5 datasets found
Dutch Keywords: voorbode lichten dwaallicht
Edze-om wie mem har jongste broer, dy is yn Limburch forstoarn. Dy hearde fan tofoaren al de lûden fan 'e auto's en de fleanmesines. Ek seach er ljochtsjes fan 'e tram. Dat is allegear neikom.
nl.verhalenbank.32821
Ien seach yn 't foarige yn Sumar in pear ljochten skean de heide oer kommen en hy hearde dêr in gerommel by. Dat wie de tram, dy't letter kaem is.
nl.verhalenbank.24614
Op 'e Gariperheide woarde eefkes foar 1900 wol faek sein: "Sjoch, dêr sweeft hwat hinne." Dat wienen de fytsen, dy't letter kommen (foartsjirmerije).
nl.verhalenbank.24630
Us pake fortelde ek dat se froeger in ljocht seagen, dat foarby fleach. Dat seagen se wol faker en op allerhande plakken. Hja biwearden dat dit de lettere ljochten fan 'e fytsen wienen.
nl.verhalenbank.29613
Dêr stie in wettermoune oan 'e Swarte broek, ûnder de Moune-ein. Dêr wie in polder dy't ûntstien is yn 1866. Dêr fan ôf/foarby roun in reed fan Hurdegaryp dwars oer nei Ikkerwâld. Dat wie de Papereed, dêr troch de monniken oanlein. Op in nacht moest heit mealle. Heit wie mounder. Doe seach er fanôf Hurdegaryp twa ljochten oankommen, rjochting Ikkerwâld,...
nl.verhalenbank.32151
35