7 datasets found
Dutch Keywords: man spook Place of Narration: Eastermar
To Eastemar op it Doarpslân stie froeger in boskje. Piter Kamminga roan faek fan Eastemar nei Jistrum. Dat gebeurde meast by jountiid en dan gong er altyd de Achterwei lâns. Dy hat faek sjoen, fortelde er, dat der in gedaente út dat boskje wei kom, dy't dwars oer de wei hinne gong en weiwoarde yn it lân oan 'e oare kant
nl.verhalenbank.21865
Us heit fortelde ek, dat hy hie forkearing hawn mei in faem yn Twizelerheide. Hy roan dan oer de Iest to Jistrum en dan gong er it Wyldpaed del. Op 'e weromreis, op 'e Iest, by de yngong fan 'e Spûkeloane (in stikje fan 'e âlde forbiningswei Ljouwert-Grins) hong altyd in wyt frommes oer de hekke hinne, fortelde er. Hy hie wolris mei in stien nei har...
nl.verhalenbank.28372
Oan 'e Achterwei to Eastemar is in boskje, dat is yndertiid kocht woarn troch Japik Murd (= Hoekstra). Piter Kamminga fan Jistrum kom de Achterwei del. Doe seach er de skime fan in man út dat boskje wei kommen. Hy gong oer de daem. Letter hat Piter dat wol faker sjoen. 't Wie neffens him in spoek.
nl.verhalenbank.34637
Tichte by 't Hegelân yn Jistrum is it Ate-boskje. Dêr hat froeger in man him ophong. Sûnt spoeket dy dêr altyd om.
nl.verhalenbank.28380
Myn skoanheit wenne to Jistrum. It wie in man, dy wie net bygelovich, mar ienkear hat er hwat meimakke, dat wie net gewoan. Hja hienen it húske (de W.C.) achter op 'e telle. Op in kear siet skoanheit dêr, doe seach er dat samar fansels de telledoar iepen gong en ek wer ticht. Skoanheit tocht: Dêr wol 'k mear fan wite. Hy der hinne en doe hat er by de...
nl.verhalenbank.29310
't Wie yn 'e lette hjerst, doe moesten wy op in kear op 'e lette joun fan Jistrum nei Skûlenburch ta om in pear kij fan 'e boat to heljen. Ik hie myn kammeraet by my. Sahwat op healwei kom der ynienen in hountsje tofoarskyn. It roan fan 'e iene daem skean de wei oer nei in oare daem. "Dat is de duvel", flústere myn kammeraet. "Dat hountsje ha 'k hjir...
nl.verhalenbank.29311
In man op in skip seach in forskining. It wie in frou yn in regenkleed. Hy sprekt har oan. Hwat bigeart se? Hy mat nei in dame ta gean yn Ljouwert. Dy rint op 'e strjitte om mei in pakje yn 'e hân. As er it pakje hat giet er werom nei 't skip. Op itselde plak dêr't de forskining wie, is se nou wer. Hy jowt har it pakje, dat er oan 'e putheak hat. It wurdt...
nl.verhalenbank.21844
35