2,467 datasets found
Dutch Keywords: spook Place of Narration: Opende
De bargen krigen hjir froeger altyd duveldrek ûnder 'e trôch. Dan soenen de tsjoensters gjin fet op 'e bargen krije kinne.
nl.verhalenbank.27999
Der wie in man, dy wie oan 't houtkappen. Doe skeat him de bile út 'e stok wei. Dy bile rekke krekt in aep en dêr is de frou út ûntstien. (niet volledig)
nl.verhalenbank.27609
Us heit kom thús út Eenrum mei de klaeikoarts. 't Woe net bikomme. Doe gong er nei Anders Spoelstra ta, dat wie in boer yn Surhústerfean. Se hienen him to rieden jown, hy moest molke ha fan in feare koe, dy't op syn minst yn gjin jier in kealtsje hawn hie. Heit wie sa siik as in houn en seach der min út. Hy moest deis in healmingel fan dy molke ha. Nei...
nl.verhalenbank.27147
By Ate Meter dêr wie altyd in grouwe, swarte kat om 'e doar hinne. Ate hie 't net op dy kat stean. Hy hie al in pear kear prebearre der in raem op to dwaen, mar hy koe him noait ûnder 'e hân krije. Op 't lêst hied er goed oppast. Doe't de kat der wer oankom hied er in dikke kneppel yn 'e hân, doe die er de doar fluch iepen en sloech ta. Hy rekke de kat....
nl.verhalenbank.25988
Froeger seagen de manlju wolris yn 'e swarte spegel. In man, dy't oarspronkelik fan 'e Houtigehage kom, hie der èk yn sjoen. Doe seach er de frou, dêr't er letter mei troud is. As in man in kiste krige to sjen yn 'e spegel, dan soed er net trouwe.
nl.verhalenbank.25963
By in sikere Sjirk yn 'e Pein kaem op in moarn in ekster op it hiem stappen. Sjirk sei tsjin syn frou: Nou is der ien yn 'e famylje stoarn. Ja, sei syn frou, ik soe fan 'e moarn de geit melke; 't beest wie pûr. Dyselde moarns krigen se in roubrief oer de post. Der wie ien út 'e famylje stoarn.
nl.verhalenbank.31916
Froeger waerden der jouns faek twa ljochtsjes sjoen oer de dyk. Dan seinen se: "Dêr komme mei de tiid huzen to stean." Mar dy huzen steane der noch net. Wol sil dêr in nije wei komme, tsjin 'e Skieding oer, dêr't wy wenne ha.
nl.verhalenbank.32012
Wy ha op 'e Noarder Dwarsfeart wenne to Drachten. Ik wie doe noch in jonge. Wy wennen yn in hûs, dêr spoeke it. Dêr woe net ien yn wenje. Op in kear doe leinen wy op bêd. Heit en mem slepten yn in bêdsté yn 'e keamer. Doe kom der hwat op it bêdsbuordtsje springen. 't Wie in nachtmerje. Heit krige him topakken. 't Wie krekt in dier. 't Wie glêd. Hy tocht:...
nl.verhalenbank.24116
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Doe kommen der guon by him, dy fregen him hwer't Hearke wenne. Doe tilde er de ploege op en hy stuts him mei syn iene hân rjochtút en hy wiisde der mei en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.23137
Hjirneist is us it hûs ôfbrand. Twa maenden fan tofoaren hie ik it al brânnen sjoen. Ik haw doe ús buorman roppen heard. Ik fortelde it in oare buorfrou. Dy sei: "It is net bêst dat dat gebeurt." Mar it gebeurde in pear maenden letter wol degelik.
nl.verhalenbank.23136
Dêr't nou de garages fan De Bruin binne, dêr wie froeger in spoekedaem. Dêr doochde it net. Guon ha dêr wolris hwat sjoen. (Nou komt dêr in fuotbalterrein.)
nl.verhalenbank.32013
Yn Drachtster Kompenije wennen twa âlde minsken, dy frou hie faek lêst fan in nachtmerje. Sy hienen in drompel, dy wie hwat forsakke. Dêr kom de nachtmerje mei de kop ûnder 'e doar troch. Op in nacht stie de âld man mei de kneppel ré. Hy tocht: nou sil 'k dy leare myn wiif to pleagjen. Doe't de kop fan 'e nachtmerje to foarskyn kom, sloech er ta. 't Wie...
nl.verhalenbank.24117
Op 'e klaei gebeurde 't wol dat nachts by de boer de tsjerne gong. Dat wie foartjirmerij. De oare deis woarde der wer tsjerne.
nl.verhalenbank.25962
Der wienen us guon by Rikele Myt troch de hage krûpt om yn 't hôf to kommen. Der siet in gat yn 'e hage. 't Wie jongfolk, se woenen ta de apels. Doe't se de bûsen fol hienen, en wer fuort woenen, koenen se noait it gat yn 'e hage wer fine. Sy ha der wol in ûre nei socht. Op 't lêst joegen se 't oer. "As wy de apels nou ris weigoaije", sei der ien fan har....
nl.verhalenbank.25989
Ienkear haw ik in pleachbeest by my hawn. 't Like op in swarte kat. Us mem gong altyd nei de feestjes mei de koekjestromp. Op in kear kom ik mei har werom fan De Pein. 't Wie ljochtmoannewaer. Doe wie der in swart beest achter ús, net greater as in kat. 't Bleau ús hyltyd mar folgjen en 't wie flakbij. Ik skopte der op. Mar 't bleau by ús. In hiel ein hat...
nl.verhalenbank.27146
In nicht fan mij hat in Eestrum woond. Sy woonde doar in in huuske, doar was in olle man formoard. Se sei: "Doar is in plak op 'e muur, doar sit it bloed noch op, en dat kan er nooit uut. Noait, moar dan ook noait!"
nl.verhalenbank.26338
Se seinen froeger algemien: noait midden op 'e wei rinne, hwant der kin ris in lykstaesje oankomme dy't men net sjocht. Dan wurde jo samar oan kant reage.
nl.verhalenbank.27998
De bijen sjong yn 'e krystnacht. As de bijker forstjert forset men de kuorren.
nl.verhalenbank.27032
In Lukaswolde, gemeente Grotegast, woonde een frou, die zei al een dag of wat van teforen: die en die wordt dan en dan begraven. 't Kwam altijd uit. Ze was mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.37989
Sy dienen froeger hjir altyd duveldrek ûnder 'e drompel, dan koe de tsjoenster net yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.27542