3,464 datasets found
Dutch Keywords: toverij Place of Narration: De Westereen
Under 'e hekke fan 't lân, dêr't hynders yn roannen, hienen se froeger duveldrek lizzen. Se wienen bang dat der forkearde lju yn 't lân komme koenen dy't de hynders bitsjoene woenen.
nl.verhalenbank.36276
In hekse mat om 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet se sels dea.
nl.verhalenbank.29810
Imke is ek al ris út 'e gefangenis weiflucht. Doe koenen se him net wer krije. Sy sieten achter him oan. Hy siet yn 't kanael en wie nergens mear to sjen. Hy wie ûnder wetter. Sy mienden dat er dea wie, doe't er yn 't wetter sprong wie en net wer boven kom. Hondert meter fierder lei er fansiden by de wâl. Hy wie hondert meter onder wetter lâns syld.
nl.verhalenbank.25444
As de tsjoensters jouns fuortgongen gebeurde 't wol dat se de oare moarns mei in stikkene earm of skonk thúskommen.
nl.verhalenbank.26205
Jan Oenes wenne yn Sweagerbosk. As hy der op út wie liet er syn pânse thús. Hy koe tsjoene. Sa is er op in kear stoarn. Doe bleau syn pânse achter. Der ha guon hinne west to sjen. Der lei in roune bult op 'e strjitte. Dat wie syn pânse.
nl.verhalenbank.30103
Froeger wenne der yn Grinslân in boer, dy hie in tsjerne. Dêr roan in hynder foar. Dat hynder wie bitsjoend. Deis woe 't hynder net tsjernje, jouns wòl. It roan de hiele nacht troch. Dan wie 't de oare deis allegear brokken.
nl.verhalenbank.25137
Wie de tsjerne bitsjoend, dan koenen se gjin bûter krije. Dat gebeurde froeger faek. Dan gongen se nei Wopke ta om ried.
nl.verhalenbank.33755
Oan 'e Swemmer wenne in âld minske, dat wie in echte tsjoenster. Dy hat wolris ien deatsjoend wurdt der biweard. Jy koenen der ek net hwat opite. Der hat ris in man hwat by har opiten. Doe't hy der wei kom wied er bitsjoend.
nl.verhalenbank.36359
Der wenne to Twizel in boer, dy syn fé hat bitsjoend west. De dieren wienen sa meger as branhout en se joegen gjin molke mear. Se wienen altyd wyld. Se hellen de féarts der by, mar dy koe der neat oan dwaen. Doe wie der in gewoan mantsje, dat sei: "Jimme matte in pear flessen guod helje mei duveldrek der troch." Dat ha se dien. In wike of hwat letter...
nl.verhalenbank.25133
Alde Piters Willemke wie in tsjoenster. Alde Piter woe net by har sliepe. Hy lei nachts yn 't hok yn 'e hounekarre. Dan lei Willemke yn 'e keamer. Piter sei: "Ik wol nachts net by in pânse op bêd lizze." Hja foroare har nachts yn in kat, sa gong se der op út to tsjoenen. Har pânse liet se thús achter.
nl.verhalenbank.34565
Ien dy't bitsjoend is, en dy komt to stjerren, sa'n ien wurdt net stiif.
nl.verhalenbank.20908
Heit handele wol yn skiep. Hy hat wol guon hawn, dy kwynden wei. Dan hie Jan Oenes se bitsjoend.
nl.verhalenbank.20920
Dy't yn 'e swarte spegel seach koe hwat fan 'e takomst gewaer wurde.
nl.verhalenbank.29723
Ik leau fêst oan foartsjirmerij. Dat praet gjin minske my út 'e holle wei. Mar tsjintwurdich wol men dêr net mear fan wite. Dêrom hâld ik my mar stil. Mar ik fornim genôch. Nachts falt der hjir wolris in planke del of hwat oars yn it hûs, dat it komt der skielk wei. Dêr bin 'k wis fan.
nl.verhalenbank.19421
Wy hienen nòch in buorbrou, dy gong èk foar in tsjoenster troch. Se sieten dêr froeger wòl yn Twizelerheide. Dat minske mocht net by de boer yn 't bûthús komme, hwant dan woe 't net tsjernje; dan koenen se gjin bûter krije.
nl.verhalenbank.33825
Katten (tsjoensters) hâldden nou en dan forgaderingen. Dan songen se psalmen.
nl.verhalenbank.36578
Yn 'e Westerein hat in tsjoenster west, dy gong der yn 'e nacht altyd op út to tsjoenen. Hja en har man slepten byinoar, mar as hja der op út wie, dan lei der in kouwepânse njonken de man op bêd.
nl.verhalenbank.24579
Der binne minsken dy kinne har sels in lint ta de noas útlûke. Doe't Ringer sa'n jonge baes wie, hat er us sjoen dat ien dat die.
nl.verhalenbank.20723
Hy hie in duvelsboek, dat koed er net kwyt wurde. Hy wie in raren-ien yn syn jonge tiid. Hy hat dat boek forbrând, mar dat joech neat. It kom likegoed wer. Op 't lêst bigong er to bidden. Hy is bikeard. Doe is er 't kwytrekke.
nl.verhalenbank.21617
Om gjin tsjoensters yn 'e hûs to krijen leinen wy duveldrek ûnder 'e drompel, ek wol foar de drompel. Dan koe de tsjoenster der net ynkomme. De bern droegen faek duveldrek op it boarst, yn in lapke binaeid oan in eintsje tou. Dan koe de tsjoenster har neat dwaen.
nl.verhalenbank.36341