3,497 datasets found
Dutch Keywords: vrouw Place of Narration: Boelenslaan
Ik hie in muoike, dat wie Jehannes Wyts. It wie in âld tsjoenster. Sy wenne op 'e Houtigehage. Ik hie in dochterke, dat wie ús Iebel, dy gong sneins nei de sondagsskoalle en dan joech Wytsmuoi har wol us in muntsje. Op in kear doe stjûrde myn wiif Iebel nei Japik Bron om petroalje. 't Wie al op 'e joun. Doe kom ús Iebel alhiel fan 'e wize thús. Alde...
nl.verhalenbank.24441
Us heit en mem wienen noch mar krekt troud. Doe rekke ús mem slim yn 'e loop en sy wie der ek noch bot koartsich by. Der wenne op 'e Houtigehage, flak by Luchtenveld in sekere Piter Scheper. Heit sei: "Dêr mastû hinne, dy makket dy samar wer better." Mem woe earst net, mar op 't lêst liet se har biprate. Piter hie yn 'e skuorre lein to ierpelskiften....
nl.verhalenbank.24456
Myn pake (ús heit syn heit) hat Sterke Hearke noch kend. Pake wie in hiel plat keardeltsje, hy koe tige wrakselje. Hy woe Hearke graech ris sjen. Sterke Hearke wenne op in spultsje oan 'e Lytse Wei. Mei noch in pear fan syn maten sette pake dêrhinne. Se makken hwat lawaei by de doar. Griet, syn wiif, sei: "Der binne guon by ús by de doar." Mar Hearke wie...
nl.verhalenbank.32234
Op 'e Bulten yn 'e Klontsjebuorren yn 'e Harkema hie myn swager Piter op in joun syn faem krekt nei hûs ta brocht. (Piter Rauwerda; syn wiif Saek is myn suster). Doe't er weromkom seach er in hiel great wyt frommes. Dêr woarde hy sa bang foar, dat hy kom mei barstengewelt yn 'e hûs stouwen, mei de klompen noch oan. Dat spoek hie by de dyk lâns roan....
nl.verhalenbank.28279
In tsjoenster foroaret har yn in kat. Sy hat it meastal op lytse bern forsjoen. Dan gûlt sa'n bern de hiele nacht. In tsjoenster is yn de regel in âld-minske.
nl.verhalenbank.28129
Myn heit fortelde, njonken syn folk wennen Albert (Bos) en Gees. Gees hie nou en dan pine. Op in nacht kom se wer ris by heit en dy fanwege de pine. Heit sei: "Fordomd, hast wer nei âlde Wyts west to praten?" "Sjoch Gees," sei heit, "dit mast mar ris opdrinke." Doe joech er har in kopfol brandewyn mei in dikke skoat terpentyn der yn. De oare deis moest...
nl.verhalenbank.24699
In nachtmerje is in frommeske. Hja komt troch 't slotsgat. De minsken setten de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan, dan hienen se der gjin lêst fan, woarde der sein.
nl.verhalenbank.28316
Heit en mem wennen yn 'e Houtigehage, sahwat krekt op 'e grins fan Boelensloane. Op in moarn sei mem tsjin heit: "Der woarde fannacht sa timmere en mei planken smiten hjir op 'e heide, ik ha der net fan sliepe kind. Hjir komt grif in nij hûs." In jier letter stie dat hûs dêr.
nl.verhalenbank.28312
Myn wiif har folk seagen froeger allegear wylde lantearnen op 'e Folgersterloane. 't Wie in rige ljochtsjes achterelkoar. "Sjochris," sei skoanmem, "sa'n weinen achterelkoar." Dat woarde letter de tram fan Drachten nei Grins.
nl.verhalenbank.17652
Op 'e Skieding (by Grinzer Pein) is us ien formoarde. Myn wiif komt dêr wei. De post kom by ús en fortelde 't. Wy der hinne. It minske lei yn 'e kelder. Sy hienen har mei in bile de holle ynslein. Der sieten bloedplakken op 't sket. Dy koenen se der net wer wei krije. Mei gjin semint. Dy bleauwen sitten.
nl.verhalenbank.23939
Us buorfrou sei us tsjin my: "Hearst it wol, Antsje, hoe'n gerattel as der yn 'e loft is? Soe men der net binaud fan wurde? Hwat is dat nou?" Hwant der wie neat to sjen. Letter is de tram dêr kom.
nl.verhalenbank.21903
Tseard Boomsma syn mem kom us by ús en doe sei se tsjin ús mem: "Hè, hwat let dy klok hwer raer. Der komt wer in sterfgefal."
nl.verhalenbank.21409
Imke de Jong koe in frommes, dat de wei lâns gong, sa mar neaken útklaeije litte. Hy koe de minsken ek stean litte.
nl.verhalenbank.21422
Der wie in man ûnderweis en der wie ek in frou ûnderweis. De man hie in teefke by him, de frou in hountsje. De man en de frou bleauwen by elkoar stean. It hountsje bleau ek stean, it slikke it teefke om'e kont hinne. De man en de frou seagen it en de man sei tsjin 'e frou: "Sa moesten wy èk nochris." Doe sei de frou: "Dat kin wol. Dan matte jo mar op in...
nl.verhalenbank.27912
Der wie in juffer, dy hie in teefke. Dat hountsje koe se net bûten rinne litte, hwant it wie loopsk. "Hwat mat ik dêr oan dwaen", sei se tsjin har buorman. "Jo matte 't hountsje benzine op 'e kont dwaen," sei dy, "dan bliuwe se wol by him wei." Dat die dy juffer doe, en sy gong mei 't hountsje to kuijerjen. Doe kom der har in dame tsjin, dy hie ek in...
nl.verhalenbank.27913
Kostverloren sa hite in mennich huzen tichte by de Skieding en de Trije Roede. Dêr wenne in man dy roan by syn frou wei. Hy liet har sitte. It wie in Hollander. Us beppe frege him: "Man, hwerom geane jo fuort?" "Och," sei er doe, "de kost is hier doch ferloren." Sadwaende ha se dat streekje 'kostverloren' neamd.
nl.verhalenbank.21433
De nachtmerje is in frommeske. Om gjin hinder to hawwen woarden de klompen omkeard foar 't bêd set. Mar dat hat my noait hwat jown. Se dienen ek duveldrek ûnder 'e drompel. Ek struiden se moal op 'e stoel foar 't bêd.
nl.verhalenbank.19595
Myn heit en mem (Thoma en Klare) reizgen nei de merken ta. Op in nacht ha se in rare gisel makke. Se woarden mei de hounekarre en de fjouwer hounen derby op it Wytfean samar oer de beammen hinne tild en kommen yn 'e sleat tolânne.
nl.verhalenbank.19596
In protte reizgen froeger nei de merken ta om dêr yn 'e swarte spegel to sjen. Dan krigen se de frou of de man to sjen, dêr't se mei trouwe soenen. Trouden se net, dan kom der in deakiste yn 'e spegel.
nl.verhalenbank.21425
Antsje Pitstra lei op har stjerbêd. Sy koe net ta stjerren komme. It wie net altyd like moai gong yn har leven. Doe ha se my der hinne roppen. Ik hie wol ris faker mei har praet. Doe't ik dêr kaem, sieten alle glêzen/gerdinen ticht en der siet in grouwe swarte houn deun tsjin 'e glêzen oan. Ik hie fuort yn 'e rekken hwat dat bitsjutte. Ik kaem by Antsje....
nl.verhalenbank.16044