hark, dêr ropt ien." Mar doe't ik dat sei lake dy frou, dy't by ús to praten wie, my út. Hja hienen der beide neat fan heard. Dy frou lake my út. Mar ik hie 't klear heard. Ik sei, 't wie 't lûd fan ien, dat...
nl.verhalenbank.25532
't Wie yn 'e winter. Twa man fan Aldeboarn kommen de jouns let út 'e kroech. Sy hienen in moai sûpke op. Der lei in lyts bytsje iis oer de âld Boarn. Dêr koe net in roek oer. In skoftsje letter roannen dy beide kjirrels oan 'e oare kant fan 'e Boarn. Hoe koe dat? Sy mienden sels dat [se] der oer hinne saeid wienen.
nl.verhalenbank.23817
Biesterfeld wie in moardner. Hy wenne yn Drachten. Dêr wienen se allegearre deabinaud foar. Doe't er op it sykbêd lei, kom de doomny by him. Dy soe foar him bidde. "Hâld jo mar stil," sei er, "ik praet aenst wol mei de man sels."
nl.verhalenbank.23383
As se Ymke Modder (= Y. de Jong) opsluten yn 'e gefangenis, en sy gongen by him wei, dan wie de doar al wer los.
nl.verhalenbank.23397
Hearke Kasje dy krige us in kear by de smid Romkema yn Oerterp ûnder iten it ambyld fan 't blok en dat sette er bûtendoar op 'e strjitte del. Doe't Romkema smije soe wied er deaforlegen. Sels koed er 't ambyld net yn 'e smederij krije. Doe moest Hearke earst komme om 't wer op 't blok to setten.
nl.verhalenbank.23393
Ik haw ris by lytse Kjille west, dy wie kaertlizter op 'e Gerdyk. Ik wie doe krekt troud en sahwat twintich jier. Ik gong der foar aerdichheit hinne. "O heden," sei se, "jou takomst liket goed. As jo hwat wolle, der leit heide njonken jou hûs. Dat matte jo altyd keapje." Ik sei: "Dan mat ik jild ha." Doe sei se: "Dat leit foar jo klear." Wy hienen noch...
nl.verhalenbank.23387
35