3,464 datasets found
Dutch Keywords: toverij Place of Narration: De Westereen
As men trije kear achterelkoar 'ja' seit, dan is men bitsjoend.
nl.verhalenbank.29747
Minne Ael wenne by de Swâdde. Dat wie in echte tsjoenster. Dêr wienen se allegear binaud foar. Ien dy't se bitsjoene woe, hat ris tsjin har sein: "Smoarge, âlde duvel, dû kryst my net!"
nl.verhalenbank.33680
Stammerige Harm hie in wikseldaelder.
nl.verhalenbank.25435
Hanne Kramer (= Hanne de Vries) wie in tsjoenster. Hy fortelde der wolris hwat oer. Hy sei: "As tsjoensters geane wy meielkoar nei Lieverdeloo, dêr hâlde wy avondmael. Dan binne it Fokke Sjouk en Piters Willemke dy't tafeltsjinje (Fokke Sjouk en Willemke wienen ek tsjoensters fan 'e Westerein). Hanne Kramer koe eintsjes fleane. Dat wisten alle minsken...
nl.verhalenbank.34570
Hy koe alle doarren iepen krije. Net in slot, dat tsjin him bistand wie.
nl.verhalenbank.29792
Fan in tsjoenster mat men noait hwat opite. Hwant dan wurdt men sels bitsjoend.
nl.verhalenbank.19451
Om tsjoensters to kearen moat men duveldrek ûnder 'e drompel dwaen of in krús foar de doar sette.
nl.verhalenbank.17482
Yn 'e Verlengde Stationsstrjitte hjir yn 'e Westerein is 't us gebeurd, dat der in hynder en in wein oankom. De wein woe ynienen net fierder. Neffens in âld frou, dy't dêr by wenne, wie 't gjin goed spul. It wie tsjoenderij, sei se.
nl.verhalenbank.21532
Alde Piters Willemke dy't hjir wenne, wie in tsjoenster. Sy koe fleane. Har man Piter hie gjin skouders.
nl.verhalenbank.26198
Mei tsjoenderij dienen se duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.36545
De tsjoensters lieten de pânse ek faek achter yn 't bêd. Dan wienen se der sels op út to tsjoenen. In skoansuster fan my hat ris njonken sa'n pânse op bêd lein.
nl.verhalenbank.33824
Toverboeken hite ek wol duvelboeken. De tsjoensters hienen sa'n boek.
nl.verhalenbank.19411
Yn Ljouwert wenne in man, dy koe de minsken stean litte. Dan koenen se net fan 't plak komme. Hy koe de minsken ek dounsje litte, dat se net wer ophâlde koenen.
nl.verhalenbank.30097
As wy as bern nei Piters Willemke, de tsjoenster ta moesten, seinen wy fantofoaren gau even trije kear achterelkoar: "Né, âlde duvel, krijst my net!"
nl.verhalenbank.36340
Soms soe er mei syn maten fuort. Dan hellen se him oan, mar dan lei Hanne noch op bêd. "Gean mar fuort," sei er, "ik kom jim aenst wol nei." Dan stie er in tsien k.m. fierder har op to wachtsjen.
nl.verhalenbank.36281
It gebeurde wol dat Hanne der mei syn kammeraden op út wie. It iene momint wienen syn kammeraden by him, it oare momint wie der nergens mear in Hanne to sjen. As se dan hjir of dêr hinne soenen stie er op in plak, dêr't se lâns kommen achter de ien of oare beam har op to wachtsjen.
nl.verhalenbank.36280
Yn Twizelerheide wenne in frou, dat wie in tsjoenster. Dêr doarst net ien hwat op to iten, sa bang wienen se dat se dan bitsjoend wurde soenen.
nl.verhalenbank.36275
Tsjoensters matte alle sawn jier op syn minst ien deatsjoene. Dogge se dat net, dan gean se der sels oan.
nl.verhalenbank.25433
Guon stjûrden skoppenboer fuort. Dan stie der even letter in flesse drank op 'e tafel mei de kaert der oan.
nl.verhalenbank.20788
Tsjoensters foroaren har yn swarte katten.
nl.verhalenbank.36539