2,560 datasets found
Dutch Keywords: toveren Place of Narration: De Westereen
Alde Piters Willemke waerd wol neamd 'Ald wjok'. Hwant Willemke koe fleane. Willemke tsjoende krânsen yn 'e kessens.
nl.verhalenbank.36823
Alde Willemke, de tsjoenster, dy't skean foar ús oer wenne, ha se wolris fleanen sjoen. Willemke koe har foroarje yn in kat. As hja der nachts op út wie, to tsjoenen, liet se de pânse achter. Hja moest yn sawn jier tiid ien deatsjoene, oars gong se der sels oan.
nl.verhalenbank.34615
As de tsjoensters jouns fuortgongen gebeurde 't wol dat se de oare moarns mei in stikkene earm of skonk thúskommen.
nl.verhalenbank.26205
Jan Oenes wenne yn Sweagerbosk. As hy der op út wie liet er syn pânse thús. Hy koe tsjoene. Sa is er op in kear stoarn. Doe bleau syn pânse achter. Der ha guon hinne west to sjen. Der lei in roune bult op 'e strjitte. Dat wie syn pânse.
nl.verhalenbank.30103
Oan 'e Swemmer wenne in âld minske, dat wie in echte tsjoenster. Dy hat wolris ien deatsjoend wurdt der biweard. Jy koenen der ek net hwat opite. Der hat ris in man hwat by har opiten. Doe't hy der wei kom wied er bitsjoend.
nl.verhalenbank.36359
Alde Piters Willemke wie in tsjoenster. Alde Piter woe net by har sliepe. Hy lei nachts yn 't hok yn 'e hounekarre. Dan lei Willemke yn 'e keamer. Piter sei: "Ik wol nachts net by in pânse op bêd lizze." Hja foroare har nachts yn in kat, sa gong se der op út to tsjoenen. Har pânse liet se thús achter.
nl.verhalenbank.34565
Ien dy't bitsjoend is, en dy komt to stjerren, sa'n ien wurdt net stiif.
nl.verhalenbank.20908
Heit handele wol yn skiep. Hy hat wol guon hawn, dy kwynden wei. Dan hie Jan Oenes se bitsjoend.
nl.verhalenbank.20920
Ik leau fêst oan foartsjirmerij. Dat praet gjin minske my út 'e holle wei. Mar tsjintwurdich wol men dêr net mear fan wite. Dêrom hâld ik my mar stil. Mar ik fornim genôch. Nachts falt der hjir wolris in planke del of hwat oars yn it hûs, dat it komt der skielk wei. Dêr bin 'k wis fan.
nl.verhalenbank.19421
Katten (tsjoensters) hâldden nou en dan forgaderingen. Dan songen se psalmen.
nl.verhalenbank.36578
Soms hâldden de tsjoensters in forgadering. Hja foroaren har dan yn katten, meastal in stik of sawn tagelyk. Hja sieten yn in rounte op in stikje greidlân to sjongen.
nl.verhalenbank.34622
Yn 'e Westerein hat in tsjoenster west, dy gong der yn 'e nacht altyd op út to tsjoenen. Hja en har man slepten byinoar, mar as hja der op út wie, dan lei der in kouwepânse njonken de man op bêd.
nl.verhalenbank.24579
Der binne minsken dy kinne har sels in lint ta de noas útlûke. Doe't Ringer sa'n jonge baes wie, hat er us sjoen dat ien dat die.
nl.verhalenbank.20723
Om gjin tsjoensters yn 'e hûs to krijen leinen wy duveldrek ûnder 'e drompel, ek wol foar de drompel. Dan koe de tsjoenster der net ynkomme. De bern droegen faek duveldrek op it boarst, yn in lapke binaeid oan in eintsje tou. Dan koe de tsjoenster har neat dwaen.
nl.verhalenbank.36341
Ik hie in kammeraetske, dat wie Minke. Op in kear wie ik by Minke en dy yn 'e hûs, doe sei Minke: "Wolst ek ris hwat sjen?" Doe krigen har bruorren in toverboek. Dêr bigongen se yn to lêzen en doe kamen der allegear swarte roeken ta de hurddobbe út. De hiele keamer rekke fol. Sy fladderen dêr mar om. Ik waerd deabinaud. Doe lêsden se itselde achterút en...
nl.verhalenbank.36552
Willemke, tsjin ús oer, koe har foroarje yn in swarte kat. Op in kear ha se dy kat topakken krige en in opdonder jown. De oare deis lei Willemke siik op bêd.
nl.verhalenbank.34621
Soms joegen se in kat in skop, dan hie de tsjoenster even letter in seare skonk. Dan roun se kreupel.
nl.verhalenbank.36426
Tsjoensters matte om 'e sawn jier ien deatsjoene. Oars geane se sels dea.
nl.verhalenbank.36557
Tsjoensters foroarje har yn katten. As katten hâlde se forgaderingen. Dan psalmsjonge se.
nl.verhalenbank.20731
Stammerige Harm hie èk in wisseldaelder. Dy hied er ek fan 'e duvel, seinen se. Der waerd ek wol biweard dat Harm tsjoene koe, mar ik haw der gjin ûnderfining fan.
nl.verhalenbank.30087