Hy koe de froulju de rokken útsakje litte. Dêrtroch wienen de froulju sa bang foar him.
nl.verhalenbank.37962
Op it slot en it loantsje en de kamp yn Stiensgea spoeke frou Wikel.
Saekje mei de kape tsjoende ek yn Stiensgea.
nl.verhalenbank.23646
Dat heb ik wel eens horen vertellen. Er was hier in de buurt iemand die had de macht om de mensen met kar en paard van de dijk te laten rijden. Het was een vrouw. Dat was ook nog in mijn kinderjaren.
nl.verhalenbank.127469
Myn buorfrou hat in kear in nachtmerje hawn. Doe sei se gau it 'Onze Vader' op. Doe wie de nachtmerje meiiens fuort gong, doe't se sei: "En verlos ons van de boze."
En de nachtmerje hat der noait wer west.
nl.verhalenbank.33865
Ik ha wolris mei in frou praet dy't in pleachbeest sjoen hie. 't Seach der út as in greate houn en 't hie hiele greate egen. Mar 't hie har neat dien.
nl.verhalenbank.11554
Heit en mem gongen folle to jounpraten. Dan kommen se let yn 'e nacht werom. Mem fortelde, op in kear hienen se wer to jounpraten west. Se wienen ûnderweis nei hûs ta, doe gong heit even by har wei. Doe wie der in pleachbeest by mem kom, mar dat roerde har net oan. Efkes letter wie 't wer by har wei gong.
nl.verhalenbank.33530
Eens kwam hij [de vader van de verteller] een vrouw tegen.
's Avonds weer natuurlijk. 't Was een sombere gedaante in 't zwart gekleed.
Ze staan vlak voor elkaar. Dan grijpt hij er op, slaat zijn armen dwars door het vrouwmens heen; maar dan is ze weg; niets meer te zien.
nl.verhalenbank.43202
Kûpers Tsjitske waerd altyd Poeke Tsjitske neamd (poeke = poes), omdat se har foroare yn in wite kat. Har namme wie van der Zwaag. Har man wie timmerman. Hja hie altyd in kat by har. En dan loerde se altyd, krekt as in kat.
nl.verhalenbank.33120
Wy ha yn Gariperheide wenne. Doe't de tram der noch net wie, hearde ús mem de lûden al. Sy hearde him oer de rails hinnegean.
nl.verhalenbank.22788
In tsjoenster is meastentiids in âlde frou, dy't har, nei't se sizze, yn in kat foroarje kin.
nl.verhalenbank.37839
Behekste karn
Kwam wol es veur. Dan kunnen ie mit gain meugelkheid botter kriegn. De hekse zat er dan in. Dai wat mensn zeden wol s: "Zal wol n old wief in pist hebben." En dan botterde t ook ja nich.
nl.verhalenbank.43160
Da was een nieuwe kerk in Waalwijk. Daar was een vrouw uit
Holland. Toen ging die mevrouw mee die kinderen naar de kerk.
En de Lieve Vrouw die knikte, omdat de kinderen zo mooi gebid
had. Dat verhaal ging zo snel rond, dat veel mensen daar gingen
kijken.
nl.verhalenbank.126798
In stik of hwat fammen fan Wierum hienen nei Moddergat op bisite west, nei kunde. Yn 'e bocht by de Blauwe Daem spoke it altyd. Doe't de froulju de jouns werom kamen seagen se dêr in lykstaesje. Doe setten se werom op Moddergat ta. Sy doarsten dêr net foarby.
nl.verhalenbank.27829
Yn Jobbegea haw ik in frou kend, dy gong nachts út bêd wei. Dan mòest se hwat sjen.
nl.verhalenbank.28267
It is nou sahwat twa, trije jier lyn. Ik lei mei 't wiif op bêd, dêr op dat bêdsté. Doe kamen der midden yn 'e nacht trije froulju ta 't hûs yn stappen. Griet sei: Ik sjoch se net.
Ik sei: Ik sjoch se wòl. Sy kamen oan 'e koai ta. Ik seach se dúdlik, Griet seach neat. Doe gongen se werom, en even letter wienen se fuort. Dat is trije nachten achter elkoar...
nl.verhalenbank.16996
Hjir yn 'e Westerein roannen froeger pleachbeesten.
Alde Jelle Janke hie us nei de winkel ta west to boadskipjen. Doe hat se in great blau dier sjoen. Dat roan mei har op en 't bleau by har oan hûs ta. Dat wie in pleachbeest.
nl.verhalenbank.20573
Op 'e Skieding by Drachtster Kompenije hienen je de Jankedobbe. Dêr is yndertiid in faem yn fordronken. Dat sil Janke west ha. Letter hearden de minsken dêr nou en dan jouns in gekjirm en dan seagen se dy faem boven de dobbe lânssweven.
nl.verhalenbank.36675
In nachtmerje wie in frommeske. Sy kom ta 't slotsgat yn 'e hûs. Dêr gong se nachts de minsken op 't boarst sitten. Dan bisetten de siken har.
nl.verhalenbank.27793
As skoanheit yn 'e wike nei syn wurk ta wie, siet skoanmem altyd allinne. Nachts wie se ek allinne thús. Faek is it gebeurd, as se jouns by de lampe siet, dat der dan ynienen hwat by 't dak delglied en dan gong de lampe út.
nl.verhalenbank.33137
Der binne guon, dy kinne de spylkaerten dounsje litte. Dan dounsje se allegear trochinoar. Op it lêst misse der twa. Dat is ien fan 'e hearen en de frou fan in boer. Dy binne der togearre tuskenút knypt.
nl.verhalenbank.25557