Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: man voorloop Place of Narration: Garyp
Ik wie sa'n oardeljier lyn by de Kilometerwei ûnder Aldegea. Dêr stie 'k to sjen nei it terrein fan it ierdgas. Wylst ik dêr stie hie 'k hiel sterk it gefoel dat dêr ien fordronk. Ik sei: "Ik mat hjir wei, ik kin hjir net bliuwe." Ik wist net hwa en hwat dêr fordrinke soe. Nou in healjier lyn is Riemmer Benedictus dêr op 't selde plak fordronken. Dat hat...
nl.verhalenbank.22980
It is al hiel lang lyn, doe wenne ik op 'e kooi ûnder Garyp. 't Wie yn 'e nacht. Ik lei op bêd en hie lyk as altyd de kleden iepen. Doe seach ik samar ynienen hiel dúdlik in wei, dêr't auto's lâns tuften. Der wie doe hielendal noch net in wei. Mar dy wei is der kom: de Bolderenwei, en dêr tuffe nou alle dagen de auto's lâns. Dit ha 'k sels sjoen en dat...
nl.verhalenbank.21333
Ergens kaem der in man oanriden op redens. Doe hearden guon in stim út in wek wei: De tijd is verschenen, de man is er niet. Doe ried dyselde dy't dêr op redens oankaem it wek yn en fordronk.
nl.verhalenbank.31496
't Wie yn 'e winter. Guon wienen op 't iis op 'e Burgumer Mar. Doe hearden se in stem: De tijd is verschenen, de man is er niet. In skoftsje letter is dêr in reedrider op dat plak yn in wek fordronken.
nl.verhalenbank.23092
In man út Sumar, dy't nei Grins west hie foar ûndersyk yn it jier 1887 kom op it Barndelân by de Nije Wei in hiel great munster to sjen mei gleone egen. It wie stil waer, mar it sûze en bearde dêr as stie der in stoarm. Letter, om 1893, 94 hinne is dêr it tramstasjon boud, en doe wist er, dat it de foarboade fan 'e tram west hie, dy't stoom út 'e masine...
nl.verhalenbank.21794
Yn Sigerswâld ûnder Garyp is it gebeurd dat in jongfeint oer iis yn in wek ried en fordronk. Krekt fan tofoaren hienen guon heard dêr op dat plak út it wetter wei: "De tijd is verschenen, de man is er niet."
nl.verhalenbank.32119
Myn skoanheit Sjoerd Kingma wenne op 'e ein fan Garyp yn in lyts húske flak by de oerwei fan Nyegea nei Burgum. Hy hearde nacht op nacht it fluitsjen fan 'e tram, deunby, wylst der doe noch gjin tram wie. Dy kaem letter pas.
nl.verhalenbank.23028
Omke Binne seach ris op in joun in bigraffenis. It wie in lykwein mei allegear folk yn rouklean der achter oan. Hy moest oan kant gean, oars rekken se him. Mar yn werklikheit wie der neat. Letter wie de echte bigraffenis dêr op 't selde plak dêr't omke Binne him sjoen hie. Omke wie doe noch by pake en dy yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.32495
Der wie in man dy farde yn in roeiboatsje de Ie oer nei de Burgumermar. Underweis op 'e Ie hearde hy in lûd: De tijd is verschenen, de man is er niet. Mar der gebeurde neat. In oare kear farde er al ris wer nei de Burgumer mar ta, doe hied er in manspersoan by him yn 't boatsje. Op itselde plak as de foarige kear hearden se nou beide it lûd: De tijd is...
nl.verhalenbank.22696
Doe't heit in great jonge wie, seach er gleone ljochten oer de heide. En 't wie ek krekt as rattele der hwat oer de heide. Dat wienen foarboaden fan 'e tram dy't dêr letter kaem is.
nl.verhalenbank.32492
Greate Taeke (= T. Wagenaar, byneamd Syngsang) wenne yn 'e Westerein fan Garyp. Dy wie mei de helm geboaren. Nachts moest hy der wolris ôf, om nei in lykstaesje to sjen, dy't dêr lâns kom. Hy wist dan wer hwa't der stjerre soe.
nl.verhalenbank.23116
35