Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
21 datasets found
Dutch Keywords: dood waarzeggerij
Thomas Klare fan Houtigehage koe kaertlizze. Ik en myn maet ha ris nei Ljouwerter Merke ta west. Dêr wienen njoggen kaertlizters. Wy ha by alle njoggen west, mar sy seinen it alle njoggen oars. Mar ik ha ek ris mei twa fan myn maten by Hinke Kaert west to Nijebrêge. Hwat Hinke sei, dat kaem altyd út. Sy bea ús bier oan. De hearen ek in potsje? sei se....
nl.verhalenbank.15911
Yn Kloosterburen wie in keppeltsje folk by de boer oan 't wurk. 't Wie snein en it reinde. Auke Pultrum en Boardzer Bruining fan Boelensloane wienen der ek by. Boardzer sei: "Wy forfele ús. Sil ik jim de kaert lizze?" Doe helle der in spul kaerten foar den dach. "Lûk dêr mar guon út", sei er. "Heden," sei er doe, "ik ha iderkear in swart mantsje mei in...
nl.verhalenbank.25219
MB: "Op het gymnasium toen hebben ze gevraagd op welke leeftijd ik doodging. En toen stond er: op mijn achttiende." KvW: "En haar broertje is al twaalf, en toen stond er dat 'ie op z'n zesde doodging, dus... Daar klopte geen ene moer van. Want je moet echt zo'n bord hebben. Die kan je bij sommige winkels kopen." TM: "Welke?" KvW: "Ja, bij uh, van die uh,...
nl.verhalenbank.18629
Der wenne yn Feanwâldsterwâl in faem dy woe graech trouwe. Doe gong se nei in swarte spegel ta en seach dêr yn. Doe krige se in deakiste to sjen. 't Wie har eigen deakiste. Koarte tiid dêrnei is se stoarn.
nl.verhalenbank.31053
Yn 'e swarte spegel krige men it beeld to sjen fan it frommes, dêr't men letter mei trouwe soe. Troude men net, dan forskynde der in deakiste yn 'e spegel.
nl.verhalenbank.27252
Us mem sei faek, as de klok op in deadske menier lette: "Der hinget in deaden oan 'e bingel." Dan kom der in deaden letter.
nl.verhalenbank.15627
Frou Pander seach altyd fan tofoaren as der guon dea gean soenen.
nl.verhalenbank.17030
Us mem fortelde, in jongfaem fan Surhústerfean gong ris nei Ljouwert ta nei in wiersizter. Hja woe graech de takomst witte. Mar dy wiersizter woe it earst net sizze. De faem hâldde oan, hja woe it witte. Doe sei de wiersizter op it lêst, hja hie de bigraffenis fan dy faem sjoen. In pear wiken letter wie dy faem dea.
nl.verhalenbank.31026
Jurjen en Melle har heit wie overleden. De widdou bleau mei de beide jonges sitten, dat wienen doe noch mar fan dy baeskes. Doe sei greate Sjoerd op in kear tsjin har: "De earste man dystû hjoed tomjitte komste, dat wurdt dyn twade man." En dat kaem ek sa. Har twade man dat wie Abraham van der Leest, in broer fan har earste man.
nl.verhalenbank.31810
Yn Grins (Helperwestsingel 44) wenne in wiersizter. Dy hat harsels forbrând. Om 'e sawn jier mat in wiersizter ien dea meitsje, oars giet se der sels oan of sy meitsje har sels fan kant. (zelfmoord) Dat hûs is noch stees ûnbiwenne. Der sitte planken foar de finsters
nl.verhalenbank.22925
Yn 'e Feanster feart by de Melle Poalsreed hat in frommes om likernôch 1915 hinne sjoen dat in jonkje forsûpe moest. Dat frommes wie Sikke Antsje. Fuort dearnei is dear in jonkje forsûpt.
