Hekseharm koe ek tsjoene, seinen se, en syn wiif ek.
Harm hie in wikseldaelder. As er dy útjoech, kom dy altyd wer werom.
nl.verhalenbank.38321
Hanne Kramer fan 'e Westerein koe tsjoene. Hy gong altyd mei oar folk út 'e Westerein nei 't wurk ta om fierrens.
Dat folk helle him oan. Op in kear kamen se ek by him om him oan to heljen. Doe lei er noch op bêd. "Gean mar fuort," sei er, "ik kom letter wol." Doe't hja op it wurk kamen wie Hanne dêr al. Hoe koe soks nou? Dat doogde net.
Hy wie in man fan...
nl.verhalenbank.37645
In kat kin him yn in minske foroarje en in minske yn in kat. Sa'n minske is in tsjoenster.
nl.verhalenbank.28445
Om 'e sawn jier mat in tsjoenster ien deatsjoene, oars giet se sels dea.
nl.verhalenbank.38650
Mem har broer wie troud mei in dochter fan âlde Minne Ael. Alde Minne Ael wie in greate tsjoenster, dêr hienen de minsken it net op stean. Har dochter wenne yn Kollum. It wie myn muoike. Dy koe èk tsjoene, seinen se.
Froeger hienen jy altyd Kollumer merke yn oktober. Dêr gyng ik faek mei heit hinne. As wy dan by muoike oangongen woe heit net lije dat wy...
nl.verhalenbank.34477
Jehannes Koaning (= Jhs. Postma) fan Twizelerheide koe in rige soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte.
Hy hie ek in toverboek.
nl.verhalenbank.22002
To Grins kochten Ymke en Auke en Wytse in pakje tabak foar in dûbeltsje. Ymke bitelle de man. Hy lei de sinten op 'e toanbank del. Mar doe't de man se krije soe, leinen der gjin sinten.
Ymke sei: "Nou opgepast. Nou sil 'k se jo yn 'e hân dwaen."
Hy lei se de man yn 'e hân, mar doe't er him omkearde wie de hân leech.
Sokke kueren hied er altyd. De man hat...
nl.verhalenbank.22028
Klaes Tammes fan 'e Godloaze Singel liet eintsjes ta de hurddobbe útkomme.
nl.verhalenbank.22159
Mei Skoppenboer kinne guon in flesse drank komme litte.
nl.verhalenbank.10698
Klaes Tammes liet soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme.
Hy wenne oan 'e Godloassingel. Hy die it us in kear, doe wienen der praters. De soldaetsjes kuijeren de hiele keamer yn 't roun.
De praters waerden sa bang, dy naeiden út.
nl.verhalenbank.21980
Stammerige Harm woarde ek wol neamd Ekse Harm (= Hekse Harm?). Hy koe tsjoene en foroare him soms yn in kat. Minne Ael, dy't by de Swôdde wenne, wie ek in tsjoenster.
nl.verhalenbank.23776
Yn 'e Harkema wenne in man dy't it fé siik makke. Hy rekke it allinne mar even mei de hân oan.
nl.verhalenbank.10695
Ik hie in suster Jitske, dy is sa'n fiif jier lyn forstoarn. Hja wenne yn Hiltsjemuoiwâlden, hwat achterút. Tichteby stie in húske, dêr wenne in man-allinne yn. Dy man dat wie in tsjoenster.
Dêr stie nòch in âld húske, dêr wenne in âld wyfke yn. As myn suster by dat âld wyfke kom, dan wie 't sloof alhiel ûnstjûr. Myn suster fortocht dy frijgesel der fan...
nl.verhalenbank.34463
Hil wenne yn Himpens by de boer. Ik ha letter faem west by deselde boer.
Yn de tiid dat Hil dêr wenne woarde it Ljouwerter kermis. Doe wie dêr krekt in skilder oan 't wurk by 't hûs, dêr't Hil wenne. Hja biloofde dy skildersfeint, hja soe mei him kermis hâlde. Hil nom it foar gekheit op, mar hy foar tinken. Dat hja gyng net mei him.
Mar doe ha se nuvere...
nl.verhalenbank.33437
Bontsje Knjillis wie net allinne mei de helm geboaren, hy koe ek tsjoene. Tominsten, sa biskôgen wy it.
Mei in keppel jonges haw ik ris op in snein by him ta de apels sitten. Ik wie doe noch in jonge. Doe't wy de apels opite soenen, wienen se allegear giel en brún fan binnen. Hy hie se bitsjoend. Wy doarsten se net op to iten en ha se fuortsmiten.
nl.verhalenbank.38628
Tsjallings Gjertsje fan 'e Falom wie in echte tsjoenster. Kij holp ris op in kear ús buorman yn 't hea. Doe sei dy buorman op in moarntiid tsjin Kij: "Helje even fiifentwintich takken by Gjertsje wei." Kij farde nei har ta mei de skou.
Doe't hy der wie rôp er har by de namme. Doe kom se by him, mar it hie sa raer like. In pear egen, hy soe earst wer fuort...
nl.verhalenbank.33433
Hjir yn Twizelerheide wenne âlde Piters Willemke. Dat wie ek in âld tsjoenster. Se seinen altyd, dy fleach op 'e biezemstok troch de loft.
Op in kear doe wie Willemke fuort. Doe lei har binnenste op bêd. 't Wie krekt as wie 't in pounse dy't dêr lei.
Ek in kear doe wie Willemke siik. Doe wekken se by har. Doe soenen se nei har sjen, doe lei dêr in pounse...
nl.verhalenbank.33430
Minse Griper wenne oan 'e Spekloane yn Boelensloane. It wie in âldomke fan my. Syn wiif Tryn (Snipel) wie in suster fan myn beppe Antsje (Snipel), dêr't ik nei neamd bin.
Minse Griper hie in toverboek. As er dêr yn lêsde dan kommen der soldaetsjes ta de hurddobbe út en dy bigongen to marsjearen. As er achterút lêsde, gongen dy soldaetsjes wer moai ta de...
nl.verhalenbank.20092
Op 'e Tille wenne Reid Keuning. Dy koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Myn swager hat der wol hinne west, dy hat it sjoen. Dy soldaetsjes marsjearden yn gelid.
Mike Ruerd fan 'e Harkema koe 't ek.
nl.verhalenbank.10696
Hja tsjoenden krânsen yn 'e kessens. Dy waerden dan opbrând. Wylst dy opbrând waerden kamen de tsjoensters om 'e doar hinne to razen. Mar sy koenen der net yn komme, hwant alles wie sekuer tichtmakke, de skoarstien, de kaeisgatten en alle kieren.
nl.verhalenbank.38319