1,971 datasets found
Dutch Keywords: toveren Place of Narration: Houtigehage
Dy't yn in swarte spegel seach, koe alles sjen, hwat er mar sjen woe. As der ien fuort wie en dy woenen jy graech sjen, dan krigen jy dyselde to sjen. Der wienen ek wol guon dy seagen it net, 't siet him yn 'e soarte fan minsken. As der hwat wei wie, seinen se: "Even yn 'e swarte spegel sjen."
nl.verhalenbank.24300
Ik sei tsjin Jan Koe (= Jan de Meer): "Jou jirpels komme net op, Jan." "Né," sei Jan, "se binne bitsjoend, ik ha se fan ien dy't tsjoene kin."
nl.verhalenbank.23872
't Gebeurde froeger wol gauris dat der krânsen yn 'e kessens sieten. Deselde dy't dêr slepte wie dan bitsjoend.
nl.verhalenbank.29415
Der binne minsken, dy kinne oare minsken fêstsette. Mar 't is mar tydlik.
nl.verhalenbank.24250
Ik ha wolris by sa'n ien west, dy koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Der wienen wol forskate dy't dat koenen. Mar as ik der by wie, koenen se it net. Ik sei dan: "Doch it ris." "Né," seinen se, "wy dogge it net."
nl.verhalenbank.24301
Minse Griper koe mei 't toverboek ek soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte.
nl.verhalenbank.25593
Alde Rikele hat wol sein, as syn wiif, âlde Myt nachts fuort wie, dan leinen allinne de yngewanten njonken him op bêd.
nl.verhalenbank.24560
Gjerte Jel en Janne Luts wienen mem en dochter. Hja koenen allebeide tsjoene. Sy gongen jouns op 'e biezem sitten en sa fleagen se troch de loft. Guon ha har alris oer de wyk fleanen sjoen.
nl.verhalenbank.25880
Alde Piter Scheper hie buorkerije en wenne op Luchtenveld. Dy koe de minsken stil stean litte. Sy hienen 't net rjocht op Piter stean. Hy koe de minsken de koarts ek ôfnimme.
nl.verhalenbank.25884
Frânse Hinke fan 'e Rottefalle tsjoende krânsen yn 'e kessens. As sa'n krâns foltoaid wie, stoar dyselde dy der op lei to sliepen. Der siet fan alles yn sa'n krâns. Allegear triedsjes fan dingen dêr't oan naeid of stoppe wurdt.
nl.verhalenbank.25611
Guon hienen in toverboek. Dat koenen se noait wer kwyt wurde, woarde der sein. Ek guon hienen in toverstokje.
nl.verhalenbank.22036
In tsjoenster mat om 'e sawn jier ien deatsjoene. Oars giet se sels dea.
nl.verhalenbank.25174
Minse Griper hie in toverboek. Dêr learde er út. Hy moest derút foarút en achterút lêze. Der binne minsken, dy kinne neat mei sa'n toverboek bigjinne. Op in duer wol elkenien it graech kwyt, hwant sy wurde bang foar harsels. Sy kinne it allinne mar kwyt wurde, as se it yn 'e rogge smite.
nl.verhalenbank.24303
De tsjoensters siede nuddels yn in panne en dan stekke se der mei yn popkes om.
nl.verhalenbank.23874
Skoppenboer wie de fornaemste kaert út it hiele kaertspul. Jy koenen der in flesse drank mei komme litte. Dy't Skoppenboer tusken syn kaerten hat, dy wint it altyd.
nl.verhalenbank.24299
Minse Griper liet soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dy bigounen dan to dânsjen. Hy koe ek in flesse drank komme litte troch in spylkaert. Mar op in kear doe woe net ien dy flesse drank oannimme, doe hat er hast dea west. Doe ha se gau ien ophelle, dy't him oankrige.
nl.verhalenbank.23791
Wy kommen us in kear fan Eastemar ús mem en ik. Doe't wy oan 'e Fjouwer Roeden ta wienen, kom Minse Griper der oan. Dy sei: "Sjoch, jonge, hjir hast in boltsje fan my." Mem sei: "Net oannimme." Wy roannen binnen troch en hy makke in hiele omwei nei Houtigehage. Mar hy wie der folle earder as wy, hwant hy wie der hinne flein.
nl.verhalenbank.23790
Ritske Postma kom us by de Houtigehaechster wyk. Hy wie doe noch net troud. Oan 'e oare kant de wyk dêr wenne âlde Jetse Jel mei har dochter. Jel wie in tsjoenster, woarde der altyd sein. Doe seach Ritske dy beide froulju de wyk delkommen. Sy woenen oer de wyk. Ritske seach dat se in biezemstok tusken de skonken hienen. De mem en de dochter sieten foar...
nl.verhalenbank.21634
Alde Rikele Myt en noch in frommeske wienen op wei nei de hemel ta. Rikele Myt wie in tsjoenster en koe fleane. Hja sei tsjin 't minske: "Gean my mar op 'e rêch sitten." Sa fleagen se dêr togearre hinne. Doe't se oan 'e himel ta wienen sei Myt: "Hobbe - hobbe - hobbe -" De hemelbewaerders wienen bang woarn en útnaeid en doe makken hja gau dat se yn 'e...
nl.verhalenbank.28403
Piter Scheper koe de lju útklaeije op 'e wei. Piter Scheper koe de lju steanlitte op 'e wei.
nl.verhalenbank.23821