2,641 datasets found
Dutch Keywords: spook Place of Narration: Boelenslaan
Alde Hindrik IJe (Jehannes potkarre syn skoanheit) wenne yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema. Dy roan mei 't pak. Hy hie in fluwielen sek op 'e rêch, dy wie mei koarden ticht strûpt. Hy wie in greate foarse keardel. Op in joun soed er nei hûs ta. Hy wie sahwat oan 'e Staetsskoalle ta dêr't de Singel bigjint. Doe stie dêr oan 'e kant fan 'e hage in keardel....
nl.verhalenbank.21215
Doe't wy noch mar krekt troud wienen, wienen ik en Miente (myn man) us togearre nei 't Fean ta to jounpraten. Op 'e weromreis yn 'e nacht, doe't wy by it Blauhûs de wei nei de Loane ynslein wienen, hearden wy hwat, dêr't we beide stil fan woarden. Wy kommen deun by elkoar en sa bleauwen wy stean. It wie noait liker as gong der in swerm bijen troch de...
nl.verhalenbank.17700
Yn 'e Harkema binne yn 'e Bosk fjouwer berntsjes yn in hûs forbrând. Sûnt spûkje dy berntsjes dêr altyd om.
nl.verhalenbank.28280
Wy wenje hjir op it Wyldfjild by de Trije Roede. Us famke kom us in kear thús, alhiel oerstjûr. 't Wie yn 1958. Sy trille der oer. "Hwat nou?" sei 'k. "Heit," sei se, "der leit in hiel dik swart ding yn 'e sleat." Ik ha der hinne west to sjen, mar 'k ha neat sjoen. Letter praette ik der oer mei Kees Bijma, dy't hjir tichte by wennet. "It spûket hjir, hè?"...
nl.verhalenbank.24904
Wy ha us op 'e klaei yn Grinslân oan 't wurk west. Dat wie fuort by Leens. Wy slepten by de boer yn 't lytshûs, hwant yn 'e skuorre koenen wy net wêze. Dêr spoeke it. Ien kear, yn 'e nacht ha 'k it sjoen, mei noch in pear oaren. Der stie in hege gedaente yn 'e skuorre. Fan kleare binaudens binne wy werom roan.
nl.verhalenbank.21894
Hjir flak by stie in hûs, dat wie al in pear kear opbrând. De lêste kear wie der fé mei yn forbrând. Dêr joegen se ien de skuld fan. Yn dat hûs doogde it letter net. Der stie jouns in man neaken yn 'e hoeke fan 'e keamer. Sy wolle wol ha dat dat dyselde wie dy't it spul opbrând hie en dat er dêrtroch gjin rêst krije koe. Dy wie doe al dea. De minsken dy't...
nl.verhalenbank.24443
Us mem fortelde, der wie in jonge feint, dy moest moarns altyd nei 't lân ta to skiepmelken. Op in kear kom der in wite gedaente op him ta. Dêr wie dy jonge binaud foar en hy gong werom. Dat gebeurde de oare deis wer. Doe sei de arbeider fan 'e boer, dêr't dy jonge wie: Nou sil ik dêr ris hinne. Hy hie in stik izer by him. Hy wachte by de barte dy't oer...
nl.verhalenbank.28319
Op it tsjerkhôf yn 'e Boelensloane sieten froeger in soad kninen. Op in nacht gongen der twa maten hinne om guon to fangen. Doe't se dêr goed en wol mei dwaende wienen, seagen se dat der in trêdden oan kaem. Dy woe ek kninen fange. Dy koenen se better net brûke, dat sy tochten, wy sille him goed bang meitsje, dan naeit er wol út. Doe gongen se boven op...
nl.verhalenbank.17681
Ik wie boerefeint yn Surhuzum. Op in kear kom ik de moarns fjouwer ûre ta de plaets út, doe seach ik dat der ien yn 't hôf wie. Ik tocht: dy sit ta de apels. "Goeije morgen", sei 'k, mar hy sei neat werom. Ik sei nochris fan "Goeije morgen", mar hy sei wèr neat. Ik tocht: Hâld dy dan mar stil. Ik gong nei de wei ta. Mar doe't ik op 'e wei wie en fierder...
nl.verhalenbank.25254
Us heit en dy wennen op 'e Langewyk. Heit en mem hienen dêr in winkeltsje. Doe kom dêr op in kear in frommes by heit yn 'e winkel, dy hie har man forlern. Sy sei tsjin heit: "'k Ha myn man sjoen." "Dat kin net", sei heit. "Wier," sei se, "ik haw him sjoen." "As 't wier is, wol ik him èk wolris sjen", sei heit. Doe hied er tofolle sein. Op in kear kom heit...
