Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
17 datasets found
Dutch Keywords: zwart Place of Narration: Jistrum
Tsjoensters matte yn sawn jier tiid op syn minst ien deatsjoene. Oars geane se der sels oan. Se foroarje har faek yn in swarte kat. As se sa'n kat in optuter jowe, rint de tsjoenster de oare deis kreupel. As se de krânsen yn 'e koekpanne opbakke, dan hat de tsjoenster it gesicht forbrând.
nl.verhalenbank.37208
Yn Twizelerheide wenne in âld minske dat koe har yn in swarte kat foroarje. Hja bitsjoende oare lju. Hja tsjoende krânsen yn 'e kessens.
nl.verhalenbank.33442
Op Koatstermoune oan 'e ryksstrjitwei fan Ljouwert nei Grins dêr stiet in boereplaets oan 'e Noardkant fan 'e wei, tsjinoer de wei dy't nei Koatstertille giet. Dêr is us in kear ynbrutsen woarn troch de Swartmakkers. De swartmakkers dat wienen biruchte ynbrekkers, dy wienen mei roet swart makke. Dy wennen yn Burgumerheide. 't Wienen Brouwers. Achter by de...
nl.verhalenbank.22823
Op 'e merken hienen se froeger tintsjes, dêr siet in swarte spegel yn. Dêr gong it jongfolk wol hinne, dan koenen se sjen mei hokker frou se letter trouwe soenen.
nl.verhalenbank.34504
Piter Eekhof, Klaes Glastra en ik kommen us in kear fan 'e Tille en roannen op 'e Ald Dyk. Wy wienen by Douwe Iest op 'e hoeke. Doe sei Piter: "Sjoch, dêr is in hountsje. Sjogge jimme 't wol?" "Né," sei 'k, "allegear merakels, ik sjoch net in houn." De houn bleau mar fóár him en doe wienen we in eintsje de Ald Dyk del, doe sprong der ien achter de hage...
nl.verhalenbank.23747
Ik wenne by Ritske Oebeles (Vries) yn 'e Koaten, doe't ik sa'n jonge wie. Op in joun hienen se 't dêr oer tsjoenen en spoekjen ensa. Dêr wie in hage, dy roan fan 'e wei ôf nei de molkenkelder ta. Der siet in gat yn dy hage. Hja seinen, jouns dan roan dêr in houn troch dat gat. Mar der wie noait ien dy't him seach. Der wenne by dy boer ek in arbeider, dy...
nl.verhalenbank.23743
Ik haw wol ris heard, der moest altyd in swart hynder foar de lykwein rinne. As der in oar hynder foar spand woarde, dan bleau de wein stean. In oar hynder woe net lûke.
nl.verhalenbank.22939
Fan Kollumersweach gong in reed nei 't Wyldpaed ta, dat wie de Tsjerkereed. Dêr wie in lyts bosk oan 'e kant. Dêr yn dat bosk roan jouns altyd in grouwe, swarte houn om, dy spoeke dêr, nei't se seinen. Hy kom by deselden dy't dêr lâns roannen en dan roan er mei dyselden op, in hiel ein, deun by sa'n minske lâns.
nl.verhalenbank.34495
Willem Sjutsjes wenne yn Jistrum. Syn heit wie bargekoopman. Op in kear hearske hjir de fleksykte ûnder 'e bargen. Der wie ek in boer: Marten Posthumus, dy wenne yn de Poes, dy hie ek fleksykte ûnder 'e bargen. Sokke bargen mochten net forfierd wurde. Mar de boer woe se graech kwyt en Willem Sjutses soe se dan mar nei Grins ta forfiere. Dat wie fjirtich...
nl.verhalenbank.22800
Op 't Blaufallaet, tichte by de brêge, farde ris in skipper. Doe kom der fan 'e wâl in hiele grouwe swarte houn mei gleone egen, dy plompte yn 'e feart. 't Wie krekt foar it skip - oan 'e oare kant kom er wer út 'e feart.
nl.verhalenbank.22753
Oan 'e Harstewei is froeger in seinepoep formoarde woarn. Op dat plak ha se in krús yn it gers makke troch der seadden út to stekken. De groun bliuwt dêr altyd swart. Dêr wol gjin gjers wer waechse.
nl.verhalenbank.34508
Us heit hie in feint. Dat wie in sekere Atse Spoar. Hy wenne yn Burgum. Dy leaude oan neat. Op in jountyd hied er fuort west. Sahwat om in ûre of tsien, alve kom er thús. Alhiel fan 'e wize. Hy fortelde hwat er bileefd hie. Der wie in greate, swarte houn oankom en dy wie foar him bleaun en dy hie krekt sa dien as hy die. As hy nei de linkerkant fan 'e wei...
nl.verhalenbank.22839
Op 'e Hamsterwei (fan Koatstertille nei Droegeham) spoeke froeger in dikke swarte houn.
nl.verhalenbank.33458
Ik wol gjin nammen neame, mar hjir yn Jistrum wennen froeger minsken dy woarden skoudere. Dy mochten net by de lytse bern komme en ek net by 't fé. 't Wienen meast âlde froulju. Tsjoensters woarden se neamd. Sy koenen har foroarje yn in swarte kat. Guon woenen net in swarte kat ha, dat fortrouden se net.
nl.verhalenbank.20591
In soan fan Piter Kamminga wenne yn Visvliet. Dy krige forkearing mei in earme faem. Krekt foar har trouwen gongen se us in kear nei Grins ta en doe seagen se dêr yn 'e swarte spegel. Doe kom de dood der foar. Doe seinen se tsjin har, sy soenen àl trouwe, mar de frou leefde net lang. Hja hat ek net lang mear leefd, doe is se stoarn. Dat is nou sahwat...
nl.verhalenbank.24536
Heit en dy rieden froeger mei de hounekarre. Hja wienen ek reiddekker krekt as ik. Op in kear gongen heit en syn broer Liuwe mei de hounekarre nei 't sûkerijfabryk to Burgum ta. Doe sei heit tsjin Liuwe-om: "Sjochst it wol, Liuwe?" "Né", sei Liuwe. De hounen foar de karre woenen net mear lûke. "Mast ris oerside sjen", sei heit. Doe wie dêr in houn, heger...
nl.verhalenbank.37198
Ik en myn broer roannen us troch de Twizeler Mieden. 't Wie al hast nacht. Doe kom der myn broer in hiele grouwe houn op side. Dy wie pikswart. Hy roan deun by myn broer lâns. Ik haw him net sjoen.
nl.verhalenbank.22754
35