Doe't myn skoanmem stoar, is der op 't selde momint by ús in wite knyn stoarn.
nl.verhalenbank.29562
Doe't ik yn Westergeast wenne, hearde ik dêr altyd dúdlik de klok lieden. Dan wist ik altyd krekt as der wer ien stjerre soe. Dat hearde ik oan it lieden.
nl.verhalenbank.21440
As in houn spûkgûlde, wie der meast in wike of trije letter in sterfgefal.
nl.verhalenbank.29557
Frijmitselders binne oan 'e duvel forkocht. Hja hawwe in wikseldaelder. As se hielendal gjin sinten mear ha hingje se de lege jildpong jouns oan 'e doar. De oare moarns is er fol.
Om 'e sawn jier mat der in frijmitselder dea.
nl.verhalenbank.36767
As der ien trije drippen bloed út 'e noas falle, dan giet er dea.
nl.verhalenbank.21604
As der eksters by in hûs kamen, dan kom der in sterfgefal yn 'e buert. De eksters binne dan de boardskippers.
nl.verhalenbank.29561
Ik haw in kammeraedtske hawn, dat wie Sjoeke. Dy wenne yn 'e Westerein. Har âlde mem kom by har yn to wenjen. Dy hie aerdich hwat sinten, mar dy rekken op. Doe wie Sjoeke hounsk tsjin 't âld-minske.
Op in kear gong se mei de feint to reedriden. Hja lei har mem achter de bêdsdoarkes del.
Doe't se werom kommen fan it riden wie har mem dea.
Letter wie 't dêr...
nl.verhalenbank.21669
As ik yn Westergeast by myn dochter útfanhûzje, en de klok fan 'e toer let, dan gebeurt it faek dat ik siz: Hark, nou wurdt der fan 'e wike ien op 't hôf brocht. It mist my noait. Ik hear it oan 'e klank fan 'e klok. Hjir yn 'e Koaten hear ik it trouwens krekt like goed. It sit him net yn 'e klok, hwant in oar heart it net. It sit him yn my sels. Ik haw...
nl.verhalenbank.27974
Sa'n trije jier lyn kom âlde Antsje fan 'e Twizelerheide yn 'e hûs (sjoch B65-168 en 169), doe stie der in deakiste by har oer 'e flier. Antsje tocht: hoe kin dit? Sy skrok der tige fan. In skoftsje letter, doe wie de kiste wer fuort.
Hja koe 't har net begripe hwat dat bitsjutte moest.
In troude dochter fan har, dy't net sa jong mear wie, rekke siik. By...
nl.verhalenbank.27977
Rin noait by nacht midden op 'e wei, seinen se froeger altyd, hwant jo kinne dan oan kant set wurde troch in lykstaesje.
nl.verhalenbank.29556
Us mem en dy soenen us in kear nei 't Fean ta. Dêr roannen se hinne. Sy hienen in lytse jonge by har. Doe seagen se ûnderweis in lykstaesje oan 'e oare kant de wei. Dat doogde lang net. Sy binne fuort werom gong.
nl.verhalenbank.22316
As in houn deads spûkgûlt, giet der ien dea. Dat giet altyd troch. Koartlyn is 't hjir noch gebeurd. Mar de houn mat dan echt spûkgûle.
Yn Westergeast wennet myn dochter. De buorlju dêr hienen in houn. As der ien op 't hôf kom, gûlde dy houn altyd de jouns fan tofoaren.
Dêr hienen de lju sa'n hekel oan, dat sy ha him forkocht.
nl.verhalenbank.21597
Us mem sei soms, as se de klok lieden hearde:
"Hwat let de klok wer raer. Der komt wer in deaden."
nl.verhalenbank.29691
Net neilknippe op snein. Letter, nei de dea mat men dy stikken neil wer opsykje. Dy't klean oan hat op syn stjerbêd, dy't op snein naeid binne, kin net stjerre.
nl.verhalenbank.36766
Ik haw in dochter wenjen yn Westergeast. Dêr wie ik us. Doe gongen ik en myn dochter togearre dêr op stap nei it café, dêr't de heit en de broer fan myn skoanmem wennen. Doe't wy dêr in skoft sitten hienen wie 't al aerdich let, sahwat alve ûre. Doe soenen wy dan mar wer fuort. Myn dochter sei: "Mem mat my mar yn 'e earm nimme, hwant it is nochal hwat...
nl.verhalenbank.21434
In minske moat by joun of by nacht noait midden op 'e wei rinne, hwant dan kin er in rare reis meitsje. Dan rinne jy by in lykwein op en ploffe der achter wer by del.
Men kin ek wol oan kant skoud wurde.
nl.verhalenbank.22317
Oan 'e Wedze is ek al ris ien formoarde woarn. Dêr hat lang in krús fan yn in ikebeam sitten op it plak dêr't de moard gebeurd is. Sy seinen dat dat krús der fansels wer yn kom as de beam ôfkapt woarde en hy groeide wer oan.
nl.verhalenbank.32674
Ik ha in skoftsje yn Westergeast by myn dochter wenne. Sjoerd syn mem wie tige siik. Sy rekke deamin nei 't sikenhûs ta. Elkenien forwachte dat se stjerre soe. Mar ik sei tsjin Sjoerd: "Jimme mem komt wer."
"Gjin sprake fan," sei er, "dat kin ommers net. Sy leit op 't stjerren."
Ik sei noch us: "Sy komt wer, sy rêdt it."
In fjirtsjin dagen letter koe 't...
nl.verhalenbank.21436
Wy ha dat fan mem har heit. Dy wie ek sa.
Wy wennen flak by 't tsjerkhôf yn 'e Falom. As de klokken letten, dan sei er: "Hark".
"Hwat is der, pake?" fregen we.
"Binnen trije dagen komt der wer in deaden op 't tsjerkhôf", sei er. En dat gong altyd troch.
nl.verhalenbank.21584
Bindert Reitsma hat de bank yn Twizel. Dy wie tige min. De minsken tochten dat er it net helje soe. En dat tocht ik sels ek.
Doe kom ûnforwacht syn buorman to forstjerren troch in autoûngelok.
Ik sei: "Nou giet Bindert net dea."
"Hoedat sa net?" sei myn soan.
Ik sei: "Ik haw dêr in bigraffenis sjoen. Ik ha miend dat it dy fan Bindert wie, mar it wie dy...
nl.verhalenbank.21585