nl.verhalenbank.24381
Der wie in faem, dy wenne by de boer. Sy hie dêr net in bêst plak en woarde och sa min bihandele. Dy faem woarde siik en stoar. De boer hâldde it guod fan 'e faem. Doe gebeurde it, dat dy faem alle nachten by de tsjernmoune kom en dêr leven makke. Hja kom dêr om har guod. Doe ha de boer en de frou har guod by elkoar pakt en yn in sek dien en dy op in joun...
nl.verhalenbank.28335
Gerke Veenstra wie in forwoest man. Syn earste frou wie dea. Doe troude er wer. Willemke hiet syn twadde wiif. As er jouns by syn wiif op bêd lei, hearde er hiel dúdlik klopjen op it bêdsbuordtsje. Syn wiif hearde it net, hy allinne. It wie syn earste frou, dy't kloppe. Hy hie har net sa moai bihandele. It klopjen bigong altyd krekt om deselde tiid. Doe...
nl.verhalenbank.28334
Op 'e Tille hat in hûs stien, dêr woe net in minske yn wenje. Hwant it spoeke dêr. Alle jounen kom der ien by de doar. Dy kom út it graef wei. As se fregen: - Hwat matte jo -, dan sei 't spoek neat werom. Doe gongen se op in kear nei de doomny ta. Dy kom der by. En dy, het it spoek oansprutsen. Hy sei: "Hwat binne jou forlangens?" Doe sei se, hja hie net...
nl.verhalenbank.21539
Heit en Durk Bolwyn gongen der togearre wol mei de karre op út om matten to forkeapjen, dy't se sels makke hienen. Sy skouden de karre om beurt, de oare siet dan op 'e karre. Mar doe't se op in kear tusken 't Jachtfjild en 't Blauhûs wienen, gong de karre almachtige swier en 't rattele yn 'e speaken, dat de iene die de oare in forwyt. Mar gjin fan beiden...
nl.verhalenbank.17673
Yn 'e Houtigehage wie us ien stoarn, dy kom nei de dea hyltyd wer. Doe ha se in dûmny ophelle dy't dyselde forstoarne oansprutsen hat. De dûmny frege hwat syn bigearte wie. Doe sei er, hy hie gjin deaklean meikrige doe't er stoarn wie. Doe ha de minsken op oanrieden fan 'e dûmny op in joun deaklean foar him op 'e tafel lein. Dy nachts kom de forstoarne en...
nl.verhalenbank.17735
Us folk wenne op 'e Houtigehage. Ik wie sa'n acht jier âld. Ritske van der Meer kom wolris by ús om in jounpraetsje. Dan hienen se 't meastal oer spûkjen. Ik wyt noch, dat Ritske ris in kear fortelde: "Ik hie in kear fuort west en ik stapte op hûs yn. Doe kom der in dikke houn njonken my lâns. Ik seach nei him, en ik liet him stil gewurde. Mar doe wie 't...
nl.verhalenbank.25327
Yn Droegeham stiet in plaets, tichte by de Tille. 't Is op ien nei de lêste. Dêr wennet Albert Buma op. Froeger wie dêr in feart. Der hat doe in boerefaem op dy plaets tahâlden, dy gong der nachts altyd ôf. Dan bigong se to skrobjen en to bjinnen en to dweiljen en dan makke se alles skjin. Sy hie altyd foar moade it wetter út 'e feart to heljen en wylst...
nl.verhalenbank.21213
Om 1800 hinne wenne der op 'e Boelensloane in famke, dat hie har mem forlern. Dat famke hie it dêr sa bot mei to krijen, dat sy die elke dei de winsk, sy woe har mem wer sjen. Doe op in joun hearde hja sljurkjende fuotstappen foar it hûs. Sy harke en it hart sloech har der fan hwant it wienen har memme fuotstappen. En doe seach se mei eigen egen har mem...
nl.verhalenbank.17638
Op 'e ein fan 'e Boelensloane, tichte by 't Blauhûs, wie froeger in paed mei houtsjes. Dêr spûke it altyd. In soad minsken ha dêr hwat sjoen. Dêr kom samar in hiele greate man út 'e sleat wei stappen mei wol sokke egen yn 'e holle (as thékopkes). Dy roan gewoan mei de minsken op en dan wie er ek samar ynienen wer wei. Ek wolris dat der in baerch mei har...
nl.verhalenbank.24903
Dêr't nou de fabryk fan Spinder is yn 'e Harkema, dêr wenne froeger dikke Fokke. De Fûgelkamp hiet it dêr. Fan 'e hurde wei ôf nei Fokke syn hûs ta roan in dyk (in hege wâl). Op in nacht wienen heit en Albert-om dêr togearre oan 't murdejeijen. Beide hienen se in goeije houn. Albert-om syn buorman Nicolai hie in dikke wite hiemhoun. Doe gebeurde it, dat...
nl.verhalenbank.21210