3,607 datasets found
Dutch Keywords: voorteken Place of Narration: De Westereen
Makket men in kikkert dea dan bigjint it to tongerjen.
nl.verhalenbank.36832
As in houn spûkgûlde bitsjutte dat dat der hiel yn 't koart ien deagean soe dy't tichteby wenne. Dêr wienen de minsken froeger o sa bang foar.
nl.verhalenbank.36816
By de brêge yn 'e Westerein hearden guon op in kear 'help!' roppen. Mar der wie neat. Letter is dêr in jongfeint forsûpt. Doe hearden se krekt itselde help-gerop.
nl.verhalenbank.36817
Trapet men op in pod, dan komt der tonger.
nl.verhalenbank.29787
Omke hearde ek psalmsjongen yn 'e loft. Dat wie de foarboade fan 'e radio en de t.v.
nl.verhalenbank.36857
As wy froeger yn 'e Westerein op 'e hoeke stienen seagen wy jouns wolris wylde lantearnen, skean oer de greiden. Dat wienen foartekens fan 'e auto's.
nl.verhalenbank.36277
Froeger woarde der sein: As jo de kikkerts deaslagge, dan krije wy tonger.
nl.verhalenbank.25135
Ik wie in jonge fan sa'n alve jier. Wy kamen út Grinslân en krigen in nij húske yn 'e Sweachster Mieden (ûnder Kollumersweach). Doe't wy dêr oankamen op in jountiid om alve ûre hinne mei in pream, seagen wy healwei de brêge in ljochtsje brânnen by ús yn 'e hûs. Doe't wy tichterby kamen wie 't út. 't Hûs wie noch net klear, wy moesten earst in skoft yn in...
nl.verhalenbank.36808
Trape men op in pod, dan bigoun it to tongerjen.
nl.verhalenbank.29721
Spûkgûlde der in houn, dan gong der ien dea. Wy wienen dêr froeger bang foar. As der in lykstaesje oankaem wienen de hounen bang.
nl.verhalenbank.36819
It gebolder fan 'e trein ha se hjir fier fan tofoaren heard doe't der noch gjin trein wie. Doe't hy der letter wie, seinen se: "Dat wie 't hwat wy doe heard ha."
nl.verhalenbank.38410
As heit hwat oan mem fortelde, dan paste mem der op of it ek neikomme soe. Hwant hja twifele soms oan syn wurden. Mar it kom altyd út. Hwat hy fan tofoaren sjoen hie, dat gebeurde letter.
nl.verhalenbank.34547
As men op in pod trape kaem der tonger, waerd der altyd sein.
nl.verhalenbank.32041
Op in pod mochten wy net traepje, hwant dan soe 't bigjinne to tongerjen.
nl.verhalenbank.32141
Yn 'e Harkema ha se yndertiid in nije tsjerke boud. Op it plak dêr't dy tsjerke kaem to stean, hearden guon fan tofoaren al psalmsjongen. Dit fortelde de skoanmem fan myn dochter, frou Veenstra, dy't yn 'e Harkema wennet.
nl.verhalenbank.29763
It spul dêr't nou Hindrik en Ael wenje, ha guon minsken fan tofoaren yn 'e brân sjoen. Letter brânde it op.
nl.verhalenbank.17499
Yn Feanwâlden is us in hûs opbrând. Guon ha dat hûs fan tofoaren yn 'e brân sjoen.
nl.verhalenbank.24472
Froeger wienen der gjin wekkers en ek gjin horloazjes. Dan tikke it achter it bêdsket en ek wol ûnder 'e weech. Dat wienen de wylde horloazjes! "Dat binne de wekkers woarn," sei ús mem, "dy't nou op it bêdsbuordtsje stean." (foartsjirmerij)
nl.verhalenbank.33867
Myn suster wenne dat in eintsje út. Hja hie in âlde buorfrou, dy hie in geit. Dy geit, dat wie suver har breawinning. Dêr hie se de molke fan en dan makke se ek noch bûter en tsiis. Op in kear kom se by myn suster en sei: "O o, 't is net bêst, it binne allegear dragers by my yn 'e hûs (dragers = aasvliegen). As de geit mar net dea giet!" (Hja tocht dat dy...
nl.verhalenbank.33864
Op 'e Fogelsang yn 'e Westerein waerd op in plak algeduerigen timmerjen heard, mar der wie neat to sjen. Letter setten se dêr in boerespultsje del.
nl.verhalenbank.19534