nl.verhalenbank.15607
Der wie in frou yn 'e Westerein, dy seach èk yn sa'n swarte spegel. Doe waerd se o sa kjel, hwant sy krige in deakiste to sjen. Doe seinen se tsjin har: "Jo hoege jo net bang to meitsjen, hwant dat hindert neat. Jo trouwe skielk mei jou swager. Mar dy frou mat earst stjerre. Dêr sjogge jo de deakiste fan." It is krekt sa útkaem.
nl.verhalenbank.30094
By Durke Pyt - dy wenne op 'e Uleflucht to Drachten - kom us in jonge, dy makke in spegel roetswart. Hy frege of der ien wie, dy't graech ien sjen woe dy't dea wie. Pyt sei, sy woe graech har heit noch us sjen. De jonge bigong to mineuveljen en to roppen. Der kom in gedaente foar. 't Wie Pyt har heit, sprekend gelyk sa't hy dêr 't lêst útsjoen hie mei...
nl.verhalenbank.22873
Doe't âlde Hiske v.d. Meer noch net troud wie, gong se us mei in pear fan har kammeraetskes nei Grinzer merke ta. Doe stie dêr in tinte mei in swarte spegel der yn. "Sille wy ris sjen hwat der foar ús weilein is? sei Hiske. Doe gongen se yn 'e tinte. Mar doe't Hiske yn 'e spegel seach, krige se in deakiste to sjen. Sy wennen yn Grinzer Pein. Har mem is...
nl.verhalenbank.16134
Yn Grins hienen jy in swarte spegel. As jo dêr yn seagen en jo wienen noch net troud, dan seagen jo dêryn dejinge, mei hwa't jo trouwe soenen. As jo net trouwe soenen, dan krigen jo in deakiste to sjen.
nl.verhalenbank.27277
Yn 'e Trynwâlden wenne in faem, dy gong nei de wiersizter ta. Dy fortelde har, hja soe binnen it jier stjerre. De faem wie alhiel forbûke. Alle fleur wie der út. Sy bigong to kwinen en rekke op bêd. Sa gong der in jier foarby, mar doe't dat jier òm wie, leefde se nòch. Doe sprong se út it bêdsté wei en rôp: "Dat smoarge wiif hat it allegear liichd!" Sy...
nl.verhalenbank.20184
By Hinke Kaert op Nijebrêge kom us in minske, dat makke har soargen oer de takomst. Hinke sei tsjin har: "Jo hoege jo nergens soargen oer to meitsjen. Jo komme mei koarten yn in houten húske to wenjen, ûnder it skaed fan hege beammen. Jo hoeve nergens foar to soargjen, foar gjin húsrie noch oare spullen." De frou wie gerêst en gong nei hûs ta. Mar koarte...
nl.verhalenbank.20185
Hjir wennet in âld-feint oan 'e Spekloane. Dat is greate Miente (Taekema). Dy hat us in kear foar de swarte spegel stien. Doe krige er in deakiste to sjen. Doe hat er letter noait trouwe doarst. Hy hat wol omgong mei froulju hawn, mar hy is altyd âld-feint bleaun.
nl.verhalenbank.24874
In soan fan Piter Kamminga wenne yn Visvliet. Dy krige forkearing mei in earme faem. Krekt foar har trouwen gongen se us in kear nei Grins ta en doe seagen se dêr yn 'e swarte spegel. Doe kom de dood der foar. Doe seinen se tsjin har, sy soenen àl trouwe, mar de frou leefde net lang. Hja hat ek net lang mear leefd, doe is se stoarn. Dat is nou sahwat...
nl.verhalenbank.24536
In 't begin van mijn verblijf te Broek leefde er een oude vrouw, op Zuiderwoude geboren. Die kon kollen en de toekomst voorspellen. Volgens het verhaal was zij met een helm geboren. De ouders hadden de helm niet verbrand (wat een noodzaak is), maar verkocht aan zeelui die hem mee op een schip hadden genomen. Nu werd zij niet van die rare dingen verlost,...
nl.verhalenbank.8599
35