Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: doodskist voorloop Place of Narration: Kootstertille
Der wie in boerefeint, dy lei yn 'e nacht op bêd. 't Wie yn 'e simmer. Hy sliepte yn in bêdsté yn 't leech bûthús. Doe seach er dat se in kiste yn 't bûthús delsetten. Hy gong der ôf om to sjen hwa 't dêr yn lei. Doe seach er him sels yn 'e kiste lizzen. Hy woarde tige kjel. Hy gong by de boer wei. Hy tocht sa it needlot to ûntrinnen. Nei jierren kom er...
nl.verhalenbank.27973
Op in kear doe hie ik nei tsjerke ta west, yn 'e Koaten. Ik wie op 'e fyts. Der fytste ek ien njonken my. Doe sei dyselde tsjin my: "Hwat fytse jo hurd." "Ja", sei 'k. Even letter fytste ik wer gewoan. Ik sei: "Hjir komt fan 'e wike in lykstaesje lâns. Hjir stjert ien. Ik seach de lykstaesje oankommen. Ik woe earder de hoeke om wêze." 't Kom krekt sa út.
nl.verhalenbank.21443
Myn soan hie to melken west. Op 'e Koatster wei sahwat by de skoalle sprong it hynder samar ynienen oer de wei en rekke yn 'e hage. Myn soan hie ek noch krekt in keppel bern by him op 'e wei. Hy fortelde it my, doe't er thúskom. "Dus," sei 'k, "it hynder moest rûmte meitsje? Mast der om tinke," sei 'k, "dat dêr binnenkoart in lyk lâns komt." En 't wie ek...
nl.verhalenbank.21444
Us Gjetsje is stoarn oan 'e Spaense gryp yn novimber 1918. Us mem hat alles in wike of seis fan tofoaren sjoen. Mem sei doe: "Hwat mat dy lykwein hjir op 't hiem?" Der wie doe hielendal net in lykwein. Hja hearde de wein draeijen en piipjen. De kiste stompte tsjin 'e doar oan en kraste tsjin 't kezyn. Letter is 't krekt sa gebeurd. De kiste stompte tsjin...
nl.verhalenbank.29555
Sa'n trije jier lyn kom âlde Antsje fan 'e Twizelerheide yn 'e hûs (sjoch B65-168 en 169), doe stie der in deakiste by har oer 'e flier. Antsje tocht: hoe kin dit? Sy skrok der tige fan. In skoftsje letter, doe wie de kiste wer fuort. Hja koe 't har net begripe hwat dat bitsjutte moest. In troude dochter fan har, dy't net sa jong mear wie, rekke siik. By...
nl.verhalenbank.27977
Myn soan wie bûtermakker. Op in moarn gong er op 'e fyts nei syn wurk ta. Hy soe út 'e daem wei oer de wei, mar dêr woarde er keard. Hy stapte fan 'e fyts, mar der wie neat to sjen. Ik sei tsjin him: "Dêr komt earstdeis in lyk troch. En 't wie ek sa. In wike letter gong dêr in man dea. It wie op 'e hoeke fan 'e wei nei Opperkoaten. De kiste moest rûmte...
nl.verhalenbank.21439
Myn suster lei mei t.b.c. hjir njonken. Hja wie tige min. Op in moarn kaem ik by har. Doe sei se tsjin my: "It is sa fremd, ik hear hyltyd dat se oan 't timmerjen binne." Fuort dêrnei is se stoarn. Hja hat it timmerjen oan har eigen kiste heard.
nl.verhalenbank.29702
35