Yn 'e Westerein dêr stie in hûs, dêr mochten wy net komme.
Dêr spûke 't yn. Mar ik ha 't spûk noait sjoen.
nl.verhalenbank.29568
Yn 'e Koaten roan froeger in strûpte fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.29290
Der hie ek us in spoek oan 'e âlde reed op in molkbus sitten mei in aengesicht foar. Feikje koe net sjen of it in frommes of in man wie.
nl.verhalenbank.22310
Yn 'e Koaten hat jierrenlang in hûs leech stien. Dat wie it hûs fan Fokke Radema. Yn dat hûs spoeke it altyd, seinen se. Dêr doarst net ien yn. De doarren gongen fansels iepen en ticht en der roannen nachts guon yn om.
nl.verhalenbank.20680
To Hurdegaryp stiet in villa dêr is in singel by. By de wei is in izeren hek. Dat kinne se wol ticht dwaen, it giet altyd fansels wer iepen. Dêr kuijeren altyd in hear en in jiffer yn dy singel om. Dy spûken dêr. As jy goeijenavend seinen, seinen se neat werom.
nl.verhalenbank.33549
Hjir tichteby op Mûntsjetille wenne in frou, dat wie Feikje Postma. Dy wie troud mei Albert Alma. Hja is in pear wiken lyn stoarn.
Op in joun sei se: "Ik haw in spoek sjoen. 't Is in frommes. Hja rint altyd oan myn hûs ta, fan 'e feart ôf. Ik sei tsjin Albert: - Ik wol har hjir net langer ha - Doe is Albert der út gong, achter it spoek oan. Wy ha 't...
nl.verhalenbank.22309
Yn Ljouwert spûke in wite dame.
nl.verhalenbank.29563
Doe't ik in jonkje wie fan in jier of fiif, seis, nou sa'n tachtich jier lyn, hearde ik fortellen, dat der yn it boskje op Koatstermoune altyd in swarte juffer spoeke. Dat is my altyd bybleaun.
nl.verhalenbank.20854
By de Bosk yn 'e Harkema roannen twa neakene bern. Der woarde altyd foar warskôge, dêr moest men net lâns gean. Dy bern wienen dêr formoarde, wie 't sizzen altyd. Dy wienen hjir of dêr bistoppe. Dy koenen de rêst net krije.
nl.verhalenbank.22312
Hjir yn 'e buert hat in hûs stien, dêr spûke it yn.
Dêr roan nachts in frommes troch hinne.
nl.verhalenbank.29699
Froeger gong it paed wol gauris oer in tsjerkhôf hinne.
Der wienen us twa dy woenen ien bang meitsje.
Se wisten dat dyselde dêr lâns komme soe. Sy gongen boppe op elkoar stean, elk mei in lekken om, by de muorre op.
Doe sei deselde, dy't dêr lâns kom: Ik ha wol us twa boppe op elkoar stean sjoen, mar noait dêr noch in trêdden boppe op. Doe woarde de...
nl.verhalenbank.29294
Beppe hat by in boer yn Grinslân tsjinne. Dêr wienen in greatfeint en in lytsfeint. Dy lytsfeint doarst der wol to wêzen, dy wie de brutale kant neist en stie suver foar neat.
Op in kear woe de greatfeint him bang meitsje. De greatfeint brocht it hynder nei 't lân ta, doe wie 't al skimerich. Werom moest er oer in barte, dy't oer in brede sleat hinne lei....
nl.verhalenbank.29293
De frou út Hoensbroek, dêr't ik it nyskes oer hie, doarst nei tolven net by 't tsjerkhôf lâns, hwant, sei se, dan spoeken de geesten dêr om.
nl.verhalenbank.32670
Yn 't Godloas tolhûs - dat wie froeger in âld húske - dêr wennen twa âlde froulju yn. De wei dêrnjonken rint fan 'e Falom nei Ikkerwâld.
Dy froulju hienen aerdich hwat sinten en sy hienen ek in hiel fjild mei skiep. Om sahwat 1870 hinne ha se dy beide froulju formoarde en de sinten stellen. Sûnt spûket it dêr.
nl.verhalenbank.21592
As wy froeger yn 'e Westerein útfanhûs wienen, seinen se: "Tink der om, dêr en dêr dat paedtsje net lâns komme, hwant dan komt der jim in famke tsjin mei in read skelkje foar."
Dat fanke wie fordronken en spûke dêr letter om.
nl.verhalenbank.32669
Op in joun kom ik by de buorfrou wei en doe seach ik in greate auto by myn soan yn 'e daem stean. Myn soan wennet hjir njonken my. Der kom in greate man út dy auto, mei in hoed op.
Mar doe't ik der flak by wie wie der alhielendal gjin auto en ek net in mynhear. Mar ik hie goed yn my opnom hwer't ik dy auto stean sjoen hie, dat ik sette der in streek by....
nl.verhalenbank.21450
Doe't myn beide twillinkjes, dy't dea geboaren wienen, biierdige wienen, doe sei skoanmem: "Ha se wol kleantsjes meikrigen yn 't kistje? Hwant oars komme se skielk om 'e doarren hinne om klean."
nl.verhalenbank.29705
As de tsjerne bitsjoend wie woe 't net bûterje.
Mem hie der altyd in hekel oan as der ien by de tsjerne kom, hwant it koe us kwea folk wêze.
nl.verhalenbank.21668
Yn Reahel haw ik in âlde buorman hawn, dy hie yn syn jonge jierren boerefeint west yn Droegeham. Hy slepte yn in bêdsté yn 'e stâl. It doogde dêr net, it spûke der. Hy hie mei eigen eagen sjoen dat der op 'e koestâl in ammerke stie to dânsjen.
nl.verhalenbank.33536
Yn 'e droom hear ik faek in stem. Dy dielt my dan it ien of oare mei. Dêrtroch wyt ik fan alles, hwat der gebeure sil.
Ik haw trije beppesizzers, dy moesten alle trije in pop ha. Dy stem sei tsjin my: Twa derfan dat wurde jonges. Se komme allebeide Anders to hiten. (Ik wist net dat de heiten fan 'e manlju beide Anders hieten)
Tsjin 'e trêdde beppesizzer...
nl.verhalenbank.21442