De duvel fan Earnewâld sei, as er stoar, dan woed er in baerch foar de kiste ha.
nl.verhalenbank.20325
Frijmitselders matte de dodenrit meitsje, en dat is net bêst.
As men yn sa'n klub sit mat men wol wite dat der om 'e sawn jier ien dea mat. Dêr wurdt om lotte.
nl.verhalenbank.22994
Mem hie in muoike, dat wie Hiltsje Alles Adema. Hja wie troud mei Hidde van Houten, in timmerman to Grins.
Hiltsjemoai forstoar yn 1883 en kom yn Garyp ûnder 'e ierde. Us mem wie doe swier fan myn jongere broer Tseard. Mar sy woe by de biïerdiging fan Hiltsjemoai yn Garyp wêze en sy hat der ek hinne west.
Mar doe't Tseard geboaren woarde, wie dy alhiel...
nl.verhalenbank.22982
Alde Tsjerke Bet har mem Marij (Douwe' Marij) wie in tsjoenster. Doe't se in lyk wie, bleau se slap. krekt sa slop as in spouns. Sy hat noait stiif west lyk as in gewoan minske. Dat is mei alle tsjoensters it gefal.
nl.verhalenbank.21334
As in houn spûkgûlt komt der in sterfgefal. Jan Wiberens de Haan fan Garyp hat yndertiid syn frou forlern. Hja hienen in moai hountsje. Alle nachten spûkgûle it beest. Doe't de frou forstoarn wie, wie 't dien.
nl.verhalenbank.32115
Ik wie sa'n oardeljier lyn by de Kilometerwei ûnder Aldegea. Dêr stie 'k to sjen nei it terrein fan it ierdgas. Wylst ik dêr stie hie 'k hiel sterk it gefoel dat dêr ien fordronk. Ik sei: "Ik mat hjir wei, ik kin hjir net bliuwe." Ik wist net hwa en hwat dêr fordrinke soe.
Nou in healjier lyn is Riemmer Benedictus dêr op 't selde plak fordronken.
Dat hat...
nl.verhalenbank.22980
Der wienen twa mannen oan 't meanen. Der roan in merry mei in fôlle njonken har yn 't lân.
Doe gong de iene ynienen oer de sleat en snapte de fôle. Dy makke er dea en iet dêr in grou stik samar rou fan op.
Doe sei syn kammeraed: "Giet dat hjir sa?"
"Ja," sei de oare, "ik ha tiden, dan mat ik hwat forskuorre om op to iten. It is in gelok dat dy fôle hjir...
nl.verhalenbank.31531
As men yn 'e nacht midden op 'e wei rint, wurdt men soms oan kant treaun troch in lykstaesje, dy't passeare mat.
Sa'n lykstaesje sjogge jo net.
nl.verhalenbank.22993
As it lyk in snein oerstie, stoar der gau wer ien.
nl.verhalenbank.31508
Mem har suster koe net stjerre, doe't it sa fier wie.
Doe bikende har dochter Jits, dat it âld-minske hie in himd oan, dat hja (Jits) op snein foar har makke hie. Doe ha se in knip yn dat himd dien en doe stoar ús muoike samar.
nl.verhalenbank.21347
Doe't âlde Piter Poes, de duvelbander fan Sumarreheide, biïerdige woarde, lei der snie. Syn lyk kom yn in deafet, dat op 'e leider set woarde. Sa woarde er oer de snie nei 't hôf ta sleept. ('t Gebeurde ± 1900)
nl.verhalenbank.21786
It wyfke fan Starum, dat sa ryk wie, is to Dokkum op 'e stoepe stoarn, wylst se dêr oan it biddeljen wie.
nl.verhalenbank.21791
Oan 'e Simmerdyk ûnder Burgum hat om 1920 hinne Jan Kikkert earst syn wiif de hals útsnien mei in skearmes en doe himsels. It bloed, dat dêrby op 'e muorre kaem, woe der letter noait mear ôf.
nl.verhalenbank.31564
Op 'e Harste seach ien de lykstaesje fan syn eigen kolbroer.
nl.verhalenbank.24631
Omke Binne seach ris op in joun in bigraffenis. It wie in lykwein mei allegear folk yn rouklean der achter oan.
Hy moest oan kant gean, oars rekken se him. Mar yn werklikheit wie der neat. Letter wie de echte bigraffenis dêr op 't selde plak dêr't omke Binne him sjoen hie. Omke wie doe noch by pake en dy yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.32495
Evert Kobus wenne yn Nyegea. Hy hat him ophong neidat der him in minske yn 'e mjitte kaem, dy't al lang dea wie.
nl.verhalenbank.32120
Douwe Baeije sei op in moarn: "Der komt wer in deaden. Dat sil Ulkje wol wêze, hwant ús houn docht oars neat as spûkgûlen. Dan sit er mar foar 't lytse finsterke op 'e stoel en sjocht dy kant nei Ulkje hyltyd út."
Baeije hat gelyk krige. Ulkje is koart dêrnei stoarn.
nl.verhalenbank.22793
Spûkgûlen fan in houn tsjut op in sterfgefal. It komt altyd út. As in houn spûkgûlt stjert der fêst ien hiel gau.
nl.verhalenbank.31506
Greate Taeke (= T. Wagenaar, byneamd Syngsang) wenne yn 'e Westerein fan Garyp. Dy wie mei de helm geboaren. Nachts moest hy der wolris ôf, om nei in lykstaesje to sjen, dy't dêr lâns kom. Hy wist dan wer hwa't der stjerre soe.
nl.verhalenbank.23116
As de klok deadsk lette, seinen se, kom der ek hiel gau in sterfgefal.
nl.verhalenbank.31507