3,052 datasets found
Dutch Keywords: vrouw Place of Narration: Surhuisterveen
By it Bomkleaster yn 'e buert, dêr ha jy de Skalkepaden, dwars troch de lannen hinne. Dêr spoeke in great wyt frommes.
nl.verhalenbank.27231
In wjerwolf is in minske, heal man, heal frou.
nl.verhalenbank.22080
Us mem wie faem by in boer yn Greategast. Hja siet ris ûnder in koe to melken. Doe wie der in hiel lyts mantsje by har kom. "Hwat dochstû hjir zo vroeg in de morgen?" hie se sein. Doe wie dat mantsje ek samar wer wei west, krekt as wie 't yn 'e groun sonken.
nl.verhalenbank.24256
Op 'e Mûzegroppewei is ris in faem formoarde woarn en fuort dêrnei makke de heit himsels ek noch fan kant. Doe kommen der bloedplakken yn 'e flier. Dy ha se der noait wer út krije kind. Sa lang it hûs dêr stien hat bleauwen dy bloedplakken dêr yn 'e flier. Se ha der fan alles oan dien. 15 jier lyn is 't hûs ôfbrutsen.
nl.verhalenbank.36077
Peije wie myn styfheit. Dy syn mem is bitsjoend woarn troch in stikje tsiis. 't Minske is der fan wei rekke.
nl.verhalenbank.24439
In swarte spegel hienen se froeger op 'e merk yn in tintsje. Der wie ris in keppel manlju meielkoar yn sa'n tinte en doe kom der in keardel mei de kop ta de kiste út. Ien fan 'e manlju dy't der by stie stuts him de gek oan. Doe sei dy keardel yn 'e kiste tsjin him: "Meitsje dû mar datst thús komst mei dyn stoater (= 12_ cent) yn 'e bûse en bihandelje dyn...
nl.verhalenbank.24431
Op in kear doe siet Douwe Stavasius by ús. Der stie op it hiem in buorfrou mei in lyts bern op 'e earm. Hy sei tsjin har: "Ja, Janke, dû silst net lang mear mem fan dat bern wêze." Binnen trije wiken wie it bern dea.
nl.verhalenbank.27575
In nachtmerje is in frommes. Der wie in boer, dy hie in hynder. Dat dier hie alle nachten lêst fan 'e nachtmerje. Op in kear struide hy kaf oer de rêch fan 't hynder. De oare moarns siet der in frommes yn 't hok, dy struts har it kaf fan 'e klean ôf.
nl.verhalenbank.25391
Jelle Tryntsje hat myn muoike deatsjoend (in suster fan myn heit). Sy kom sa nou en dan by har en dan sei se: "Hoe is 't nou mei Sjoeke?" Dan nom se Sjoeke hwat mei en sa. Doe't Sjoeke dea wie sieten der trije krânsen yn 't kessen.
nl.verhalenbank.25226
In soan fan myn twadde man giet nei de Tille ta nei 't wurk. Op in moarn seach er dêr in frommes stean mei in molkbus by de wei. "Moarn Tiet", seit er. "Moarn Jan", seit se. "Yn 'e tiid dat ik nei har seach," fortelde er, "stie der in kat op 'e dyk." Doe wie Jan kjel woarn. Nou, dan wite jo it wol.
nl.verhalenbank.22213
Fan 'e Surhústerfeanster toer oan it Jachtfjild ta spoeke froeger in neaken frommes. Dat wie yn 'e nacht tusken tolwen en ienen. Wy doarsten dêr nachts net lâns.
nl.verhalenbank.22164
Der wienen guon dy seagen yn har droom swarte froulju. Dat wienen froulju yn regenkleden. Dan kom der letter in sterfgefal yn 'e famylje of yn 'e omgeving.
nl.verhalenbank.26842
Yn 'e swarte spegel krige men it beeld to sjen fan it frommes, dêr't men letter mei trouwe soe. Troude men net, dan forskynde der in deakiste yn 'e spegel.
nl.verhalenbank.27252
Ik haw us op bisite west. Werom passearde ik it tsjerkhôf fan 'e Boelensloane. 't Wie al hast nacht. Doe spriek der ien fan it tsjerkhôf ta my: "Hier zal uw rustplaats zijn, maar ach, wasnneer?" Dat hat ien fan 'e deaden west, dy't dat sei. Doe moesten wy letter noch nei Limburch ta. Mar wy bin hjir letter wol wer kom."
nl.verhalenbank.24438
Boardzer Bruining syn suster Feik fortelde my ris, hja hie ris as bern in stikje koeke krigen fan in minske dêr't se fan seinen dat dy tsjoene koe. Feik har mem hie har 't stikje koeke ûntkrigen en yn in kuorke lein. De oare moarns hie 't in pod west.
nl.verhalenbank.24426
Letter doe wennen wy fierderop yn 'e Harkema, omtrint by de brêge. De frou wie siik, dy hie de gryp. Sy lei yn 't bêdsté. Ik siet yn 'e keamer to krantlêzen. De frou seach út it bêdsté wei nei bûten ta en sei tsjin my: "Oebele, dêr stiet reade Willem syn hûs yn 'e brân!" Ik sjen, de kant nei de Pauloane út, hwant dêr wenne reade Willem, mar dêr stie net...
nl.verhalenbank.22051
Us mem seach de dingen ek foarút. Hja hat ek de hiele bigraffenis fan myn soan fan tofoaren sjoen. Hja wie ek mei de helm geboaren. Myn suster ek. Myn pake ek. Twa neven en in nicht ek. 't Sit yn ús famylje.
nl.verhalenbank.24257
Myn man hat murdefanger west. Op in kear wie Piter de Graaf mei myn man to murdejeijen. Sy wienen yn 'e Kompenije op in âld reedtsje. Doe sei Piter tsjin myn man: "Wolst even oan kant gean?" "Hwerom mat ik oan kant?" sei myn man. "Gean even oan kant," sei Piter, "hwant der komt in lykstaesje oan." "Och, rin hinne", sei myn man. Mar hy wie even mei Piter...
nl.verhalenbank.24425
Myn skoanmem hiet fan Tijke. Dy wie troud mei Albert Land. Sy wennen by 'Driewegen' yn 'e Harkema. Har suster Antsje wenne yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema. Op in kear wie Antsjemoai by skoanmem to praten west. 't Wie al op 'e joun en sy soe wer fuort. Mar sy wie noch mar krekt fuort of sy kom werom. Hja fleach der oer en rôp: "Hearink, de wereld forgiet!...
nl.verhalenbank.22052
De frou fan Aelsen Hollander hiet fan Tsjutsje. Dy wie siik. Bontsje, de frou fan Jits de Vries kaem faek by har to kofjedrinken. Bontsje wie in tsjoenster, it lei dus foar de hân dat dat minske Tsjutsje bitsjoend hie. Hja gongen nei Frânse Hinke ta, de duvelbanster fan 'e Rottefalle. "Hwa komt faek by jimmes?" frege Hinke. "In âld minske, Jitse Bontsje",...
nl.verhalenbank.37528