As in tsjoenster binnen sawn jier tiid net ien deatsjoende, dan moest se sels dea.
nl.verhalenbank.37353
Hy fortelde it yn Eastemar. Dêr forstoar ridlik gau neitiid in kreamfrou, mar dy wie it net.
Letter forstoar der wer ien, dy wie 't ek net. Nòch letter forstoar der foar de trêdde kear ien. Ek dy wie it net. De fierde dy't kaem to forstjerren, dy wie it.
Dy wie troud mei in broer fan syn wiif. Mar dat barde earst twintich jier letter. Alles wie krektengelyk.
nl.verhalenbank.32490
Fan 'e tsjoensters moest der om 'e sawn jier ien dea, oars gong se der sels oan.
nl.verhalenbank.29506
Troude ien en 't foel forkeard út, dan seinen se: "Dy hat yn 'e swarte spegel sjoen."
Se ha yn 'e swarte spegel sjoen bitsjutte ek: dan stoar der ien; dan gebeurde der hwat dat de minsken treurich of ûngelokkich makke.
nl.verhalenbank.37376
Ik ha wol ris heard, as in deade net meikrijt yn 'e kiste dat him takomt, dan krijt er gjin rêst. Dan oppenearret er him wer nei de dea.
nl.verhalenbank.24079
As in houn spûkgûlt komt der fêst in sterfgefal.
nl.verhalenbank.26308
Spûkgûlde in houn, dan seinen se, dat der mei gauwens ien dea gong.
nl.verhalenbank.29523
As in houn spokgûlt dan giet der mei gauwens ien dea.
nl.verhalenbank.25361
Doe't ik njoggen jier âld wie, lei myn beppe op it stjerbêd. Mar sy koe mar net stjerre. Doe binne der buorlju kaem en dy gongen hinne en knipten har alles stikken hwat se mar oan hie. Doe stoar se.
Dy klean wienen op snein makke woarn.
nl.verhalenbank.26324
Myn omke hie in foardochter. Dat wie Romkje. Dy moest nachts alles sjen. Dy wie mei de helm geboaren. Nachts gong se der op út. Sy wist altyd hwa't der stjerre soenen.
nl.verhalenbank.25836
As minsken froeger net stjerre koenen, dan woarde har it buordtsje fan 'e mouwe kapot knipt. Dan gongen se samar dea.
nl.verhalenbank.25376
As der in skilderij delfiel, dan seiden se: "Der komt in doden." En dat komt ook út.
Wij hè 't bij ús thús had, doe fiel der in skilderij del. Doe sei myn moeke: "Daar komt wat achter wei."
De ene rouwbrief na de andere kwam. Overal kwamen de berichten weg, allemaal van familieleden.
nl.verhalenbank.24287
Yn 'e Koaten wenne in boer, dy syn frou kom to forstjerren. Op in kear gong hy de wei út, doe roan se njonken him. Hy sei: "Gean mar werom; ik wyt wol hwerst' om komste." Doe hat er datjinge dien, hwat er salang neilitten hie.
nl.verhalenbank.15730
Wybrand Hovius fan Lutjegast fortelde my ris, yn Westerhorn by Grypskerk, tichte by 't spoar, dêr wie ris in keppel jongfolk byelkoar to jounpraten. Ien fan dy mannen swetste mar raek en sei: "Ik bin foar gjin duvel bang."
Doe seinen de oaren ûnder elkoar: "Wy sille him ris bang meitsje."
Ien fan dyselden gong de oare jouns, doe't it tsjuster wie, op in...
nl.verhalenbank.24075
Myn omke, Jan-om, tsjinne yn Grinslân by in boer.
Jan-om wie in raren ien, dy stie nergens foar. Dat wie algemien bikend. Dêrom praetten guon ûnder inoar ôf, hja woenen him ris bang meitsje.
Doe wie der ien by 't tsjuster op in dongpost stean gong mei in wyt lekken om. Doe wie Jan-om thús kaem en dy seach dat. Hy bleau stean en sei:
"Een spook op een...
nl.verhalenbank.37357
Yn Driezum dêr is ris ien by de tsjerkedoar stean gien mei in wyt lekken op. It wie jountiid en hy woe ien bang meitsje, dy't dêr lâns moest.
Doe't dy der oankaem bleau er stean en sei: "Ien spûk ha 'k wolris sjoen, mar noait twa op elkoar."
Deselde dy't him bang meitsje woe wie stoarn fan skrik.
nl.verhalenbank.37356
Yn Twizelerheide sei in famke us op in joun tsjin har mem: "Sy ha âlde Antsje ek al biklaeid." Sy hie 't sjoen. Mar de oare moarns leefde Antsje noch. Mar in dei of hwat letter is âlde Antsje samar ûnforwachts forstoarn.
nl.verhalenbank.15737
Achter de Ham by in poel hearden guon minsken us de stimmen fan twa bern. Letter binne dêr twa bern fordronken.
nl.verhalenbank.15734
Bontsje Keeke (= Knjillis Veenstra) wie mei de helm geboaren. Dy seach de bigraffenissen foarút. Hy gong dan yn 'e nacht nei 't tsjerkhôf ta, dêr woarde er hinne dreaun. Hy hat fan to foaren de bigraffenis fan syn eigen dochter sjoen, dy't fordronken is.
nl.verhalenbank.24072
Myn skoandochter har heit, Wybrand Hovius fan Lutjegast fortelde, by Faan hienen guon oan 'e kant fan 't wetter stien en doe hienen se in lûd heard: De tijd is verschenen, de man is er niet. In skoftsje letter wie der ien oanfytsen kom en dy wie dêr fordronken.
nl.verhalenbank.24066