Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Dutch Keywords: doodskist voorloop Place of Narration: Drachten
Myn jonge - Jehannes - wie in jier of tolve, hy gong noch nei skoalle. Wy wennen yn 'e Houtigehage. Op in kear gong hy der yn 'e nacht ôf en doe seach er skean nei in hoeke fan 'e keamer. Dêr bleau er mar nei stean to sjen. Ik sei: "Jonge, hwat sjochstû dêr?" "Ik sjoch in houten bakje," sei er, "mei in swart kleedtsje der oer." Sahwat in jier letter...
nl.verhalenbank.24667
Ergens yn 'e Wâlden wenne in âld-feint. Dy wie arbeider by de boer. Hy wie mei de helm geboaren en moest alles sjen. De boer dêr't er by wenne, hie twa soannen. Ien dêrfan woardde great mei de faem. Dy faem moest fan him bifalle. Sy mienden 't elkoar wol, mar de boer woe syn tastimming net jaen. Doe gong de soan mei syn faem nei dy arbeider ta. Dy wenne...
nl.verhalenbank.19696
De swarte spegel hienen se froeger altyd op 'e merken. Dêr koe men jin takomstige frou yn sjen. Òf men seach in deakiste. Dat woe sizze dat men net trouwe soe. Men moest achterstofoar wer ta de tinte út gean.
nl.verhalenbank.25581
Ik wenne yn 'e Boelensloane by Bareld Bijma yn 't keammerke. Wy wienen krekt troud. Wy wienen sahwat seis en twintich jier en hienen al in pear bern. 't Is nou sa'n fyftich jier lyn. Wy leinen op bêd. Doe sei 'k tsjin myn frou: "Ik ha hjir in kistje yn 'e hûs sjoen. Dêr matte wy oerhinne stappe as wy fan 't bêd ôfkomme. Sawn jier letter ha wy in jonkje...
nl.verhalenbank.22934
Tabe Bergsma fan Drachtster Kompenije fortelde dat hy hie in famke forlern. Wiken fan tofoaren hie er it famke al yn 'e kiste lizzen sjoen, by syn bêd. 't Wie yn 'e nacht, doe't er it sjoen hie. Hy lei doe op bêd. Sa hat er 't ek sjoen, doe't it bern nei 't hôf brocht waerd. (Tabe Bergsma wennet nou op 'e hoeke fan de Knipe).
nl.verhalenbank.30885
Mem fortelde, ergens yn 'e Rottefalle sieten ris guon op in joun yn 'e hûs mei de lampe op. Doe hearden se dat dêr in kiste ta de doar yn skoud woarde. Se hearden ek de hingsels tsjin 'e kiste oanfallen. Trije dagen letter forstoar der ien yn dat hûs.
nl.verhalenbank.33155
De jouns foar har dea woarde der hwat by ús oer de flier smiten. Doe seinen wy: "Hark ris." Wy tochten dat de kat it die op 'e souder. Mar letter, doe''t hja dea wie, kommen de dragers hjir en dy smieten twa bankjes oer de flier, dêr't de kiste op stean moest. Dat wie krekt itselde lûd.
nl.verhalenbank.25464
As jo op jou stjerbêd in ding oan ha, dêr't op snein oan naeid is, dan kinne jo net stjerre. Beppe hat it meimakke mei in berntsje dat wie noch mar sawn maenden âld. It wie hiel bot siik. Mar it koe noait stjerre. "Hat er ek hwat oan dat op snein naeid is?" sei doe de buorfrou. "Ja," sei beppe, "dat himdsje." Doe ha se him dat himdsje útdien en doe...
nl.verhalenbank.33776
Heit (Tseard Veenstra; byneamd Tseard Kuorke) en syn buorman Theunis Veenstra wennen yn Boarnburgum. Op in nacht let wienen se oan 't murdzjen. Doe kommen se by in plak, dêr gong it drok op in timmerjen. Dêr wenne in timmerman. "Hark," sei heit tsjin Theunis, "dêr sil noch wol ûnforwacht ien stoarn wêze, dat se dêr in deakiste meitsje sa let yn 'e nacht."...
nl.verhalenbank.18127
Der hat in boerefeint op 'e Suderdwarsfeart wenne, dy wie ek mei de helm geboaren. Dy tsjinne to Drachten by in boer op it Súd. Tichteby wenne in arbeidersfrou, dat minske wie yn forwachting. Mar hja wie sa soun dat, hja die al har wurk oan it lêste ta. It fremde wie, as de feint tafallich by har wie of mei har praette, wie er och sa stil en seach mar...
nl.verhalenbank.33773
Yn 'e swarte spegel koe men de takomst sjen. Der kom in frommes yn of in deakiste. Dat frommes soe men mei trouwe. De deakiste bitsjutte dat men net trouwe soe.
nl.verhalenbank.29400
Dyselde man fan Meppel fortelde ek: Der wie in man, dy handele altyd. Hy slepte faek by in boer. Op in kear wied er op in joune let by dyselde boer oankom. Tichte by de plaets fan dy boer wie in tsjerkhôf. Dêr wie dy koopman lâns kom. Doe hied er tocht: "It is nacht, hwat fremd, der binne noch in pear minsken op 't tsjerkhôf." It like him ta dat dy in...
nl.verhalenbank.25164
35