2,560 datasets found
Dutch Keywords: toveren Place of Narration: De Westereen
Ael hat ek in jonkje bitsjoend, dat wenne in hiel ein fan har ôf. Sy liende dêr by dy lju in sek, dy't se brûke moest, sei se om in pear beantsjes to terskjen. Mar sa'n sek hie se wol tichterby krije kind. Dêr hoefde se sa'n ein net om fuort. It bern is deagong.
nl.verhalenbank.21079
Doe't pake noch jong wie, wie 't in raer man ('t wie Jelle van der Wal). Hy koe de minsken stean litte en dat died er ek wol us. En hy koe de froulju samar útklaeije litte, dat se op it lêst neat mear oan hienen.
nl.verhalenbank.21534
Ek in kear, doe hied er in spul kaerten omheech smiten en doe siet it as in swellenêst tsjin 'e souder oan.
nl.verhalenbank.29791
Ik haw us in keppel katten byelkoarren sjongen heard. Se songen in psalm, 't wie hiel dúdlik. Mar doe't ik der oan ta wie, wie der neat mear. Alde Jehannes Postma wie by my. It ha tsjoensters west.
nl.verhalenbank.21468
Stammerige Harm wie in tsjoenster. Hy wenne yn in hiel lyts húske. Dêr wie mar ien bêd yn. Op in kear doe kom der in famyljelid, dy moest dêr oernachtsje. Doe moest er by stammerige Harm yn 't selde bêd sliepe. Midden yn 'e nacht fornaem er Harm net mear. Hy taestte om him hinne en doe lei der in greate pounse njonken him. Mar Harm sèls wie fuort.
nl.verhalenbank.20564
Yn Twizelerheide, tichte by ús mem en dy, wenne in tsjoenster. As bern mochten wy net in muntsje fan 't minske oannimme. Dat woe mem net lije. Hja hat faek bern bitsjoend. Dan gongen se mei 't mûtske fan 't bern nei de duvelbander ta. Dat wie nei 't Wytfean, nei Jonge Jan of nei Kûkherne, nei greate Wopke. Wopke joech altyd in fleske mei guod mei. Dan sei...
nl.verhalenbank.36528
Sytske mei de bult wie der ek us yn kom, doe siet har buchel ûnder 'e spinreagen. Doe wie se troch 't dak hinne kom. It wie in âld tsjoenster.
nl.verhalenbank.20567
Neist myn hûs op in stik lân hat in hûske stien, dêr wennen in mem en in dochter. Durke Hylk hiet it minske. Hja koe tsjoene. De dochter wie gebucheld. Myn heit en in broer fan my gongen op in joun in kear in sânreed del. Dy wie ôffrede fan in stik lân dêrnjonken mei wol seis lagen skerpe tried boppe elkoar. Doe kom Hylk it lân del en gong lyk op 'e tried...
nl.verhalenbank.19330
Wie der ien bitsjoend, dan gongen se nei de duvelbander. Dat wie Wopke to Kûkherne. Dy joech in drank mei. Dan sei er: "Jim matte 't fleske goed beethâlde. En as der jim aenst ien passeart, tink der om en gean him noait foarby oan 'e kant dêr't jim it drankje ha. Ek al matt' jim der troch yn 'e sleat, dat is better as him oars passeare."
nl.verhalenbank.36338
Ielke hie forkearing mei Baeije. Baeije har mem leefde net mear. Hja sieten ris togearre yn tachterhûs. Dêr hat Ielke hwat mei har bileefd. Hy wie der even út gong. Doe't hy der wer yn kaem wie Baeije fuort en der lei in pânse foar har yn 't plak. Hy is letter wòl mei Baeije troud. 't Wienen Ielke v.d. Meer en Baukje Elzinga. Ek Stammerige Harm liet soms...
