Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: geluid nacht Place of Narration: Houtigehage
Dêr't âlde Jille Pultrum wenne, wenne earder syn heit Durk. Dy lei op in nacht op bêd, doe hearde er planken ratteljen. In healjier letter troude Bareld Pultrum, in broer fan Durk. Doe moesten se hout leegje yn 'e nacht. Doe hearde Durk krekt itselde lûd wer, mar nou wie 't werklikheit. Doe kom Bareld Pultrum dêr to wenjen. Dêr bouden se in hûs foar.
nl.verhalenbank.23724
Doe't ús heit al min wie, hearden wy by ús op in nacht timmerjen en weibrekken fan planken. Mar der wie neat to sjen. Wy wennen yn in foech krot, dat doe't ús heit der ôf rekke, sa'n fjirtsjin dagen letter, koenen se de kiste net yn 'e hûs krije. Doe moesten der planken útbrutsen wurde. Dat wie itselde lûd dat wy in fjirtsjin dagen fan tofoaren dy nachts...
nl.verhalenbank.19586
Us Trui-moai wenne yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema. 't Wie op in nacht. Trui-moai lei yn 't iene bêdsté en Jehannes (Jager) yn 't oare. Truimoai sei: "Hwat is dat, Jehannes?" Jehannes sei: "Ik wyt net." Trui-moai en Jehannes hearden beide dúdlik tikjen op 'e souder. Jehannes woarde deabinaud en kroep by syn mem op bêd. It gong mar troch mei tikjen en dat...
nl.verhalenbank.23988
Ik haw oan matteweven dien. Jouns, as 't iten dien wie, die ik in bout yn 'e kop fan 't mattetastel. Der sette ik him stiif mei. Dan hearde ik nachts de slaggerboom en de triedden ratteljen. As ik him los liet, hearde ik it net.
nl.verhalenbank.37681
Yn Drachtster Kompenije by de feart wenne in boer. Dat wie ien fan 'e Klaes Tyssingsmanlju. Hy hie in greate rige fé. Hoefolle feinten as dêr wol net west wienen dat stuts neat net nau. Dêr woe noait ien bliuwe, hwant it doogde dêr net. Doe kom dêr ris in feintsje, dat wie lytse Albert (= A. Scholte). Dy wie net sa mak. De earste joun hie de boer al tsjin...
nl.verhalenbank.23568
Ik haw us praet mei in man út Wynskoat, dat wie in scheepklinker, dy fortelde my, hy wie op in skip en dêr woarde nachts klonken. It wie sa dúdlik to hearren. Mar doe't se seagen wie der neat to dwaen. De oare deis waerd der echt klonken. 't Wie foartjirmerij.
nl.verhalenbank.23827
Myn skoanheit dat wie de bikende spylman Pije Rasp. Hy wenne mei syn frou meastal yn in woanwein. Dy stie faek yn 'e buert fan 'e Pipe to Drachten. Skoanmem hat faek forteld, dat se dêr gauris klopjen heard hie yn 'e nacht. Dan sei se: "'t Wurde hjir skielk allegear huzen by de Pipe-brêge." En dat is ek útkom.
nl.verhalenbank.29411
35