8 datasets found
Dutch Keywords: zwart spoken Place of Narration: Boelenslaan
Tusken Blauhûs en de Boelensloane spoeket in swarte houn. Ik haw him wolris sjoen.
nl.verhalenbank.17632
Oan 'e Fjouwer Roede is in loantsje, dêr spoeke jouns en nachts altyd in swarte kat. Skoanheit wie dêr deabinaud foar en doarst foar gjin noch safolle jouns of nachts yn dat loantsje komme.
nl.verhalenbank.21560
Egbert Hoekstra hie nei de faem ta west op 't Fean. Werom hie der in grouwe swarte houn west op it earste eintsje fan 't Blauhûs nei Boelensloane. Dy hie al mar njonken him roan. Hy sei: "Ik kom dêr noait wer lâns."
nl.verhalenbank.24380
Us heit wie net gau bang. Op in kear wie der mei de kroade om kunstmest west nei 't Fean. Myn âldste broer wie by him. 't Wie al tsjuster doe't se werom gongen. Doe't se wienen op it eintsje fan 't Blauhûs nei de Boelensloane rêstten se even út en gongen op 'e kroade sitten. Doe sei myn broer: "Sjoch heit, dêr komt hwat oan." "Wy bliuwe sitten," sei heit,...
nl.verhalenbank.24382
Hjir yn 'e Loane wenne in man, dy hie in bult ierde losmakke. Dat gebeurde by 't hjerst. Dêr kom de jarre yn, dy't by 't maitiid oer 't lân brocht woarde. De man wenne tsjin 'e Fjouwer Roede oan. De jouns hie er de bult hwat sljochte. 't Wie ljochtmoanne. Doe tocht er: "Der leit hwat op 'e ierdbult." Hy der hinne. Doe wie dat in beest, krekt as in fôlle....
nl.verhalenbank.24910
Wy wenje hjir op it Wyldfjild by de Trije Roede. Us famke kom us in kear thús, alhiel oerstjûr. 't Wie yn 1958. Sy trille der oer. "Hwat nou?" sei 'k. "Heit," sei se, "der leit in hiel dik swart ding yn 'e sleat." Ik ha der hinne west to sjen, mar 'k ha neat sjoen. Letter praette ik der oer mei Kees Bijma, dy't hjir tichte by wennet. "It spûket hjir, hè?"...
nl.verhalenbank.24904
Healwei Boelensloane en Blauhûs, dêr spoeke it. Dêr roan altyd in dikke swarte houn, dy roan deun by de minsken lâns. It wie in pleachbeest
nl.verhalenbank.17666
Myn broer kom ris op in nacht mei moai ljochtmoannewaer fan in feestlike forgadering fan 'e muzykforiening fan 'e Rottefalle. Wy wennen doe yn Drachtster Kompenije. It wie nei tolven. Hy wie op 'e fyts en hie de karbydlantearne oan. Hy gong in binnenpaedtsje del dat nei de Fjouwerroede tagong. 't Wie in smel paedtsje fan sahwat in meter breedte. De...
nl.verhalenbank.36053
35