Hjir skean oer de wei wenne âlde Willemke. Dat wie in tsjoenster. Wy moesten der jouns faek hinne om molke. Dan sei se: "in healmingelen molke of in mingelen molke." Hja hie 't hier noait útkjimd en seach der o sa raer út.
Heit sei: "As se jim hwat jaen wol, dan matte jim altyd tinke: - Duvel, dû krigest my net!" Dy gedachte hienen wy altyd by ús, as wy...
nl.verhalenbank.34551
By de feart wenne hjir froeger in âld minske dy't ek foar in tsjoenster trochgong. Tichteby wenne in famke. Dat woarde siik en kaem to forstjerren. It praetsje gong altyd dat dat âld minske it bern deatsjoend hie.
nl.verhalenbank.36335
Alde Piters Willemke, as dy der op út wie to tsjoenen, dan lei der by har thús in grouwe pânse op bêd. Dêr slepte Piter dan nachts by.
nl.verhalenbank.29759
Oene Kempenaar koe mear as in oar. Hy wenne yn Sweagerbosk. As ien hiel bot út 'e noas blette en it woe net wer ophâlde, dan rôpen se him der by. Dan sei er: "Nou mat it ophâlde, net?" En dan wie 't mei 't noasblieden dien.
nl.verhalenbank.36283
In broerke fan my moest koemolke ha. Dat krige er altyd fan Willemke. Mar doe koe mem it op in oar plak in heale sint guodkeaper krije. Doe krige er it dêr wei.
Mar doe woarde myn broerke siker.
Doe hie Willemke him gau bitsjoend, sei ús mem.
Letter is er wer better woarn.
nl.verhalenbank.36334
As wy in tsjoenster seagen froeger, setten wy gau in krús op 'e wei. Dan koe se der net lâns komme.
nl.verhalenbank.19538
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje, meastal yn in swarte kat. Hjir wenne in âld minske yn 'e Westerein, dat wie Piters Willemke. Op in kear hie dat minske de earm stikken. Doe seinen de minsken: dêr ha jy it al. Hja is grif tsjin 'e triedden oanflein. Hwant se seinen doe dat Willemke fleane koe.
nl.verhalenbank.36333
Ik wie in famke, doe gong ik mei ús beppe nei in forgadering. Doe't wy weromkamen, seagen wy op in heidefjild in keppel katten. Dy wienen moai oan 't sjongen. "Dat binne tsjoensters," sei beppe, "dy hâlde dêr in forgadering."
nl.verhalenbank.36535
Ik ha by de Baersma's yn 'e tsjinst west. Alde Baersma krige 't oan 'e knibbel en dat like net sa aerdich. Hy hie twa skoansoannen. De iene wie dokter (Theo de Jager to Kollum), de oare wie doomny.
De dokter behandele de knibbel, mar 't skeat neat op. It woarde earder minder as better.
Ik kom mei âlde Baersma to praten. Ik sei: "Jo matte nei Oene ta...
nl.verhalenbank.36284
Ik haw sels ek ris by Oene Kempenaar west. Doe hie 'k myn earm forknoffele. Mar ik hie doe noch gjin fortrouwen yn syn kunsten en wurke him tsjin. Hy sei: "Dû wolst net meiwurkje, baeske, dû mast moarnjoun nochris in kear komme."
Ik kom de oare jouns wer. Hy wreau de earm, preuvele der hwat wurden by, dêr't ik neat fan forstie en ik wie wer better.
nl.verhalenbank.36285
Wy wennen yn in winkelhûs. Achter ús wenne in âld minske yn in lyts húske. Dat wie Aeltsje. It wie in tsjoenster.
Op in moarn stie Aeltsje by in beam. Hja makke nuvere gebeartens mei de earms, dy't se omheech hâldde nei de beamkrúne ta, krekt as soe se melke. 't Like ek wol op fleanen. It like nuver. Us buorfamke helle har op en brocht har by ús. Dêr lei...
nl.verhalenbank.36536
Myn man wie mei nòch ris ien mei hynder en wein achter Kollum. Doe kommen se op in plak, der koenen de hynders noait fierder. Dêr wie hwat dat net doogde. Myn man koe 't net sjen, mar de hynders wòl. Dy wienen binaud.
nl.verhalenbank.36522
Der binne minsken dy kinne oaren stean litte. Ik ha sa'n ien wol kend.
nl.verhalenbank.20786
Dy't in apel fan in tsjoenster oannimt kriget in pod yn 'e mage.
nl.verhalenbank.21481
Alde Karste Lamke hie lapene popkes. Dêr stuts se mei spjelden yn. 't Wie in greate tsjoenster.
nl.verhalenbank.21085
As Durke Hylk der oan kaem, setten wy as bern gau mei de klomp in krús op 't paed, dan koe se ús neat dwaen.
nl.verhalenbank.19337
Op in kear kom der in fremde kat by lju yn 'e hûs. 't Wie yn 'e Westerein. Se ha dy kat in slach joun. De oare moarns wie der in frommes, dat tichteby wenne, kreupel. 't Wie Piters Willemke, in echte tsjoenster.
nl.verhalenbank.21469
Mei skoppenboer kinne guon in flesse mei drank (jenever) komme litte. It giet mei in weddenskip. "As ik him bistel," seit deselde dy't de lege flesse mei skoppenboer yn 'e hân hat, "dan mat ien fan jimmes de folle flesse oankrije."
't Is al ris yn 'e kaserne gebeurd.
Doe krige in soldaet dy flesse oan. Hy hie him raemd mar hy wie him fuort yn 'e hannen...
nl.verhalenbank.25141
Imke de Jong hat mei myn skoanheit ûnder tsjinst west. Hy helle allerhande fiten út ûnder tsjinst en dan kaem er wer yn 'e cachot. Ek in kear, doe hie er wer hwat úthelle, doe sieten se him achternei.
Oan 'e iene kant fan 'e kaserne yn Ljouwert wie in gracht. Doe hie Imke syn jas útlutsen en dy yn 'e gracht smiten. En doe gong er dêr op dy jas sitten.
nl.verhalenbank.29790
As de tsjerne bitsjoend is en men kin gjin bûter krije, dan mat men siedend wetter yn 'e tsjerne jitte.
Dan geane dyselden dea dy't de boel bitsjoene.
nl.verhalenbank.21482