nl.verhalenbank.36570
Hjir hat ek in tsjoenster wenne dy hie hoarnen op 'e kop. Dy mocht noait by de bern komme, hwant dat wie net heal fortroud. Der binne ek tsjoensters dy bitsjoene bargen. Dan dogge se duveldrek yn 't foer.
nl.verhalenbank.36360
De katten forgaderen meielkoarren. Dat wienen de tsjoensters. Dan jankten se allegearre. Dat neamden se wol psalmsjongen. De tsjoensters moesten ien kear om 'e sawn jier ien deatsjoene. Dienen se 't net, dan gongen se der sels oan.
nl.verhalenbank.26204
Imke de Jong siet yn 'e gefangenis. Der sieten guon by him yn 'e sel. De sipier die de doar op slot. Doe smiet Imke even mei de pet tsjin 'e doar oan en hy wie wer iepen.
nl.verhalenbank.25443
Hanne Kramer hat hjir by 't kanael wenne (de Swemmer). Dêr hat in plaets stien. Dêr wied er boerefeint. Hanne Kramer koe fleane waerd der altyd sein. Dy plaets, dêr koenen jy allinne mar oer 't wetter komme. De boer brocht Hanne jouns mei syn boat oer 't wetter. De boer seit: "Hwannear komst thús? Hwant ik wol dy sa let net werhelje." Hanne seit: "Gean...
nl.verhalenbank.36414
Der wie in ploechje manlju yn 'e Westerein dat hie syn wurk yn Arum, achter Ljouwert. 't Wie polderwurk dat se dêr dienen. Dêr wurke Hanne Kramer ek. Mendeis gongen se dêr to foet hinne. Mar as de maten mendei-to-moarns by Hanne kamen om dy oan to heljen, lei Hanne op bêd. Dan sei er: "Gean mar fuort, ik kom wol." As syn maten yn Arum oankamen wie Hanne...
nl.verhalenbank.36415
Stammerige Harm roan altyd mei in sekje op 'e rêch. Dêr hied er guod yn dat er opskoaide. Hy seach der sútrich út en wenne yn in hiel âld klintsje. Hy koe tsjoene. Fan jild hie er noait forlet. Moest er jild brûke, dan hong er de lege ponge bûten oan 'e doar. De oare moarns wie dy fol jild. Hy hie ek in wikseldaelder. Wy hienen hjir in winkelman, dat wie...
nl.verhalenbank.34623
Fan ien dy't hynder en wein stil stean litte kin ha 'k wolris heard en ek wol dat guon mei skoppenboer in flesse drank komme litte kinne. Mar dat leau ik samar net.
nl.verhalenbank.32050
Oan 'e Dykswâl, by de Swemmer lâns, stie in stiennen hûs, dêr wennen twa húsgesinnen yn. Yn 't fortrekje dat op 'e feart útseach wenne in Dykstra, yn dat nei it oasten wenne Antsje, in âld-frou allinne. Antsje wie in tsjoenster, seinen se. Albert wie ien fan 'e bern fan Jurjen Dykstra. Dy woarde syklik. Doe kaem der in buorfrou by harren. Dy sei: "Kin 't...
nl.verhalenbank.36579
Mem fortelde, hja en har kammeraetske wienen ris op Ljouwerter merke. Doe woenen se yn 'e swarte spegel sjen. Earst seach har kammeraetske yn 'e swarte spegel. Dêr kaem mem har broer yn to stean. Mar dy hat se net krigen. Mem krige in persoan to sjen, dy koe se net. Mar it kloppe wòl. Letter is se mei dy persoan troud. Hy wie tige donker. It wie myn heit.
nl.verhalenbank.36551
Foar tsjoensters dienen se duveldrek ûnder 'e drompels. Wie der ien bitsjoend dan gongen se nei Wopke om in drankje. In tsjoenster foroare har samar yn in swarte kat. De katten forgaderen soms. Dêr psalmsongen se by.
nl.verhalenbank.36357