Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: doodskist voorloop Place of Narration: Opende
Froeger seagen de manlju wolris yn 'e swarte spegel. In man, dy't oarspronkelik fan 'e Houtigehage kom, hie der èk yn sjoen. Doe seach er de frou, dêr't er letter mei troud is. As in man in kiste krige to sjen yn 'e spegel, dan soed er net trouwe.
nl.verhalenbank.25963
Yn Drachtster Kompenije wenne Klaas Schuurman. Dy wie troud. Hy seach op in nacht himsels dea yn 'e kiste lizzen. Doe liet er him forsekerje foar tsientûzen goune. Dêr moest wyks in ryksdaelder foar bitelle wurde. Doe't er de polis goed en wol hie, doe stoar er. Doe koe syn wiif útkearing krije en har letter rêdde. Hja is doe troud mei syn broer Harm.
nl.verhalenbank.24163
Op 'e merken wienen froeger altyd wiersizzerstinten. Dêr koenen jy yngean, dan kommen je foar de swarte spegel. Je krigen dan it wiif to sjen, dêr't jy mei trouden, of in deakiste. Dat lêste bitsjutte dat jy net trouwe soenen.
nl.verhalenbank.24171
Douwe Stavasius syn heit Fokke wie us in kear op 'e klaei by in boer yn 't wurk. Hy siet by de boer yn 'e keamer en sy dronken in pantsje thé. Fokke dy siet mar nei ien punt to staren en hy sei hielendal neat. "Is der hwat?" sei de boer. "Dat kin ik jo net fortelle", sei Fokke. "Hwerom net?" frege de boer. "Omdat it jou jonkje is", sei Fokke. De boer...
nl.verhalenbank.25896
Douwe was ook us in kear met syn seun Fokke in 't heidefjild oan 't sodesteken. Ynienen hoorde hij in klap. Hij sei teugen Fokke: "God, Fokke, wat is dat?" "Wat bedoelt heit?" sei Fokke. "Hestou die klap niet hoard?" "Ik hè niks hoard", sei Fokke. Die seun Fokke kwam in skoftsje letter te sterven. De broer fan olle Douwe kwam op 'e begraffenis. Hy wou...
nl.verhalenbank.25897
Us heit makke froeger deakisten. It gebeurde soms, dan hearde hy fan tofoaren yn 'e nacht dat der timmere woarde. Dan sei er: "Ik mat ek wer in deakiste meitsje." Dan kommen se de oare deis by him, dan moest er ien meitsje.
nl.verhalenbank.27302
35