As jo fan in tsjoenster hwat oannimme en dat ite jo op, dan kin se jo bitsjoene.
nl.verhalenbank.23878
Oetse jonges fan 'e Rottefalle forlearen altyd de lytse popkes. Sy masteren mei Frânse Hinke. Der waerd sein, dat Hinke se allegear bitsjoend hat.
nl.verhalenbank.25173
Alde Bearn van der Woude fortelde: "Ik en myn faem wienen togearre by de Bearnewyk yn Drachtster Kompenije. Wy makken plannen om to trouwen en dêr praetten wy oer.
Der wie iderkear in lyts katsje by ús, dat sei: - Miau - miau. Ik skopte him yn 'e wyk. Fierder wie der net in minske. De oare deis kom Rikele Myt by my en sei: 'Soa, soenen jim ek trouwe?'
Net...
nl.verhalenbank.23725
Hessel Meijer soe mei stokken nei Skoat ta nei de hynstemerk om dy dêr to forkeapjen.
Alde Jan Scholte fan 'e Trije Roede soe ek mei. Dy soed er de moarns ophelje. De stokken hie Hessel yn in bosk op 'e rêch.
Jan Scholte wachte op him. It duorre him to lang, dat doe roan er Hessel mar tomjitte. Doe't Jan Scholte sahwat oan it hûs fan Sytse Liger ta wie,...
nl.verhalenbank.21694
Minse Griper hie in toverboek. Dêr learde er út. Hy moest derút foarút en achterút lêze.
Der binne minsken, dy kinne neat mei sa'n toverboek bigjinne.
Op in duer wol elkenien it graech kwyt, hwant sy wurde bang foar harsels.
Sy kinne it allinne mar kwyt wurde, as se it yn 'e rogge smite.
nl.verhalenbank.24303
De tsjoensters siede nuddels yn in panne en dan stekke se der mei yn popkes om.
nl.verhalenbank.23874
As tsjoensters op 'e biezemstôk troch de loft fleagen waerden se heksen neamd. Der waerd wol sein dat hjir twa wienen: in mem mei in dochter.
nl.verhalenbank.31119
Skoppenboer wie de fornaemste kaert út it hiele kaertspul. Jy koenen der in flesse drank mei komme litte. Dy't Skoppenboer tusken syn kaerten hat, dy wint it altyd.
nl.verhalenbank.24299
Ritske (v.d Meer) en Aeltsje hienen in jonkje Germ. Dat jonkje woe net groeije. It siet yn 'e pogge. Hja tochten dêr kinne wolris forkearde hannen oer gean, dat se gongen nei de duvelbander ta. It bern wie sa meager as branhout. As Janne Luts (Mulder) dêr foarbykaem woe se altyd graech ris nei 't jonkje sjen. De duvelbander sei: "Sjoch mar ris yn 't...
nl.verhalenbank.31118
Minse Griper liet soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dy bigounen dan to dânsjen.
Hy koe ek in flesse drank komme litte troch in spylkaert. Mar op in kear doe woe net ien dy flesse drank oannimme, doe hat er hast dea west. Doe ha se gau ien ophelle, dy't him oankrige.
nl.verhalenbank.23791
Wy kommen us in kear fan Eastemar ús mem en ik. Doe't wy oan 'e Fjouwer Roeden ta wienen, kom Minse Griper der oan.
Dy sei: "Sjoch, jonge, hjir hast in boltsje fan my."
Mem sei: "Net oannimme."
Wy roannen binnen troch en hy makke in hiele omwei nei Houtigehage. Mar hy wie der folle earder as wy, hwant hy wie der hinne flein.
nl.verhalenbank.23790
Ritske Postma kom us by de Houtigehaechster wyk. Hy wie doe noch net troud. Oan 'e oare kant de wyk dêr wenne âlde Jetse Jel mei har dochter.
Jel wie in tsjoenster, woarde der altyd sein.
Doe seach Ritske dy beide froulju de wyk delkommen. Sy woenen oer de wyk. Ritske seach dat se in biezemstok tusken de skonken hienen. De mem en de dochter sieten foar...
nl.verhalenbank.21634
Alde Rikele Myt en noch in frommeske wienen op wei nei de hemel ta. Rikele Myt wie in tsjoenster en koe fleane. Hja sei tsjin 't minske: "Gean my mar op 'e rêch sitten." Sa fleagen se dêr togearre hinne. Doe't se oan 'e himel ta wienen sei Myt: "Hobbe - hobbe - hobbe -" De hemelbewaerders wienen bang woarn en útnaeid en doe makken hja gau dat se yn 'e...
nl.verhalenbank.28403
Ik ha in frou kend, dy hie in berntsje, dat gûlde altyd.
Rikele Myt kom dêr altyd oan om to freegjen hoe let as it wie. Myt wie in bikinde tsjoenster.
Doe tochten dy lju: "Us bern kin wolris bitsjoend wêze."
Doe joegen se har de rie nuddels en spjelden to sieden yn in panne, dan kom de tsjoenster wol op 'e lappen.
En doe wie 't èk sa. Rikele Myt kom by de...
nl.verhalenbank.25870
Alde Rikele Myt forkocht ek ierpels. Skoanmem en dy hellen der wol ierpels wei. Dan sei Myt: "Jimme meije myn ierpels wol, hè?"
Skoanheit hie in suster, dy woe der gjin ierpels wei ha. Lutske hiet se. Dy miende mar fêst dat de ierpels fan Myt bitsjoend wienen.
Letter wenne dyselde Lutske op 'e Trije Roede by har dochter yn. Sy wie doe al âld en Rikele Myt...
nl.verhalenbank.24561
Piter Scheper koe de lju útklaeije op 'e wei.
Piter Scheper koe de lju steanlitte op 'e wei.
nl.verhalenbank.23821
Alde Manus (en Syts) fan 'e Houtigehage liet wite mûzen ta de hurddobbe út komme. Syn muoike - Antsjemuoi - liet soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme.
nl.verhalenbank.23588
Der wie in tsjoenster, dy koe fleane. Hja fleach
over bossen, over bomen,
over alle waterstromen.
Sa gong 't op Spanje yn nei de wynkelder.
nl.verhalenbank.24031
Guon stjûrden froeger skoppenboer der op út om in flesse jenever. Der wienen ek guon, dy koenen soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dy bigongen dan to marsjearen.
nl.verhalenbank.24568
Frânse Hinke hie popkes, dêr stuts se dan yn mei nuddels.
Dan krige it bern pine dat se bitsjoende.
nl.verhalenbank.25612