Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: duivelbanner Place of Narration: Zwagerbosch
As se in duvelbander brûke moesten yn Sweagerbosk gongen se ek wol nei Jonge Jan op it Wytfean en nei Wopke Kroes fan Kûkherne.
nl.verhalenbank.20522
't Woe froeger faek net bûterje, as se oan 't tsjernjen wienen. Dan gongen se nei de duvelbander om guod. Dat struiden se dan om 'e tsjerne hinne en der kom ek altiten in bytsje fan yn 'e tsjerne. Dan wie de bûter der ornaris samar.
nl.verhalenbank.20523
As in koe of in skiep sa siik wie, dan gongen se ek nei de duvelbanner. Dan krige sa'n dier yn 'e measte gefallen in pûdtsje mei duveldrek om 'e hals oan in eintsje tou. Dan hie de tsjoenster gjin fet mear op it beest.
nl.verhalenbank.20524
It tilde fan 'e tsjoensters yn 't foarige. In âld wiif mei in doekje om 'e holle koe der mar fan op oan dat se foar in tsjoenster trochgong. Wie der ien bitsjoend, dan gongen se meastal nei de duvelbander fan it Wytfean: Jonge Jan. Inkeld gongen se ek wol us nei greate Wopke.
nl.verhalenbank.16973
Froeger wie hjir yn Sweagerbosk faek tsjoenderij. Hjir ha minsken wenne, dy krigen in lytse poppe. Dat bern bigong to sukkeljen. Doe gongen de âlden nei de duvelbander ta. Dat wie Jonge Jan fan it Wytfean. (Dêr gongen in protte minsken hinne) Doe ha se it bêd iepen makke. Dêr sieten twa krânsen yn, dy wienen hielendal klear. De trêdde in stik hinne. As se...
nl.verhalenbank.17102
By ús oer de wei wennen lju dy hienen in berntsje, dat sukkele altiten. It bern sliepte op in fearren kessen. Doe ha se yn dat kessen sjoen en doe sieten dêr in pear krânsen yn. Yn dy krânsen sieten allerhande soarten jern. Jern, dat se dageliks brûkten. Allerhande kleuren. In winkelfrou, dy't jern to keap hie, krige de skuld der fan. Dy hie 't bern...
nl.verhalenbank.20521
Ik hie hjir in omke oan diz kant it spoar. 't Wie Japik-om. Dy hie hwat buorkerije en in winkel. Oan 'e oare kant it spoar wenne in âld minske, dat helle alle jounen molke by Japik-om wei. Dan gong se mei Japik-om yn 't bûthús. Dan bifielde en bitaestte se alle seis bisten en dan sei se: "Hwat is dat in moaijen ien en hwat is dat in prachtich bist." Sa...
nl.verhalenbank.17359
7